Springe nei ynhâld

Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2022

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2022

[boarne bewurkje]

Wike 1

Tan sri Michelle Yeoh (folút: Michelle Yeoh Choo-Kheng; Tradisjoneel Sineesk: 楊紫瓊; Ferienfâldige Sineesk: 杨紫琼; Mandarynske transliteraasje: Yáng Zǐqióng; Kantoneeske transliteraasje: Joeng4 Zi2-king4) (Ipoh, 6 augustus 1962) is in Maleizysk aktrise, model en dûnseresse fan etnysk Hokkineesk-Sineesk komôf, dy't yn har ierdere wurk wol de artystenamme Michelle Khan brûkt hat. Hja wie Miss Maleizje yn 1983 en krige bekendheid trochdat hja yn Hongkongske aksjefilms út 'e jierren njoggentich har eigen stunts die. Har grutste súkses as aktrise wie har rol yn 'e bekroande Sineesktalige film Crouching Tiger, Hidden Dragon. Yn it Westen rekke se benammen bekend troch har rol as Bond girl yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies. Sûnt 2017 hie se in weromkearende rol yn 'e nije Star Trek-tillefyzjesearje Star Trek: Discovery.

Lês fierder


besjen


Wike 2

De Lêste Glasiaal wie in glasiaal dy't duorre fan 117.000 oant 11.700 jier lyn. Dat tiidrek, dat in protte ûnderskate nammen draacht, wurdt troch leken ornaris oantsjut as de lêste iistiid, hoewol't wy eins no ek noch yn deselde iistiid libje: de Kwartêre Iistiid. Glasialen en ynterglasialen binne nammentlik kâldere en waarmere perioaden binnen in iistiid, en de lêste 12.000 jier libje wy yn in ynterglasiaal. De Lêste Glasiaal is it bekendste diel fan 'e Kwartêre Iistiid, en is yngeand ûndersocht yn Jeropa, Noard-Amearika, Sibearje, de Himalaya en oare regio's dy't doe ûnder in iiskape of gletsjer strûpten. Dêr hie fral it Noardlik Healrûn mei te krijen, en mar inkele gebieten op it Súdlik Healrûn, hoewol't de hiele wrâld de effekten fan 'e útwreiding fan 'e iiskapen ûndergie.

Lês fierder


besjen


Wike 3

De Afro-Aziatyske talen (giel op 'e lânkaart) foarmje in grutte taalfamylje fan likernôch 300 ûnderskate talen, dy't sprutsen wurde yn Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika, dielen fan West-Afrika, it meastepart fan it Midden-Easten en op Malta. Oare nammen foar de famylje binne Hamito-Semitysk, Semito-Hamitysk (beide no fierhinne yn ûnbrûk rekke) en Afraziatysk (nea bot yn gebrûk kommen). Fierwei de grutste taal fan 'e groep is it Arabysk, in dialektkontinuum dat rikt fan 'e Atlantyske Oseaan oant de Arabyske See. In oar bekend lid fan 'e famylje is it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel. It Malteesk is de iennichste Afro-Aziatyske taal dy't fan oarsprong bûten Afrika en Aazje sprutsen wurdt. Mei mear as 495 miljoen memmetaalsprekkers foarmje de Afro-Aziatyske talen anno 2018 de op trije nei grutste taalfamylje fan 'e wrâld (nei de Yndo-Jeropeeske, de Sino-Tibetaanske en de Niger-Kongoleeske talen). Njonken talen dy't hjoed de dei noch sprutsen wurde, omfettet de Afro-Aziatyske taalfamylje ek útstoarne talen, dy't ta de ierst oerlevere talen fan 'e wrâld hearre, lykas it Egyptysk út 'e tiid fan 'e farao's en it Akkadysk fan Assyrje en Babyloanje.

Lês fierder


besjen


Wike 4

De American Broadcasting Company (Ingelsk foar "Amerikaansk Omrop Bedriuw"), ornaris ôfkoarte ta ABC (útspr.: [e:bi:'si:], likernôch: "ee-bii-sii") (dat lykwols ek de namme is fan 'e wichtichste tillefyzjestjoerder fan Austraalje) is in Amerikaansk nasjonaal en kommersjeel radio- en tillefyzjenetwurk dat útstjoerd fia de eter. It bedriuw waard yn 1943 oprjochte en hat syn studiohaadkertier yn Burbank (Kalifornje), wylst it haadkantoar yn New York fêstige is. ABC, dat omreden fan dy ôfkoarting de bynamme 'it Alfabetnetwurk' draacht, is ien fan 'e 'Grutte Trije' Amerikaanske tillefyzjenetwurken, yn 'e mande mei CBS en NBC. Sûnt 1996 is ABC eigendom fan The Walt Disney Company, dêr't it ûnderbrocht is by de difyzje Disney Media Networks.

Lês fierder


besjen


Wike 5

Eugénie fan Montijo of Eugénie de Montijo (útspr.: [øʒe:'ni də mon'tiχo], likernôch: "eu-zjee-ny duh mon-ty-cho"; folút: doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick, 15e markizinne fan Ardales en 16e grevinne fan Teba) (Granada, 5 maaie 1826Madrid, 11 july 1920) wie in Spaansk ealfrouwe fan mingd etnysk komôf en de lêste keizerinne fan 'e Frânsen as de gemalinne fan keizer Napoleon III. Hja troude mei him yn 1853, in jier nei't er op 'e Frânske troan kommen wie. Doe't har man nei de Frânske nederlaach yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 ôfset waard, gie Eugénie yn ballingskip yn Ingelân, dêr't se oan har dea ta wenjen bleau. Se stoar yn 'e âlderdom fan 94 jier wylst se op famyljebesite yn Madrid wie.

Lês fierder


besjen


Wike 6

De Martinytsjerke (Nederlânsk en offisjeel: Martinikerk) is in tsjerkegebou yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It wie histoarysk sjoen de haadtsjerke fan 'e stêd, datearjend út 1422. De Martinytsjerke stiet yn 'e Frjentsjerter binnenstêd oan it Sint-Martinyplantsoen, dat mei in grutte bocht om it hiele gebou hinne rint. De toer en de haadyngong sjogge út oer de Bredepleats, in plein yn Frjentsjer dêr't de wykmerk holden wurdt. De Martinytsjerke hat de status fan ryksmonumint. Yn 2021 en 2022 wurdt in jier lang it seishûndertjierrch bestean fan 'e tsjerke fierd.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

De Amerikaanske marter (wittenskiplike namme: Martes americana) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e marters (Martes) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e marters (Martes), dêr't ek de beamotter (Martes martes) en de stienmurd (Martes foina) ta hearre, dy't yn Fryslân foarkomme. De Amerikaanske marter is lânseigen yn it grutste diel fan Kanada en Alaska en yn beheinde dielen fan 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten. Dit bist dielt syn ferspriedingsgebiet mei in oare martersoarte, de fiskmarter (Martes pennanti), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er lytser fan stal en ljochter fan kleur is.

Lês fierder


besjen


Wike 8

Lee Harvey Oswald (New Orleans, 18 oktober 1939Dallas, 24 novimber 1963) wie de Amerikaanske man dy't fermoedlik (neffens de offisjele lêzing fan 'e foarfallen) op 22 novimber 1963 te Dallas John F. Kennedy, de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten, en de plysjeman J.D. Tippit fermoarde. Hy wie in marksist dy't earder yn it Amerikaanske Marinierskorps tsjinne hie en dêrnei oerrûn wie nei de Sovjet-Uny. Hy brocht inkele jierren yn it Wytrussyske Minsk troch, dêr't er syn frou mette, ear't er mei har weromkearde nei de Feriene Steaten. Hy waard sels twa dagen nei de moard op Kennedy deasketten troch nachtklubeigner Jack Ruby. Sûnt geane der allegear geroften en gearspanningsteoryen om dy't hawwe wolle dat Oswald net de echte moardner mar in sûndebok wie.

Lês fierder


besjen


Wike 9

Tessaloniki (Gryksk: Θεσσαλονίκη, Thessaloníki, útspr.: [θɛsaloˈniːki], likernôch: "zes-sa-lo-nii-ky, Lûdsfragmint beharkje), ek wol ferkoarte ta Saloniki en histoarysk ek bekend as Tessalonika (bibelsk) en Salonika, is de op ien nei grutste stêd fan Grikelân (nei Atene). It is de haadstêd fan 'e tradisjonele regio Gryksk-Masedoanje, de bestjoerlike regio Midden-Masedoanje en ek fan it Desintralisearre Bestjoer fan Masedoanje en Traasje.

Tessaloniki leit oan 'e Termayske Golf, in baai oan 'e noardlike kust fan 'e Egeyske See yn it Grykske diel fan it histoaryske Masedoanje, dêr't de rivier de Axios yn see útmûnet. De stêd waard yn 315 f.Kr. stifte en ferneamd nei Tessalonike fan Masedoanje, de suster fan Aleksander de Grutte. Yn 'e Romeinske Tiid wie it in wichtige stêd, dêr't al ier in kristlike gemeente stifte waard. Yn it Byzantynske Ryk wie it de op ien nei grutste en rykste stêd nei Konstantinopel, en ek yn it dêropfolgjende Osmaanske Ryk spile Tessaloniki in rol fan belang. Nei krapoan fiif iuwen ûnder Osmaansk bewâld west te hawwen, kaam de doe multy-etnyske stêd yn 1912 by Grikelân te hearren. Anno 2011 hie Tessaloniki as stêd in befolking fan 325.000 minsken, wylst yn 'e hiele stêdekloft mear as 1 miljoen lju wennen.

Lês fierder


besjen


Wike 10

James Bond is in fan oarsprong Britske (no Britsk-Amerikaanske) mediafranchise dy't draait om James Bond, in geheim agint mei it koadenûmer 007 fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6. Dat no wrâldferneamde personaazje waard yn 1953 skepen troch de Britske skriuwer Ian Fleming. James Bond spile de haadrol yn tolve romans en twa ferhalebondels fan Fleming, en nei dy syn ferstjerren yn 1964 binne der fan acht oare skriuwers autorisearre romans en koarte ferhalen út 'e James Bond-searje ferskynd. Fan 1962 ôf rint der ek in filmsearje oer James Bond, wêrfan't yn 2021 it 25e of 28e diel ferskynde (ôfhinklik fan 'e fraach oft men de films meirekkenet dy't net troch Eon Productions makke binne). Dêrnjonken binne der stripboeken, fideospultsjes, in tekenfilmsearje, in companionboek en in rige soundtrackalbums yn it ramt fan 'e James Bond-franchise ferskynd. Fral de James Bond-films binne útwrydske populêr; se foarmje de langst rinnende filmsearje aller tiden (yn 2022 60 jier) en hawwe (sûnder ynflaasjekorreksje) yn totaal mear as $7 miljard opbrocht.

Lês fierder


besjen


Wike 11

In fleandekskip is type oarlochsskip dat tsjinnet as in mobile fleanbasis. It is tarist mei in saneamd fleandek, in grut plat boppedek, dêr't fleantugen fan opstiigje en op lânje kinne. It ierste fleandekskip waard yn 1918 boud, mar yn it Ynterbellum spilen sokke skippen oer it algemien in ûnderstypjende rol, mei't slachskippen lange tiid noch as de takomst fan eltse selsrespektearjende marine sjoen waarden. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch die yn 'e striid tusken Japan en de Feriene Steaten yn 'e Stille Oseaan lykwols bliken dat slachskippen al folslein efter de tiid rekke wiene, en dat moderne oarlochfiering op see ôfhong fan it besit en de juste ynset fan fleandekskippen. Tsjintwurdich beskikke mar in hantsjefol lannen oer ien of mear fan sokke skippen, mei't se rottekrûddjoer binne om te meitsjen en te ûnderhâlden.

Lês fierder


besjen


Wike 12

It Akkadyske Ryk (Akkadysk: 𒆳𒌵𒆠, māt Akkadi; Sûmearysk: 𒀀𒂵𒉈𒆠, a-ga-de3KI) wie it earste grutte ryk yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje. It waard ferneamd nei de stêd Akkad, dy't it sintrum foarme. It Akkadyske Ryk waard yn 'e earste helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., wierskynlik yn of omtrint 2334 f.Kr. (Middellange Gronology), stifte troch kening Sargon fan Akkad, en besloech dielen fan wat no Irak, Iraan, Syrje, Koeweit en Turkije binne. Ek bûten dat gebiet wie de Akkadyske ynfloed grut, en de militêre macht fan it ryk rikte sels oan Dilmûn ta, oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân (yn wat no Omaan is). It Akkadyske Ryk berikte syn hichtepunt om 2250 f.Kr. hinne, wêrnei't de Akkadyske macht fluch yn it neigean rekke, folge troch in hommels útinoar fallen fan it ryk yn 2154 f.Kr. Nei in perioade fan gaos klofte de befolking fan Mesopotaamje úteinlik gear ta twa Akkadysksprekkende naasjes: Assyrje yn it noarden en Babyloanje yn it suden.

Lês fierder


besjen


Wike 13

Greve Dracula (yn it Ingelsk Count Dracula) is it titelpersonaazje fan 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, út 1897. Hy wurdt yn it boek foarsteld as in ealman út Transsylvaanje, dy't in machtich, kweadaardich en iuwenâld fampier is. Benammen troch de populariteit fan it grutte tal films dat op basis fan Stoker syn roman makke is, krige greve Dracula neitiid in wol suver legindaryske status. Hy kin beskôge wurde as de basis foar it moderne byld fan 'e fampier, mar yn it oarspronklike boek waard er ek beskreaun as in wearwolf. Yn Dracula wurdt fierders suggerearre dat greve Dracula eins de fyftjinde-iuwske foarst Vlad de Speetser is, en beskate aspekten fan it fiktive personaazje lykje troch Stoker yndie oan dy histoaryske persoan ûntliend te wêzen. It uterlik fan greve Dracula basearre de auteur fierhinne op dat fan 'e Ingelske akteur sir Henry Irving, mei wa't er beropsmjittich gearwurke hie.

Lês fierder


besjen


Wike 14

De Gallipolikampanje, ek bekend as de Gallipolifjildtocht, de Slach om Gallipoli of de Slach om de Dardanellen, en yn Turkije as de Slach by Çanakkale (Turksk: Çanakkale Savaşı), wie in fjildtocht yn 'e Earste Wrâldoarloch, wêrby't de Westlike Alliëarden de trochfeart troch de see-ingten fan 'e Dardanellen en de Bosporus besochten te forsearjen om harren bûnsgenoat, it Keizerryk Ruslân, befoarriedzje te kinnen. Beide see-ingten wiene yn 'e hannen fan it Osmaanske Ryk, dat in Sintrale macht en in bûnsgenoat fan Dútslân wie. Troepen út it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, Britsk-Ynje en Nijfûnlân giene fan april 1915 ôf oan lân op it skiereilân Gallipoli, oan 'e kust fan 'e Dardanellen.

Harren bedoeling wie om it skiereilân op te marsjearjen en by de kust fan 'e See fan Marmara lâns nei de Osmaanske haadstêd Konstantinopel, dy't de Bosporus behearske. De ferovering fan Konstantinopel soe net inkeld de befoarrieding fan Ruslân folle makliker meitsje, mar ek de Sintralen in swiere slach tabringe. De Osmaanske ferdigening fan Gallipoli wie lykwols in stik taaier as de Alliëarden ferwachte hiene. De Alliëarde troepen kamen fêst te sitten yn brêgehaden oan 'e kust fan it skiereilân, dêr't him in útsichtsleaze rinfuorgestriid ûntjoech. Nei hast in jier fan nutteleas bloedferjitten waarden de Alliëarde troepen út Gallipoli evakuëarre; tsjin dy tiid wiene der yn 'e striid yn totaal 113.000 deaden fallen.

Lês fierder


besjen


Wike 15

Frozen is in Amerikaanske romantyske fantasy-aventoerekomeedzjefilm út 2013 yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical. De film, de 53e jûnfoljende tekenfilm dy't makke waard troch de Walt Disney Animation Studios, stie ûnder rezjy fan Chris Buck en Jennifer Lee. De wichtichste rollen waarden ynsprutsen troch stimaktrises Kristen Bell en Idina Menzel. De titel betsjut "Beferzen". It ferhaal, dat ynspirearre is troch it mearke De Sniekeninginne, fan 'e Deenske skriuwer Hans Christian Andersen, giet oer in manmoedige jonge prinsesse dy't ûnferskrokken ôfset mei in fernimstige iishouwer, syn trouwe rindier en in naïve libbene snieman om har fan har ferfrjemde suster te finen dy't mei har boppenatuerlike izige krêften by fersin foar in ivige winter yn harren keninkryk soarge hat.

Frozen krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en woeks yn 'e bioskopen út ta de meast opbringende animaasjefilm aller tiden. De film waard bekroane mei twa Oscars, twa Golden Globes, twa Grammy Awards, in BAFTA, fiif Annie Awards en ferskate oare prizen. Troch it ûnbidige súkses waard Frozen it begjin fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2019 kaam in ferfolchfilm út ûnder de namme Frozen II, nei't yn 2015 al de koarte film Frozen Fever ferskynd wie. Oer de produksje fan Frozen waard yn 2014 de dokumintêre The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic makke.

Lês fierder


besjen


Wike 16

Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʀəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj"), is in skiereilân, histoaryske provinsje en kulturele regio yn it westen fan Frankryk, dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Bretanje is it heitelân fan 'e Bretonnen, in folk dat fan âlds in Keltyske taal sprekt, it Bretonsk. Sûnt de njoggentjinde iuw is it dêrmei gâns yn it neigean rekke troch de oanhâldende druk fan it Frânsk. Yn it easten fan Bretanje wurdt ek noch in oare minderheidstaal sprutsen, it Gallo; dat is in Romaanske taal dy't nau oan it Frânsk besibbe is. Bretanje hat 4,5 miljoen ynwenners en wurdt beskôge as ien fan 'e seis Keltyske naasjes.

Bretanje stie yn 'e Romeinske Tiid bekend as Armoarika, dat diel útmakke fan Galje. Nei de fal fan it Romeinske Ryk foarme it yn 'e Iere Midsiuwen it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje, dat yn 'e tsiende iuw oergie yn it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Yn 1532 kaam in ein oan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid doe't it gebiet troch Frankryk anneksearre waard. Neitiid foarme Bretanje in provinsje fan Frankryk oant yn 1789, mei de Frânske Revolúsje, alle provinsjes opheft en yn departeminten opdield waarden. Yn 1956 waard de moderne regio Bretanje oprjochte, dêr't lykwols de histoaryske haadstêd Nantes bûten holden waard. Hjoed de dei stiet Bretanje benammen bekend om syn Keltyske kultuer en syn withoefolle megalityske monuminten (lykas menhirs).

Lês fierder


besjen


Wike 17

Beklimming fan de Mont Ventoux, yn it oarspronklike Italjaansk: Ascesa al Monto Ventoso, is de namme dy't algemien yn gebrûk is foar in ferneamd brief út 1336 fan 'e Italjaanske dichter en filosoof Francesco Petrarca (1304-1374) oan syn bychtheit Dionigi di Borgo San Sepolcro. Yn it brief beskriuwt Petrarca syn beklimming fan 'e berch de Mont Ventoux, yn 'e Provâns, yn 1336. Hoewol't hjoeddeistige saakkundigen de histoaryske akkuratens fan 'e tekst fan it brief yn twifel lûke, wurdt Beklimming fan de Mont Ventoux rûnom sjoen as in ier foarbyld fan 'e nije ideeën fan 'e Renêssânse. Petrarca joech it brief letter sels út as ûnderdiel fan syn brievesamling Epistolae Familiaris (IV, 1). In Fryske oersetting, mei as titel Oan: Dionigi di San Borgo Sepolcro, ferskynde yn juny 2017 by Utjouwerij Regaad yn Grins ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan 'e fertaling fan 'e roman Ventoux, fan Bert Wagendorp.

Lês fierder


besjen


Wike 18

Jeremy Brett (Berkswell, 3 novimber 1933Londen, 12 septimber 1995), berne as Peter Jeremy William Huggins, wie in Ingelsk akteur. Hy waard foaral bekend fan syn rol as privee-detektive Sherlock Holmes yn fjouwer Britske telefyzjesearjes: The Adventures of Sherlock Holmes, The Return of Sherlock Holmes, The Casebook of Sherlock Holmes en The Memoirs of Sherlock Holmes. Teffens is er bekend fan syn rol as Freddie Eynsford-Hill yn de Warner Bros.-produksje út 1964 My Fair Lady.

Lês fierder


besjen


Wike 19

Frjentsjerteradiel (Nederlânsk en offisjeel: Franekeradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't bestie fan 1851 oant 1984. De gemeente omfieme 11 doarpen mar gjin haadplak, mei't it gemeentehûs bûten de eigentlike gemeente yn 'e stêd (en gemeente) Frjentsjer fêstige wie. It âlde Frjentsjerteradiel bestie út twa trimdielen, dy't noardlik en súdlik fan 'e Gemeente Frjentsjer leine. It âlde Frjentsjerteradiel hie op 1 jannewaris 1981 3.883 ynwenners, en besloech in oerflak fan 59,2 km². It gie yn 1984 mei inkele buorgemeenten op yn 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel.

Lês fierder


besjen


Wike 20

De NASA, in ôfkoarting foar National Aeronautics and Space Administration ("Nasjonaal Bestjoer foar de Loft- en Romtefeart"), is in ûnôfhinklike tûke fan 'e útfierende macht fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten, dy't ferantwurdlik is foar it Amerikaanske boargerlike (yn tsjinstelling ta it militêre) romtefeartprogramma en teffens foar wittenskiplik ûndersyk nei de loft- en romtefeart. De NASA waard yn 1958 oprjochte mei in dúdlik boargerlike (ynstee fan militêre) oriïntaasje foar it ûntwikkeljen fan freedsume tapassings foar romtefeartkunde. Sûnt hat de organisaasje de lieding hân oer de measte Amerikaanske romtefeartprojekten, wêrûnder it Apolloprogramma foar de moannelânings, it Skylab-romtestasjon en it Space Shuttle-programma. Op 't heden ûnderstipet de NASA it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) en is it djip behelle yn 'e tarieding foar takomstige misjes nei de planeet Mars.

Lês fierder


besjen


Wike 21

Michiel de Ruyter (folút: Michiel Adriaenszoon de Ruyter; Flissingen, 24 maart 1607 – yn 'e Baai fan Syrakuse by Sisylje, 29 april 1676) wie in Nederlânsk seeheld, dy't algemien sjoen wurdt as de bêste admiraal fan syn tiid. Hy wie ôfwikseljend yn 'e tsjinst fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en fan partikuliere reders, en dêropta wied er in hoart aktyf as selsstannich ûndernimmer op it mêd fan walfiskfeart en hannel. Nei't er syn wurkpaad úteinset wie as in sljochtwei seeman fan Siuwsk komôf, spile er in wichtige rol yn 'e earste trije Ingelske Oarloggen, de Sweedske Oarloch en ekspedysjes tsjin seerôverij yn 'e Middellânske See. De bynamme Bestevaêr, wat "pake" betsjut, krige er fan syn matroazen.

Yn 1665 waard De Ruyter troch tadwaan fan riedpinsjonaris Johan de Witt promovearre ta de rang fan luitenant-admiraal, en dêrmei ta kommandant fan 'e Steatske marine. Fan syn wapenfeiten binne benammen de oerwinning yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach yn 1666, de spektakulêre Tocht nei Chatham yn 1667 en de oerwinning yn 'e Slach by Kijkduin yn 1673 yn it ûnthâld bleaun. Nei de moard op de bruorren De Witt, yn 1672, kaam De Ruyter ûnder de nije steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau te tsjinjen. Dyselde stjoerde him mei in swak eskader út nei it Middellânske-Seegebiet, dêr't er yn it ramt fan 'e Frânske Oarloch de Spanjerts helpe moast yn 'e striid tsjin Frankryk. Yn 1676 kaam De Ruyter dêr te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta, foar de kust fan Sisylje.

Lês fierder


besjen


Wike 22

Simmer 2000 wie in grut opset projekt mei tal fan regionale en lokale aktiviteiten, dat yn 'e simmer fan it jier 2000 yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden waard yn ferbân mei de ein fan 'e iuw en de milenniumwiksel. Dy gelegenheid waard oangrypt om 'e Friezen om utens út te nûgjen en kom werom nei de provinsje foar in grutte reüny. De festiviteiten waarden op 1 july 2000 by in offisjele seremoanje op it Saailân yn Ljouwert iepene troch keninginne Beatrix.

Lês fierder


besjen


Wike 23

Kimi Räikkönen (folút: Kimi-Matias Räikkönen; Espoo, 17 oktober 1979) is in Finsk autokoereur yn 'e Formule 1-klasse. Yn 2007 waard er as sadanich wâldkampioen foar Ferrari, nei't er earder riden hie foar Sauber-Petronas en foar McLaren-Mercedes. Hy einige twad yn 2003 en 2005 en trêd yn 2008, 2012 en 2018. Hy is ien fan 'e seldsume koereurs dy't yn har karriêre mear as hûndert poadiumposysjes behelle hawwe. Räikkönen, waans bynamme The Iceman ("De Man fan Iis") is, hat 21 kear in grutte priis wûn, wat him ta de súksesfolste autokoereur fan Finlân makket. Bûten de sport om stiet er bekend om syn ôfhâldige persoanlikheid en syn tsjinnichheid om diel te nimmen oan public relations-eveneminten.

Lês fierder


besjen


Wike 24

Sodom en Gomorra wiene neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel twa stêden yn 'e Delling fan Siddim, dy't no de Deade See foarmet. Hja soene neffens in passaazje yn it bibelboek Genesis troch God ferneatige wêze fanwegen de sûndigens fan harren ynwenners, wêrby't spesifyk ferwiisd wurdt nei homoseksualiteit. Mei datselde barren soe ek de Deade See skepen wêze. Sodom en Gomorra binne sadwaande yn 'e abrahamityske religyen en de kultueren dy't troch dy godstsjinsten beynfloede binne (lykas de Westerske maatskippij) sprekwurdlik wurden foar ûnberouwe sûndigens, wylst harren ferneatiging synonym waard mei godlike ferjilding.

Lês fierder


besjen


Wike 25

Robert E. Howard (folút: Robert Ervin Howard, troch syn fans soms REH neamd; Peaster (Teksas), 22 jannewaris 1906 – Cross Plains (Teksas), 11 juny 1936) wie in Amerikaansk skriuwer fan pulpfiksje yn in ferskaat oan sjenres. Hy is bekend wurden as de geastlike heit fan 'e ferneamde held Conan de Barbaar, hoewol't er folle mear personaazjes betocht, lykas Solomon Kane en Kull fan Atlantis. Howard skreau benammen koarte ferhalen, en njonken syn proaza dichte er ek. Hy wurdt rûnom beskôge as de grûnlizzer fan sword and sorcery, in subsjenre fan 'e fantasyliteratuer, mar hy skreau ek aventoere-, eroatyske, histoaryske, horror-, komyske, misdie-, sport- en westernferhalen. Howard wie hikke en tein yn Teksas en begûn al op jonge leeftyd syn ferhalen te publisearjen. Doe't er tritich jier wie, makke er himsels fan kant nei it ferstjerren fan syn mem. Syn grutste súkses en ynfloed hied er sadwaande postúm.

Lês fierder


besjen


Wike 26

De Tibetaanske mastyf is in grut hûneras dat oarspronklik út Tibet komt, mar ek tige algemien is yn westlik Sina, Mongoalje en Nepal. It is in hiem- en ferdigeningshûn, dy't yn it ferline troch de nomadyske stammen yn Tibet fokt waard om harren en har skiep en oar fee te beskermjen tsjin oanfallen fan wolven, loaihoarsen, bearen en tigers. Tibetaanske 'mastyf' is eins in misse namme, om't it gjin echte mastyf is. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Tibet besochten, seagen in grutte hûn dy't liek op de mastifen fan Jeropa, en neamden him dêrom in mastyf, hoewol't er dat net is, krekt sa't se de Tibetaanske terriër (gjin terriër) en de Tibetaanske spaniel (gjin spaniel) ek misneamden.

Lês fierder


besjen


Wike 27

Heinze Bakker (It Hearrenfean, 2 maart 1942 - Leusden, 16 april 2021) wie in Frysk sportferslachjouwer. Hy wie yn dy hoedanichheid aktyf fan 1966 oant 2005, en wurke yn dy tiid foar efterinoar de RONO, de NCRV, de AVRO en de NOS. Bakker waard benammen bekend as kommentator by it hurdriden, hoewol't er ek oare sporten fersloech, lykas tennis, hurdfytsen en skûtsjesilen. Syn hannelsmerk wie it praten yn moaie lange folsinnen. Hy gie eins yn 2002 mei pinsjoen, mar wurke neitiid noch trije jier lang op parttimebasis troch. Ek siet Bakker doe ferskate jierren yn it bestjoer fan it Keninklik Nederlânsk Reedrydbûn KNSB.

Lês fierder


besjen


Wike 28

De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje (Ingelsk: Lac du Flambeau Ojibwe Nation; Odjibwe: Waaswaaganing) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. Dizze stamme stiet ek wol bekend as de Lac du Flambeau Troep fan Boppemarder Tsjippewa (Lac du Flambeau Band of Lake Superior Chippewa). De leden fan 'e stamme binne etnyske Odjibwe (ek wol Tsjippewa neamd). De Lac du Flambeau Odjibwe Naasje beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn it noarden fan 'e steat Wiskonsin. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Lac du Flambeau.

Lês fierder


besjen


Wike 29

Pinyin, formeel Hànyǔ pīnyīn (ferienfâldige Sineesk: 汉语拼音; tradisjoneel Sineesk: 漢語拼音; útspr.: [xân.ỳ pʰín.ín], likernôch: "channú p'hynyn" of, minder gebrûklik: [xân.ỳ pʰín.jín], likernôch: "channú p'hynjyn"), is in transliteraasjesysteem dat bedoeld is om Sineesktalige nammen, wurden of hiele teksten om te letterjen fan Sineeske karakters (Hanzi) nei it Latynske alfabet. Sûnt 1958 is dit yn 'e Folksrepublyk Sina it standertsysteem foar transliteraasje, en yn 2009 waard it ek as sadanich ynfierd yn Taiwan. Pinyin waard boppedat yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) fêststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sadwaande is it ynternasjonaal yn gebrûk foar ûnderwiis yn it Mandarynsk, de wichtichste fan 'e Sinityske talen. Dêrnjonken wurdt pinyin brûkt as standert foar in protte inputmetoaden om op 'e kompjûter yn Sineeske karakters te skriuwen (men typt de tekst dan yn pinyin, en it kompjûterprogramma jout dat op it byldskerm wer yn karakters). Pinyin omfiemet ek fjouwer opsjonele diakrityske tekens dy't op 'e fokalen pleatst wurde kinne om 'e toan oan te jaan (Sineesk is in tonale taal), mar yn 'e measte teksten wurde dy toantekens út 'e transliteraasje weilitten. De namme 'Hànyǔ pīnyīn' betsjut "stavere lûden" (pīnyīn) fan "de sprutsen taal fan 'e Han-(Sinezen)" (Hànyǔ).

Lês fierder


besjen


Wike 30

De Republyk Feneesje, formeel de Aldertrochloftichste Republyk Feneesje (Italjaansk: Serenissima Repubblica di Venezia; Fenesiaansk: Serenìsima Repùblica de Venesia) wie in ûnôfhinklike steat yn Jeropa dy't bestie fan 'e sânde iuw oant de Frânske Tiid. Dizze steat hie in mingde steatsfoarm as in oligargyske republyk mei in keazen monargy. De hearsker wie de hartoch of doge. It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de stêd Feneesje, dy't no yn noardeastlik Itaalje leit, mar dêrwei wreide de republyk him meitiid út oer eilannen en kustgebieten yn 'e Adriatyske, Ioanyske, Egeyske, Levantynske en (hiel koart) Swarte See. Hoewol't de Republyk Feneesje in lange skiednis fan oarloch en ferovering hie, is syn moderne reputaasje fierhinne basearre op syn status as ekonomyske grutmacht, benammen op it mêd fan 'e hannel en skipfeart. De republyk stie wol bekend ûnder de bynamme la Serenissima ("de Aldertrochloftichste").

Lês fierder


besjen


Wike 31

Star Trek: Voyager, gauris koartwei Voyager neamd, wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan 1995 oant 2001, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. De titel betsjut: "Stjerretocht: Reizger", en ferwiist nei de namme fan it romteskip de USS Voyager. It wie de fjirde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren, Star Trek: The Next Generation út 'e 1980-er jierren en Star Trek: Deep Space Nine út 'e 1990-er jierren. Star Trek: Voyager is in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e fjouwerentweintichste iuw spilet, en folget de bemanning fan USS Voyager by harren ûnderfinings en aventoeren nei't it skip by fersin strâne rekket yn it Delta Kwadrant, op 70.000 ljochtjier fan 'e Ierde. Dat betsjut dat se in reis fan 75 jier foar de boech hawwe om wer thús te kommen. De searje waard goed ûntfongen troch de tillefyzjekritisy en wûn sân Emmys en trije Saturn Awards.

Lês fierder


besjen


Wike 32

De Dairy Campus (útspr.: ['dɛ:ɹi 'kæmpəs], likernôch: "-ry kem-pus"; Ingelsk foar "suvel-kampus") is in proefbedriuw en sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en praktykûnderwiis op it mêd fan 'e melkfeehâlderij (fan kij) yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Ta oprjochting dêrfan waard besletten yn 2011, wêrnei't it sintrum yn 2016 iepene waard. De Dairy Campus komt fuort út 'e Proefbuorkerij Bosma Zathe, dy't yn 1944 yn Oerterp ûntstie, en it gebouwekompleks fan it sintrum droech sadwaande earder de namme Nij Bosma Zathe. Tsjintwurdich makket de Dairy Campus diel út fan Wageningen University & Research (WUR). Alle aktiviteiten yn it sintrum binne rjochte op 'e ûntjouwing fan duorsume suvelproduksje en -ferwurking.

Lês fierder


besjen


Wike 33

Hâns en Grytsje, yn it oarspronklike Dútsk: Hänsel und Gretel (Nederlânsk: Hans en Grietje), is ien fan 'e bekendste mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. It giet werom op in oerâld Dútsk folksferhaal, dat de bruorren Grimm trochdien waard troch Dortchen Wild. It is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, mei dêrûnder film, tillefyzje, animaasje, romans en fideospultsjes. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk is troch Margrit Weber). Yn 2012 waard Hâns en Grytsje op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Lês fierder


besjen


Wike 34

Nice Leng'ete (folút: Nice Nailantei Leng’ete; útspr.: [nɑɪs 'nɑɪləntɛ lɛ̃ŋ'ɛtɛ], likernôch: "nais nai-lun-teh leng-et-teh"; Kimana, 1991) is in Keniaansk minskerjochte-aktiviste fan etnysk Masai-komôf. Hja krewearret mank har folk foar de ôfskaffing fan 'e frouljusbesnijenis, ek bekend as froulike genitale skeining, wêrby't by famkes op in jonge leeftyd de klitoris ôfsnien wurdt. Troch har ynset is de frouljusbesnijenis anno 2019 yn 47 mienskippen ôfskaft en ferfongen troch in oar, froufreonlik en feestlik oergongsritueel. Dêrmei hat Leng'ete nei skatting 14.000 famkes fan frouljusbesnijenis rêden. Fierders kantet se har ek oan tsjin bernehouliken en de fersprieding fan HIV/AIDS, en besiket se har folk as meiwurkster fan Amref Flying Doctors in better begryp fan seksualiteit yn it algemien by te bringen. Yn 2018 waard Leng'ete troch it Amerikaanske tydskrift Time oanmurken as ien fan 'e hûndert ynfloedrykste persoanen fan 'e wrâld.

Lês fierder


besjen


Wike 35

Rotterdam is in stêd yn it westen fan Nederlân, yn de provinsje Súd-Hollân. It is nei de haadstêd Amsterdam de twadde stêd yn it lân, en teffens it haadplak fan 'e gemeente Rotterdam. De stêd leit oan de mûning fan de Nije Maas yn de delta fan de Ryn en de Maas. Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stêdekloft fan de Rijnmond en leit yn it súdwesten fan de Rânestêd. De skiednis fan Rotterdam giet tebek oant 1270, doe't der in daam yn de rivier de Rotte boud waard. Dêrnei festigen har lju by de daam. Yn 1340 joech de greve fan Hollân stedsrjochten oan Rotterdam.

Op 1 jannewaris 2020 hie Rotterdam 651.446 ynwenners. Der wenje minsken fan sa'n 180 ferskillende nasjonaliteiten yn de stêd. De Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dy't in befolking fan likernôch 2,7 miljoen minsken hat, is de trettjinde yn grutte yn de Jeropeeske Uny en de grutste yn Nederlân. De Haven fan Rotterdam is de grutste haven fan Jeropa en hat in skoft de grutste haven fan de wrâld west. Rotterdam is ek ferneamd om de Erasmus Universiteit, bebouwing om de rivier hinne, in warber kultureel libben en syn nijmoadrige arsjitektuer. Doe't it âlde stedssintrum hast folslein ferwoaste waard troch it bombardemint op Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich, waard de stêd nei de kriich fannijs opboud mei in wikseljend arsjitektoanysk stedsbyld, wolkekliuwers ynbegrepen. Soks komt net in soad foar yn Nederlânske stêden. Ferneamde arsjitekten fan it nije Rotterdam wiene: Rem Koolhaas, Piet Blom en Ben van Berkel.

Lês fierder


besjen


Wike 36

De 1900-er jierren (foto: earste flecht fan 'e bruorren Wright, 1903) wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten, dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek.

Lês fierder


besjen


Wike 37

Across the Wide Missouri (Ingelsk foar "De Brede Missoery Oer) is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1951 ûnder rezjy fan William A. Wellman. Yn 'e film wurde yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich blanke pelsjagers en pelshannelers yn Montana folge by harren gedoente mei de Yndianen. It ferhaal wie basearre op it bekroande non-fiksjeboek mei deselde namme, dat yn 1947 publisearre waard troch histoarikus Bernard DeVoto. De haadrollen waarden fertolke troch Clark Gable, John Hodiak, Ricardo Montalbán, María Elena Marqués en J. Carrol Naish. Across the Wide Missouri wie in produksje fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer, dy't mear as it dûbele opbrocht fan wat er koste hie.

Lês fierder


besjen


Wike 38

Sâlt, ek bekend as kokensâlt of fiedingssâlt, is in mineraal mei in sâlte smaak, dy't as smaakstof brûkt wurdt by it itensieden. It wurdt ek brûkt foar de preservearring fan iten foar langere tiid. It is goed oplosber yn wetter; in mingsel fan wetter en dêryn oplost sâlt hjit pikel of brein. Sâlt komt natuerlik foar yn 'e foarm fan ûndergrûnske ôfsettings halyt, dat ek stiensâlt neamd wurdt. Dêrnjonken komt it ek yn ûnbidige hoemannichten foar yn seewetter, wêrfan't it it wichtichste minerale ûnderdiel is. De iepen oseaan hat likernôch 35 gram sâlt op eltse liter wetter, wat delkomt op in sâltgehalte fan 3,5%. Yn drûge foarm is sâlt by keamertemperatuer in wite kristalline stof mei in kubyske kristalfoarm. As mineraal is it fan essinsjeel belang foar al it libben op 'e Ierde, mei't gjin organisme sûnder sâlt kin. De skiekundige namme foar 'gewoan' sâlt is natriumgloride (NaCl). Dat is ien fan in hiele groep stoffen dy't sâlten neamd wurde.

Lês fierder


besjen


Wike 39

De Simmearjers of Kimmearjers (ek stavere as Simmeariërs of Kimmeariërs), fan it Grykske Κιμμέριοι, Kimmérioi, wiene in nomadysk Yndo-Jeropeesk folk, dat om 1000 f.Kr. hinne foar it earst yn 'e Aldheid opdoek. Se wurde neamd yn sawol Assyryske as Aldgrykske teksten, mar lieten sels gjin skriftlike boarnen nei. De Simmearjers wiene nei gedachten ôfkomstich fan 'e Pontysk-Kaspyske Steppe, dêr't se ferdreaun waarden troch de oankomst fan 'e Skyten. Se stieken dêrop de Kaukasus oer, wylst in diel fan harren mooglik nei it westen ta flechte en yn East-Jeropa bedarre. Dêroer is fierders neat mei wissichheid bekend, mar dejingen dy't de Kaukasus oerstieken, foelen yn Transkaukaazje it keninkryk Oerartû oan, en letter ek ferskate riken yn Anatoalje, wêrûnder Frygje en Lydje. Nei likernôch 620 f.Kr. ferdwine de Simmearjers út alle histoaryske boarnen. Skiedkundigen achtsje it wierskynlik dat se harren yn Kappadoasje nei wenjen setten hawwe en dêr meitiid troch in proses fan assimilaasje opgien binne yn oare etnyske groepen.

Lês fierder


besjen


Wike 40

Gregoarius VII (tusken 1025 en 1030 berne yn Sovana; ferstoarn 25 maaie 1085 yn Salerno) wie in Italjaansk biskop dy't fan 22 april 1073 oant 1085 paus fan Rome wie. Fanwegen de grutte betsjutting fan Gregoarius VII foar de herfoarmings yn de 11e-iuwske Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't letter de 'Gregoriaanske Herfoarming' neamd waard, jildt er as ien fan de wichtichste, mar ek al yn syn tiid ien fan de kontroversjeelste pausen út de skiednis. Paus Gregoarius VII stried foar de frijheid fan de Tsjerke en sette it yn 'e kant tsjin it religieuze ferfal en de macht fan de adel oer tsjerklike funksjes.

In oare strider tsjin misstannen yn de tsjerke, Petrus Damiani, dy't yn deselde tiid libbe as Gregoarius, beskreau him mei in soad wurdearring mar tagelyk ferwitend as de "hillige Satan", de "tuchtroede fan God" en it "Hellefjoer", en ferlikene him mei in tiger, liuw of in ferskuorrende wolf. Neffens Damiani wie elts ferset tsjin paus Gregoarius yn 't foar om 'e nocht.

It pontifikaat fan Gregoarius VII duorre tolve jier en in moanne.

Lês fierder


besjen


Wike 41

De wite haai (wittenskiplike namme: Carcharodon carcharias), ek wol minskehaai neamd, is in haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan mear as 8 m berikke, en dêrmei is it de grutste moderne rôffisk (hoewol't der gruttere fossilen weromfûn binne). Wite haaien komme foar deunby it oerflak yn wetters fan tuskenbeiden oant waarme temperatuer. Se libje by de kusten lâns en yn iepen see yn alle trije oseänen en de Middellânske See, mar ûntbrekke yn 'e seeën fan 'e poalstreken.

Wite haaien steane yn see oan 'e top fan it fiedingskeatling en hawwe as natuerlike fijân inkeld de orka. De wite haai is berucht om't er ferantwurdlik is foar de measte oanfallen op minsken, al liket it dêrby foar it meastepart om misidentifikaasje (fan minsken as seesûchdieren) te gean of om in út 'e hân rûne nijsgjirrigens. Nettsjinsteande de ynkorrekte ynformaasje dy't horrorfilms as Jaws de wrâld yn holpen hawwe, binne minsken beslist net de favorite proai fan wite haaien. Krektoarsom: troch bejaging troch minsken is de wite haai mei de status "kwetsber" opnommen yn 'e Reade List fan 'e IUCN.

Lês fierder


besjen


Wike 42

Súd-Austraalje (Ingelsk: South Australia) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It beslacht it middensuden fan it lân, en rint fan it hert fan 'e Australyske woastyn, yn it noarden, oan 'e kust fan 'e Grutte Australyske Bocht ta, yn it suden, dy't diel útmakket fan 'e Súdlike Oseaan. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Adelaide. Mei 12,8% fan it nasjonaal grûngebiet is Súd-Austraalje yn grutte it fjirde Australyske gewest (nei West-Austraalje, Queenslân en it Noardlik Territoarium). Lykwols is it oergrutte part fan 'e steat mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2012 hie Súd-Austraalje doe krapoan 1,7 miljoen ynwenners, wat delkomt op 7,2% fan 'e totale Australyske befolking.

Lês fierder


besjen


Wike 43

Wild Bill Hickok (wiere namme: James Butler Hickok; Homer (Illinois), 27 maaie 1837Deadwood (Súd-Dakota), 2 augustus 1876) wie in Amerikaansk gokker, revolverman, plysje en ikoan fan it Wylde Westen. Hy wie hikke en tein op in boerespultsje yn Illinois, mar gie mei achttjin jier nei Kansas, dêr't er him by de Jayhawkers joech. Hy wurke as boer, fuorman en stâlfeint, focht (en spionearre) foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en waard neitiid yn it Wylde Westen ferneamd as gokker, revolverman, marshal, sheriff, ferkenner foar it Amerikaanske Leger en skerpskutter. Hickok wie belutsen by ferskate beruchte sjitpartijen. Hy kaam úteinlik oan syn ein doe't er fan efteren yn 'e holle sketten waard troch in gokker dy't er earder ferslein hie mei poker. De kaarten dy't er op dat stuit yn 'e hân hold, kamen neitiid bekend te stean as de "deademanshân".

Lês fierder


besjen


Wike 44

ABBA wie in almeast yn it Ingelsk sjongende Sweedske band dy't yn 1972 foarme waard troch sjongsters Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad, gitarist en sjonger Björn Ulvaeus en pianist en sjonger Benny Andersson. De namme bestiet út 'e inisjalen fan 'e foarnammen fan 'e leden. De muzyk fan ABBA kin kwalifisearre wurde as popmuzyk, poprock en disko. De band krige ynternasjonale bekendheid troch it winnen fan it Eurofyzjesongfestival fan 1974 mei it liet Waterloo.

Neitiid groeide ABBA út ta ien fan 'e meast kommersjeel súksesfolle formaasjes út 'e skiednis fan 'e popmuzyk, dy't fan 1974 oant 1982 yn in protte lannen allegeduerigen boppe-oan yn 'e hitlisten stie mei wiidferneamde hits as Dancing Queen, Money, Money, Money, Knowing Me, Knowing You, The Name of the Game, Take a Chance on Me, The Winner Takes It All, Mamma Mia, Super Trouper, One of Us, Happy New Year, Thank You for the Music en The Day Before You Came. Neffens guon skattings waarden der wol 500 miljoen platen fan ABBA ferkocht. It wie de earste band út in net-Ingelsktalich lân dy't oanhâldend súkses yn Ingelsktalige wrâld hie.

Nei't ABBA ein 1982 útinoarfallen wie, waard it wurk fan 'e band fan 1989 ôf op 'e nij útbrocht, mei nije populariteit ta gefolch. Der waarden in musical (Mamma Mia út 1999) en twa films (Mamma Mia! út 2008 en Mamma Mia! Here We Go Again út 2018) omhinne makke. De muzyk fan ABBA is oant hjoed de dei tige by tige populêr yn hast de hiele wrâld. Yn 2021 brocht de band nei fjirtich jier wer in nije album út.

Lês fierder


besjen


Wike 45

Blau is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken fiolet en grien yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 450-495 nm en in frekwinsje fan rûchwei 670-610 THz. By additive kleurminging is blau in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Blau is de komplemintêre kleur fan giel. Kwa tinten rint blau útinoar fan turkwaze, dat ek as tint fan grien beskôge wurde kin, oant indigo en ultramaryn, dat tsjin fiolet oan sit. Blau wurdt assosjearre mei de loft, de see, snie en iis, de plysje en manlikheid. Yn 'e heraldyk is blau in heraldyske kleur en hat it de namme azuer of lazuer. Yn sprekwurden seit men: sa blau as laai, sa blau as lead, sa blau as de loft of sa blau as swevelfjoer. Guon net-Westerske talen meitsje gjin ûnderskie tusken blau en grien.

Lês fierder


besjen


Wike 46

St. Lawrence (útspr.: [se:nt 'lɔ:ɹəns], likernôch: "seent -runs"; Ingelsk: St. Lawrence Island; Middensibearysk Jûpik: Sivuqaq; Russysk: Остров Святого Лаврентия, Ostrov Svjatogo Lavrentija) is in fulkanysk eilân yn 'e Amerikaanske steat Alaska, dat westlik fan it fêstelân yn 'e Beringsee leit, in eintsje besuden de Beringstrjitte. It eilân leit tichter by Aazje as by Noard-Amearika: de noardein fan St. Lawrence leit op 58 km ôfstân fan it fêstelân fan it Tsjûkotka-skiereilân, dat ta de Russyske Federaasje heart. Geologen binne fan tinken dat St. Lawrence ien fan 'e lêste boppe see útstekkende dielen is fan 'e Beringlânbrêge, dy't yn it Pleistoseen Aazje en Noard-Amearika mei-inoar ferbûn. It is it op fiif nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten en it op 112 nei grutste eilân fan 'e wrâld. De oarspronklike bewenners fan St. Lawrence binne de Middensibearyske Jûpik, in Eskimofolk.

Lês fierder


besjen


Wike 47

Robert De Niro (Ingelske útspr.: [də 'nɪəɹoʊ], likernôch: "duh nea-roo"; Italjaanske útspr.: [de 'ni:ro], likernôch: "dee nii-roo"; folút: Robert Anthony De Niro jr.; New York, 17 augustus 1943) is in Amerikaansk akteur, regisseur en filmprodusint fan mingd, mar foar it meastepart Italjaansk etnysk komôf. Hy spilet gauris yn misdiefilms, en wurket datoangeande faak gear mei regisseur Martin Scorsese. De Niro begûn syn karriêre as akteur yn 1963 en briek yn 1974 troch mei syn rol as de jonge Vito Corleone yn The Godfather Part II, fan regisseur Francis Ford Coppola. Foar dy rol wûn er in Oscar foar bêste byrol fan in akteur. Yn 1980 wûn er boppedat in Oscar foar bêste akteur mei syn rol as bokser Jake LaMotta yn Raging Bull, in film fan Scorsese.

Oare bekende dramafilms dêr't De Niro yn spile, wiene Taxi Driver, Once Upon a Time in America, The Deer Hunter, Cape Fear, The Mission, Goodfellas en The Untouchables. Ek wied er te sjen yn komeedzjes as Analyze This, Meet the Parents, Meet the Fockers, The Intern en Dirty Grandpa. Njonken twa Oscars hat De Niro foar yndividuele films ek in Golden Globe, in Sulveren Bear en in Satellite Award wûn, en foar syn hiele oeuvre de Cecil B. DeMille Award en de Gouden Liuw foar it Oeuvre fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Fierders waard De Niro yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste akteurs fan syn generaasje.

Lês fierder


besjen


Wike 48

It Ramayana, yn it oarspronklike Sanskryt: रामायण, sekuerdere transliteraasje: Rāmāyaṇa (útspr.: [rɑːmɑːjəɳə]; likernôch: "raa-maa-juh-nuh"), is ien fan 'e beide grutte epyske gedichten fan it hindoeïsme (it oare is it Mahābhārata). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e fjirde en fyfde iuw f.Kr. Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid Rāma, wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod Vishnu. Tradisjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en dichter Vālmīki.

It Rāmāyaṇa, dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāma" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāma"), beskriuwt de syktocht fan Rāma nei syn troch de demon Rāvaṇa ûntfierde frou Sītā, dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod Hanuman út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka (Sri Lanka) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte etyske lessen. It Rāmāyaṇa is de wichtichste religieuze tekst foar de vishnuïtyske hindoes fan 'e Rāma-Sītā-kultus. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it boedisme, it jaïnisme en it sikhisme. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan Yndia en Nepal en teffens fan boedistyske Súdeastaziatyske lannen lykas Birma, Tailân, Laos en Kambodja, en sels fan it al sûnt iuwen islamityske Yndoneezje en Maleizje.

Lês fierder


besjen


Wike 49

De Oanfal op Pearl Harbor wie in ferrassingsoanfal troch bommesmiters en jachtfleantugen fan 'e Keizerlike Japanske Marine, dy't yn 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 útfierd waard op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare Amerikaanske militêre doelen op it eilân Oähû, yn it Territoarium Hawaï. De oanfal, dy't troch de Japanners oantsjut waard as de Hawaï-operaasje, Operaasje AI en Operaasje Z, wie bedoeld as in previntive aksje om foar te kommen dat de Amerikaanske Pasifyske Float him bemuoie koe mei de plande Japanske ynvaazje fan 'e oerseeske gebietsdielen fan it Feriene Keninkryk, Nederlân en de Feriene Steaten yn Súdeast-Aazje.

De oanfal waard útfierd troch 353 Japanske fleantugen fan 6 fleandekskippen, dy't fan 7.48 oere pleatslike tiid ôf yn twa weagen Oähû oer it mad kamen. Fan 'e acht oanwêzige Amerikaanske slachskippen waarden fjouwer ta sinken brocht, wylst de oare fjouwer slimme skea oprûnen. Trije krusers, trije torpedoboatjagers en fiif oare skippen waarden ek ta sinken brocht of slim skansearre. Fan 'e 402 Amerikaanske militêre fleantugen op Oähû waarden 188 ferneatige en rekken 159 skansearre. Der foelen by it bombardemint oan 'e Amerikaanske kant 2.403 deaden. De folgjende sân oeren fierden de Japanners koördinearre oanfallen út op Amerikaanske doelen yn 'e Filipinen, Gûam en Wake en op Britske doelen yn Malakka, Singapoer en Hongkong.

It resultaat fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wie dat de Amerikaanske Pasifyske Float tydlik fierhinne útskeakele wie, hoewol't de Japanners de trije Amerikaanske fleandekskippen, dy't op it momint fan it bombardemint net yn 'e haven oanwêzich wiene, mist hiene. De oanfal, dy't kaam sûnder dat Japan en de Feriene Steaten yn steat fan oarloch ferkearden, waard yn 'e Feriene Steaten sjoen as in ferriedlike skanddie. Op 8 desimber hold presidint Franklin D. Roosevelt foar de radio syn ferneamde Day of Infamy-taspraak en furdige it Amerikaanske Kongres in oarlochsferklearring tsjin Japan út. Op 11 desimber ferklearren de bûnsgenoaten fan Japan, nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje, de oarloch oan 'e Feriene Steaten. De Oanfal op Pearl Harbor wie sadwaande ien fan 'e wichtichste kearpunten yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw, om't it de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e Twadde Wrâldoarloch bewissige. Nei de oarloch soe it bombardemint by de Prosessen fan Tokio oanmurken wurde foar in oarlochsmisdie.

Lês fierder


besjen


Wike 50

Roald Dahl (Ingelske útspr.: ['roʊ.əld 'dɑ:l], likernôch "roo-uld daal"; Noarske útspr.: ['ru:ɑl 'dɑ:l], likernôch: "rûû-al daal"; Cardiff, 13 septimber 1916Oxford, 23 novimber 1990) wie in Britsk skriuwer fan etnysk Noarsk komôf. Hy tsjinne ûnder de Twadde Wrâldoarloch earst as piloat by de Royal Air Force (RAF) en letter as ofsier by de militêre ynljochtingetsjinst. Al yn syn tsjinsttiid sette Dahl útein mei in wurkpaad as auteur. Hy waard ferneamd mei berneboeken, mar skreau ek in prote koarte ferhalen en inkele romans foar folwoeksenen, en fierders gedichten, toanielstikken, autobiografyen, in itensiedersboek en senario's foar films en tillefyzje. Postúm waarden ek syn deiboeken útjûn. Dahl wie ien fan 'e populêrste berneboekeskriuwers fan syn tiid, en stie bekend om syn bizarre en makabere, mar altyd fermaaklike ferhalen, dêr't gauris dûnkere humor yn besletten lei en dy't net selden in ûnferwachte ein hiene. Guon fan syn wurken binne wiere klassikers wurden, lykas James and the Giant Peach, Charlie and the Chocolate Factory, The BFG en Matilda. Fan Dahl syn wurken binne wrâldwiid mear as 250 miljoen eksimplaren ferkocht, en der binne boeken fan him oerset yn teminsten 60 ferskillende talen, wêrûnder it Frysk.

Lês fierder


besjen


Wike 51

De Fraser (Halkomelem: Stó:lō, argaysk ek: Staulo; Dragersk: Lhtakoh; Tsjilkotin: ʔElhdaqox) is in grutte rivier yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dy't in gebiet fan 220.000 km² ûntwetteret. De Fraser ûntspringt yn 'e Fraserpas, yn it Provinsjaal Park Mount Robson yn 'e Rocky Mountains, en streamt dêrwei oer in ôfstân fan 1.375 km mei twa grutte knikken nei it noardwesten, dan nei it suden en úteinlik nei it westen ta. Yn 'e Fraser Canyon snijt er tusken it Kustberchtme en de Cascades troch, om úteinlik de Stille Oseaan te berikken by de Strjitte fan Georgia. Oan 'e mûning fan 'e Fraser leit de stêdekloft fan Vancouver. De Fraser is de op tsien nei langste rivier fan Kanada, dy't op jierbasis 112 km³ wetter nei see liedt en dêropta 20 miljoen ton oan sedimint.

Lês fierder


besjen


Wike 52

In ienhoarn (útspr.: ['i.ənho.ən], likernôch: "ien-hoan"; meartal: ienhoarnen, útspr.: ['i.ənwanən], likernôch: "ien-ûa-nun") is in mytysk wêzen dat rûchwei liket op in hynder mei ien lange, rjochte hoarn dy't út 'e foarholle wei groeit. Sokke wêzens komme rûnom foar yn 'e folkloare fan Jeropa en dielen fan Aazje. Se hawwe in lange skiednis, dy't tebek giet oant de beskaving fan de Yndusdelling. Ienhoarnen wurde yn 'e regel assosjearre mei suverens en de fammesteat. Ek waard it bist meitiid in symboal foar wyldheid, en tsjintwurdich wurdt it brûkt as in metafoar foar seldsumens of homoseksualiteit.

Lês fierder


besjen