Springe nei ynhâld

De Waadhoeke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente De Waadhoeke)
De Waadhoeke

It Waad boppe Easterbierrum

wapen fan De Waadhoeke
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Haadplak Frjentsjer
Oerflak 316,00 km²
  •  dêrfan lân 283,95 km²
  •  dêrfan wetter 32,05 km²
Ynwennertal 46.894 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 145,6 ynw./km²
Sitferdieling gemeenteried
SAM GB FNP CDA VVD CU
7 7 6 6 2 1
Boargemaster Marga Waanders (PvdA)
Oprjochte 1 jannewaris 2018
Oant 1851 Gritenij Baarderadiel
Gritenij Barradiel
Gritenij It Bilt
Gemeente Frjentsjer
Gritenij Frjentsjerteradiel
Gritenij Hinnaarderadiel
Gritenij Menameradiel
1851-1984 Gem. Baarderadiel
Gem. Barradiel
Gem. It Bilt
Gem. Frjentsjer
Gem. Frjentsjerteradiel
Gem. Hinnaarderadiel
Gem. Menameradiel
1984-2018 Gem. It Bilt
Gem. Frjentsjerteradiel
Gem. Littenseradiel
Gem. Menameradiel
Ferkearsier(en) A31, N359, N384, N393
Netnûmer(s) 0517, 0518, 058
Postkoade(s) 8816, 8800-8856, 9030-9045, 9047-9079
www.waadhoeke.nl

De Waadhoeke (Nederlânsk: Wadhoek of Waddenhoek; offisjeel de tuskenbeiden foarm: Waadhoeke; Biltsk: Waddenhoek;[1] Frjentsjertersk: Wâdhoeke) is in gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't op 1 jannewaris 2018 ûntstie út 'e eardere Fryske gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel, mei dêropta in fjouwertal doarpen út Littenseradiel. Op 1 jannewaris 2024 hie De Waadhoeke 46.894 ynwenners (boarne: CBS). De gemeente hat in oerflak beslaan fan 316 km². It haadplak is de stêd Frjentsjer, dêr't ek it Gemeentehûs fan De Waadhoeke stiet.

De namme fan 'e nije gemeente ferwiist nei it Waad, om't de gemeente yn in 'hoeke' fan Fryslân oan 'e kust fan 'e Waadsee leit.[2] Der is op wiisd dat dizze namme strikt nommen eins inkeld fan tapassing is op It Bilt en it âlde Barradiel, mei't de parten fan 'e súdlike Bouhoeke en fan 'e Greidhoeke dy't ek ta de gemeente hearre, eins net folle op hawwe mei it Waad. Nettsjinsteande dat kinne de measte ynwenners har wol yn 'e namme fine, sa't bliken die út 'e útkomst fan it referindum dat oangeande dizze saak yn 2015 holden waard.

It stedhûs fan Frjentsjer.

Al yn 2011 waarden de earste tariedings troffen foar de oprjochting fan De Waadhoeke. Oarspronklik wie it de bedoeling dat ek de gemeente Harns yn 'e nije fúzjegemeente opgean soe, mar úteinlik besleat de gemeenterie fan Harns dêr lykwols fan ôf te sjen en selsstannich te bliuwen, net yn it lêste plak om't it dúdlik wie dat it gemeentehûs fan De Waadhoeke yn Frjentsjer komme soe, wat foar in protte Harnzers min te ferkropjen wie mei it each op 'e tradisjonele rivaliteit tusken de beide stêden. Koartsein woe Harns gjin "Franeker an see" wurde.[3]

De wurknamme foar de nije gemeente, dy't troch de amtlike organisaasjes fan 'e belutsen gemeenten brûkt waard, wie 'Westergo'.[4] Yn 2015 waard der yn twa omgongen in referindum holden ûnder de ynwenners fan 'e takomstige gemeente, wêrby't de minsken trije foarsortearre mooglikheden foar in offisjele namme foarlein krigen: 'Franeker', 'Nij-Westergo' en 'Waadhoeke'. De namme mei de minste stimmen foel yn 'e earste omgong ôf en dêrnei waard de lju nochris frege om tusken de beide oerbleaune mooglikheden te kiezen.

'Franeker', dat inkeld yn Frjentsjer populêr wie, foel as earste ôf; frijwol nimmen op it omlizzende plattelân woe de oerhearskjende posysje dy't de stêd yn 'e nije gemeente sûnder mis krije soe, nochris fuortsterkje troch de gemeente dernei te ferneamen. De oerbleaune mooglikheden, 'Nij-Westergo' en 'Waadhoeke', wiene beide net geef Frysk ('Nij-Westergoa' en 'De Waadhoeke') en net geef Nederlânsk ('Nieuw-Westergo' en 'Wadhoek'), en dêr kaam frijwat krityk op. Uteinlik keazen de measte takomstige ynwenners foar de namme 'Waadhoeke', dy't yn sawol it Frysk as it Biltsk it geefst oandocht.[5]

Begjin april 2019 makke it gemeentlik bestjoer fan De Waadhoeke bekend dat oan fiif doarpen yn 'e súdeasthoeke fan 'e gemeente de mooglikheid fan oansluting by de Gemeente Ljouwert foarlein wurde soe. It gie dêrby om Boksum, Blessum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl. Ofhinklik fan it draachflak foar soks ûnder de ynwenners fan 'e fiif doarpen, en de fraach oft de Gemeente Ljouwert dermei ynstimme woe, wie der wat De Waadhoeke oanbelange in grinskorreksje mooglik. Oant en mei de ein fan 'e simmer fan 2019 koe der yn 'e doarpen oer it plan diskusjearre wurde; yn it neijier moasten de ûnderskate ferienings fan doarpsbelang nei in enkête of in rûne-tafelpetear yn it doarp nei de gemeente ta mei in advys komme.[6]

Op 10 oktober 2019 makke de gemeente bekend dat neffens de útkomsten fan 'e holden enkêtes 83,7% fan 'e ynwenners fan 'e fiif doarpen leaver by De Waadhoeke bliuwe woene. Yn alle doarpen lei dat persintaazje boppe de 80% en yn Ritsumasyl wie it sels hast 90%. Yn Marsum wie de measte animo foar de oerstap nei Ljouwert: 14,9%. Trochinoar hie fan 'e ynwenners fan 'e doarpen 53,4% oan 'e enkête meidien. Al mei al kaam de kommisje dy't foar de eventuële grinskorreksje ferantwurdlik wie, ta de konklúzje dat der gjin draachflak bestie foar in grutte grinskorreksje en dat de sitewaasje dus bliuwe soe sa't er wie.[7] Wol woe deselde kommisje mei fertsjintwurdigers fan 'e Gemeente Ljouwert om 'e tafel om te sjen oft der ek inkele lytse grinskorreksjes mooglik wiene foar de oplossing pleatslike swierrichheden. Yn Alde Leie rûn de gemeentegrins nammentlik dwers troch in stikmannich eftertunen hinne, en yn Easterlittens hie in melkfeehâlderijbedriuw greiden yn twa gemeenten.[8] Ein maaie 2020 waard bekend dat de beide grinskorreksjes per 1 jannewaris 2021 yn it foardiel fan De Waadhoeke trochfierd wurde soene. Om't dy gemeente ek it ûnderhâld foar ferhurding en grien derby krige, wie ôfpraat dat Ljouwert in 'breidsskat' fan 57.000 meijaan soe.[9]

De Waadhoeke leit yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân en heart ta de Klaaistreek. It omfiemet parten fan sawol de Bouhoeke as de Greidhoeke. De gemeente hat yn it noarden en noardwesten in kustline oan 'e Waadsee. Yn it westen wurdt De Waadhoeke begrinzge troch de gemeente Harns, yn it súdwesten en suden troch Súdwest-Fryslân, yn it súdeasten en easten troch de gemeente Ljouwert en yn it uterste noardeasten troch Ferwerderadiel, dat op 1 jannewaris 2019 opgean sil yn Noardeast-Fryslân. Yn totaal hat De Waadhoeke in oerflak fan 316,00 km², wêrfan't 283,95 km² út lân en 32,05 km² út oerflaktewetter bestiet. Fan it oerflak fan 'e nije gemeente kaam 116,48 km² fan It Bilt, 109,17 km² fan Frjentsjerteradiel, 70,03 km² fan Menameradiel en 20,32 km²[10] fan 'e doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp út Littenseradiel.

It Gemeentehûs fan De Waadhoeke, oan 'e Harnzerwei yn Frjentsjer.

It lânskip fan De Waadhoeke wurdt sterk behearske troch agrarysk grûngebrûk, en bestiet yn it noarden benammen út ikkers dêr't jirpels op ferboud wurde, en yn it suden fral út greiden foar molkfeehâlderij. Ferskate savelige kwelderwâlen stykje soms 1 oant 1.50 m út boppe it omlizzende lân dat yn haadsaak út swiere seeklaai bestiet. De wichtichste ôfwetteringskanalen binne: de Berltsumer Feart, de Frjentsjerter Feart, de Menamer Feart, de Nije Faart, de Ouwe Faart, De Ryd, de Seisbierrumer Feart en de Súdhoekster Faart. Troch de midden fan 'e gemeente rinne ferskate wichtige ferkears- en ferfiersieren yn east-westrjochting. Dat binne it Van Harinxmakanaal (de ferbreding út 1951 fan wat oarspronklik de Harnzer Trekfeart wie), it spoar fan Ljouwert nei Harns (dat yn 1863 oanlein waard) en de autosnelwei A31 (dy't yn 1983 de âlde Ryksstrjitwei út 1842 ferfong).[11]

De Waadhoeke bestiet út 41 offisjele wenkearnen, wêrûnder 1 stêd, Frjentsjer, dy't it haadplak is, en 40 doarpen. Oangeande de offisjele plaknammen is yn 'e nije gemeente by de oprjochting de status quo hanthavene. Dat betsjut dat yn it eardere Menameradiel en de fjouwer doarpen dy't fan Littenseradiel kamen, de Fryske plaknammen offisjeel binne, wylst yn it eardere Frjentsjerteradiel en It Bilt de Nederlânske in offisjele status holden hawwe. Hjirûnder in opsomming fan 'e doarpen. Dêr't dat fan tapassing is, binne de Biltske plaknammen tusken heakjes werjûn.

Utsjoch op Furdgum.

Nij-Altena krige pas yn 2006 de status fan doarp en wie foartiid in útbuorren fan Sint-Anne. It doarp Kleaster Eanjum is op 1 jannewaris 1963 part fan Berltsum wurden, en ek de útbuorren Tutgum is opgien yn Berltsum.

Njonken de boppeneamde iene stêd en 40 doarpen lizze yn De Waadhoeke ek noch de folgjende buorskippen: Alsert, Barrum, De Beinten, Bessebuorren, Bonkwert, Buerstermûne (Froubuurtstermôln; foar in diel yn De Waadhoeke en foar in diel yn Ljouwert), Dearsum (Frjentsjerteradiel), Dykshoeke, Dyksterhuzen, Doaium, Erkens, Fâltum, Fjouwerhûs, De Flearen, It Fliet, Franjumbuorren, Glins, Hearema, 't Heechhout, Hemmemabuorren, It Hoarslân, Holpryp, De Kampen, Keimpetille, Kie, Kystersyl, Koehoal, Koüm, De Kreake, De Krok, Laakwert, Lankum, Lytselollum, Meamert, Miedum (Frjentsjerteradiel), Molswert, Nijebiltsyl (Nije-Syl), De Oasthoek (De Oasthoek), Ritsumabuorren, Ritsumasyl, Roptasyl, Salvert, Sânhuzen, Sitlum, Skyldum, Sopsum, Swaarderbuorren, Swarte Haan (Swatte Haan), Swettehoarne, Tallum, Teatlum, Tolsum, Tritsum, Tsjeppenbûr, It War, Weakens en De Westerein (Wjelsryp).

Op 31 desimber 2018 hie de Waadhoeke 46.163 ynwenners.[12] Dy wiene sa oer de gemeenten ferdield: 20.180 yn Frjentsjerteradiel, 13.439 yn Menameradiel, en 10.502 op It Bilt. Dizze sifers binne allegear fan 30 april 2017.[13] De fjouwer Littenseradielster doarpen dy't yn De Waadhoeke opgien binne, hiene op 1 jannewaris 2017 mei-inoar 1.901 ynwenners.[14] Op basis fan dizze sifers kin de befolkingstichtens fan De Waadhoeke fêststeld wurde op 145,6 minsken de km².

De Tsjerke fan Slappeterp.
De yn 2012 folslein restaurearre Tsjerke fan Baaium.
De buorskip Swarte Haan.
Menaam, sjoen fan 'e Slappeterpster kant ôf.
De Seisbierrumer Opfeart, mei op 'e eftergrûn Seisbierrum.
De Groate Kerk yn Sint-Jabik.

De stêd Frjentsjer is fierwei it grutste plak yn 'e gemeente, en Kleaster-Lidlum, yn it âlde Barradiel, is it lytste. Yn de ûndersteande tabel wurdt sjen litten hoe't de ynwenners krekt oer de ûnderskate plakken yn 'e gemeente ferdield binne.[15]

plak ynwenners teldatum
Frjentsjer 12.781 1 jann. 2014
Sint-Anne 4.395 1 jann. 2010
Dronryp 3.281 1 jann. 2017
Menaam 2.609 1 jann. 2017
Berltsum 2.529 1 jann. 2017
Seisbierrum 1.744 1 jann. 2014
Minnertsgea 1.680 1 jann. 2010
Tsjummearum 1.414 1 jann. 2014
Sint-Jabik 1.390 1 jann. 2010
Tsjom 1.164 1 jann. 2014
Marsum 1.052 1 jann. 2017
Winsum 1.038 1 jann. 2017
Deinum 990 1 jann. 2017
Bitgummole 911 1 jann. 2017
Bitgum 792 1 jann. 2017
Aldebiltsyl 735 1 jann. 2010
Achlum 629 1 jann. 2014
Easterbierrum 561 1 jann. 2014
Froubuorren 560 1 jann. 2010
Wjelsryp 463 1 jann. 2017
Rie 435 1 jann. 2014
Boksum 405 1 jann. 2017
Ingelum 386 1 jann. 2017
Doanjum 326 1 jann. 2014
Nij Altena 295 1 jann. 2010
Spannum 282 1 jann. 2017
De Westhoek 280 1 jann. 2010
Peins 260 1 jann. 2014
Hjerbeam 253 1 jann. 2014
Hitsum 225 1 jann. 2014
Wier 210 1 jann. 2017
Pitersbierrum 140 1 jann. 2014
Skalsum 134 1 jann. 2014
Baaium 118 1 jann. 2017
Sweins 116 1 jann. 2014
Skingen 115 1 jann. 2017
Blessum 89 1 jann. 2017
Slappeterp 85 1 jann. 2017
Furdgum 60 1 jann. 2014
Boer 48 1 jann. 2014
Kleaster-Lidlum 38 1 jann. 2014
Utsjoch op Boksum.

Ein desimber 2017 waard bekend dat Haijo Apotheker, fan D66, yn 't earstoan waarnimmend boargemaster fan De Waadhoeke wêze soe. Hy waard op 30 oktober 2018 opfolge troch Marga Waanders fan 'e PvdA, dy't oant dy tiid boargemaster fan Dongeradiel west hie.[16] De gemeenterie fan De Waadhoeke bestiet út 29 sitten. Op 22 novimber 2017 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan De Waadhoeke.

De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:[17]

partij ferkiezings 2017[18] ferkiezings 2022[19]
stimmen % sitten stimmen % sitten
CDA 4.129 25,9% 8 3.638 19,5% 6
SAM Waadhoeke¹ 3.422 21,5% 6 4.404 23,6% 7
GBW 3.235 20,3% 6 4.311 23,1% 7
FNP² 2.929 18,4% 5 3.650 19,6% 6
VVD 1.494 9,4% 3 1.644 8,8% 2
KristenUny 714 4,5% 1 1.017 5,4% 1
totaal 15.923 *44,1% 29 18.664 *50,4% 29

¹) In fúzjepartij besteande út de pleatslike ôfdielings fan 'e PvdA, GrienLinks en D66, mei dêropta de lokale Biltske partij Werkgroep Het Bildt (WHB).
²) Behalven de pleatslike ôfdielings fan 'e FNP is hjir ek de Biltske nasjonalistyske partij Frije Bilkerts yn opgien.
*) Opkomstpersintaazje.

Yn De Waadhoeke wurde, njonken it útlânske Nederlânsk, trije lânseigen talen sprutsen, nammentlik it Frysk yn Frjentsjer en yn 'e doarpen fan it eardere Frjentsjerteradiel, Menameradiel en Littenseradiel; it Frjentsjerterske dialekt fan it Stedsk yn 'e stêd Frjentsjer; en it Biltsk yn 'e doarpen op It Bilt. Yn 2021 stelde De Waadhoeke as earste fan 'e doe besteande Fryske gemeenten in meartalichheidskoördinator oan om 'e wikselwurking tusken de ûnderskate talen yn 'e gemeente te koördinearjen en it gebrûk fan 'e trije minderheidstalen yn 'e gemeentlike organisaasje te befoarderjen.

Yn De Waadhoeke wurde jiers ferskate wichtige kulturele eveneminten holden, lykas de PC, it hichtepunt fan it keatsseizoen, yn Frjentsjer, en it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jong, Gerard de, Ferbreke, yn: de Ljouwerter Krante, 8 febrewaris 2022, s. 13
  2. Waadhoeke heeft als naam alles in zich, ynstjoerd stik yn: de Frjentsjerter Krante, 11 novimber 2015.
  3. Joustra, Wio, Franeker de geest, Harlingen de pret, yn: de Ljouwerter Krante, 23 april 2011, taheakke Sneon en Snein, s. 10.
  4. Gemeenteraden stellen Waadhoeke officieel vast als naam fusiegemeente, yn: de Frjentsjerter Krante, 26 jannewaris 2016
  5. Kluis, Eric de, Friese fusiegemeente heet Waadhoeke, yn: Binnenlands Bestuur, 21 desimber 2015
  6. Grosso, Maria del, Waadhoeke stelt vijf dorpen voor keus, yn: de Ljouwerter Krante, 6 april 2019, s. 22.
  7. ——, Grensdorpen blijven bij Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 11 oktober 2019, s. 1.
  8. ——, Kleine grenscorrectie Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 12 oktober 2019, s. 25.
  9. ——, Grond in twee dorpen gaat naar Waadhoeke, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maaie 2020, s. 33.
  10. Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel.
  11. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 858.
  12. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
  13. Boarne: Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS).
  14. Boarne: Tal Ynwenners per Doarp, webside Gemeente Littenseradiel.
  15. Boarnen: foar de plakken op It Bilt: Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS); foar de plakken yn Frjentsjerteradiel: Aantal Inwoners per Buurt/Dorp, webside Gemeente Frjentsjerteradiel; foar de plakken yn Littenseradiel: Tal Ynwenners per Doarp, webside Gemeente Littenseradiel; foar de plakken yn Menameradiel: Feiten en Cijfers, webside Gemeente Menameradiel.
  16. ——, Berndsen neemt waar in Dongeradeel, yn: de Ljouwerter Krante, 27 oktober 2018, s. 17.
  17. Boarne: Ljouwerter Krante,
  18. Utslaggen Ljouwerter Krante, 23 novimber 2017, s. 5.
  19. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
De Waadhoeke
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGetswertersylGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
· · Berjocht bewurkje