Stedspark (Frjentsjer)
Stedspark Stadspark | ||
De yngong fan it Frjentsjerter Stedspark. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
neiste plak | Frjentsjer | |
oare ynformaasje | ||
status | park | |
stifting | 1961 | |
behear | Gemeente De Waadhoeke | |
kaart | ||
Lizzing yn Frjentsjer.
|
It Stedspark (Nederlânsk en offisjeel: Stadspark) is in park yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It wurdt ek wol it Sjaerdamapark neamd.[1] It leit oan 'e Harnzerwei, in pear hûndert meter westlik fan 'e Frjentsjerter binnenstêd, en net fier fan it Gemeentehûs fan De Waadhoeke, dat fierder nei it westen ta oan deselde strjitte stiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Stedspark of Sjaerdemapark waard yn 1961 iepene. Yn 2015-2016 waard it nei 55 jier hielendal opknapt en fernijd, in projekt dêr't men tsien moannen mei oan 'e gong wie. Yn dy tiid waard û.m. de beskoeiïng fan 'e fiver fernijd, en ek waard der in stalt by it wetter oanlein. Guon beammen en strûken waard ferfongen en de rest waard bysnoeid. By de yngong waarden nije sitbanken pleatst en blommeperkjes oanlein.
It park waard op freed 17 juny 2016 fannijs iepene waard troch wethâlder Joop Bekkema fan 'e doetiidske gemeente Frjentsjerteradiel. Dyselde ûntbleate dêrby ek it stânbyld Renate, dat makke wie fan it hout fan in âlde kastanjebeam út it park, dy't op 28 oktober 2013 by in stoarm omwaaid wie. It byld krige nei de renovaasje fan it park in plakje deunby de yngong, dêr't earder de kastanjebeam stien hie.
Yn 2021 waard it Stedspark foar in grut part fernijd, wat ta in grutter bioferskaat yn it park liede moast. By de werynrjochting wie it útgongspunt dat de lânskippen fan 'e fjouwer gemeenten dy't yn 2018 opgien wiene yn De Waadhoeke (Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en foar in part Littenseradiel) weromkomme soene yn it park. Sa waard der oan 'e kant dy't grinzget oan 'e Harnzerwei in protte wetter mei hege wâlen oanlein, wat ferwize moat nei de Waadkust.
Oarspronklik wie men fan doel om foar de werynrjochting in protte fan 'e âlde beammen te roaien, mar dêr kaam fan 'e Frjentsjerters sa'n ferset tsjin, dat men derfan ôfseach. Sa bleau it fan hege esken beseamme 'Dreesleantsje' beholden, dêr't de stedsjers graach kuierje meie. Wol waard der in 'ytbere tún' oan it park tafoege mei û.m. toarnbosken en ierdbeieplanten, en waard oan 'e râne fan 'e eskebosk stinzefloara plante.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sjaerdemapark fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|