Rûchpoathinnen
rûchpoathinnen | ||
In auerhoanne (Tetrao urogallus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | hineftigen (Galliformes) | |
boppefamylje: | fazantfûgels (Phasianoidea) | |
famylje: | fazanteftigen (Phasianidae) | |
ûnderfamylje: | echte fazanten (Phasianinae) | |
tûke: | rûchpoathinnen (Tetraonini) | |
Leach, 1819 | ||
De rûchpoathinnen (wittenskiplike namme: Tetraonini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Earder waard dizze taksonomyske kloft wol yndield as in ûnderfamylje (Tetraoninae) of as in selsstannige famylje (Tetraonidae), mar yn 'e op ûndersyk fan mitogondriaal DNA basearre yndieling dy't yn 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) oanfurde waard, is it in tûke fan 'e echte fazanten wurden. Ta dizze groep hearre 22 soarten, wêrûnder de kalkoen (Meleagris gallopavo), de kuorhin (Lyrurus tetrix), de moerassniehin (Lagopus lagopus) en de auerhin (Tetrao urogallus).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûchpoathinnen libje yn 'e tuskenbeiden en subarktyske kontreien fan it noardlik healrûn, fan 28° NB yn noardlik Grienlân (de Alpensniehin) oant 83° NB yn Teksas (de prêrjehin). Se bewenje tige ferskate biotopen, fan nullewâlden oant iepen flakten en fan heide oant berchtmen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûchpoathinnen binne middelgrutte oant grutte fûgels. De hoannen (mantsjes) binne faak in stik grutter as de hinnen (wyfkes). De grutste soarte is mei 130 sm de kalkoen (Meleagris gallopavo), dy't lang yndield is by in eigen ûnderfamylje (de kalkoenfûgels, Meleagridinae), mar dy't op basis fan nij DNA-ûndersyk by de rûchpoathinnen heart. Dêrnei folget de auerhin (Tetrao urogallus) mei 90–100 sm. De lytste is de wytsturtsniehin (Lagopus leucura) mei 30 sm. Yn gewicht rinne rûchpoathinnen útinoar fan 270 g (de swartboarstboskhin, Tetrastes sewerzowi) oant 10 kg (de kalkoen).
Guon soarten, lykas de moerassniehin (Lagopus lagopus) krije hjerstmis by it ferfearjen in wyt kleed foar it winterhealjier, sadat se in skutkleur hawwe dy't harren helpt om wei te wurden tsjin in snieïge eftergrûn. By de sniehinnen (Lagopus) binne de skonken alhiel oerdutsen mei fearren. Winterdeis krije se ek fearren of skobben op 'e teannen, sadat se oer de snie rinne kinne. Krekt as in protte oare hineftigen hawwe ek by de rûchpoathinnen de mantsjes in protte fersiersels om mei te pronkjen, lykas kammen, lellen (yn it gefal fan 'e kalkoen), waaiersturten en opblaasbere, fel kleure stikjes keale hûd. Oars as by oare hineftigen hawwe de rûchpoathinnen (op 'e kalkoenen nei) gjin spoaren.
Tûke-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|