Willem Hellema
Appearance
Willem Hellema (Achlum, 30 novimber 1831 - Dantumawâld, 4 febrewaris 1906) wie in Nederlânsk boargemaster.
Hellema wie in soan fan predikant Hendrik Doekes Hellema en Magdeltje Beekhuis. Hy boaske yn 1865 oan Voske Kuipers (1833-1873). Harren dochter Elsje troude mei Titus Marius ten Berge, boargemsster fan Warkum en Frjentsjerteradiel. Harren soan Dirk Jan Jacob Hellema waard boargemaster in Gruttegast en Saandyk.
Hellema wie kandidaat-notaris yn Bûtenpost. Hy waard yn 1869 buoargemaster fan Achtkarspelen.[1] Teffens wie er plakfergangend kantonrjochter yn it kanton Burgum. Yn 1877 krige er earfol ûntslach dêr't er sels om frege hie.[2] Dêrnei waard er notaris yn Dantumawâld.
Hy stoar yn de âldens fan 74 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|