Springe nei ynhâld

Auerhinnen

Ut Wikipedy
auerhinnen
In auerhin (Tetrao urogallus).
In auerhin (Tetrao urogallus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: rûchpoathinnen (Tetraonini)
skaai: auerhinnen (Tetrao)
Linnaeus, 1758

De auerhinnen (wittenskiplike namme: Tetrao) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini).

Dit skaai omfettet twa soarten, dy't benammentlik boskeftige gebieten bewenje yn it noarden fan Jeraazje. It skaai fan 'e auerhinnen waard yn 1758 yn 'e taksonomy yntrodusearre troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn gesachhawwende Systema Naturae. Linnaeus joech it skaai de namme Tetrao, in Latynsk wurd foar in fûgel dy't yn 'e Romeinske Tiid faak bejage waard. It is net alhiel wis hokker fûgel dêrmei oantsjut waard, mar foar 't neist gie it om 'e kuorhin (Lyrurus tetrix). Oarspronklik wie dy soarte troch Linnaeus by de auerhinnen yndield, mar letter is er ôfspjalte ta it skaai fan 'e kuorhinnen (Lyrurus). De auerhinnen binne de grutste rûchpoathinnen fan 'e Alde Wrâld, en yn 'e Nije Wrâld binne inkeld de kalkoenen (Meleagris) grutter.

  • skaai auerhinnen (Tetrao)

Dêrnjonken binne der noch fiif fossile soarten bekend:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.