Springe nei ynhâld

Wijbren Elgersma

Ut Wikipedy
Wybren Elgersma

Wijbren Elgersma (Ternaard, 29 april 1896 - Frjentsjer, 28 febrewaris 1960) wie in Nederlânske politikus.

Elgersma wie in soan fan Klaas Wybrens Elgersma en Feike Jans Terpstra. Hy begûn syn karriêre as twadde amtner op de sekretary by de gemeente Westdongeradiel yn 1913. Fjouwer jier letter waard er adjunkt-kommys yn Swol. Net folle letter gie er al werom nei Westdongeradiel, no as earste amtner. Fan 1921 oant 1931 wie hy gemeentesekretaris fan Barradiel.
Yn 1931 waard er beneamd as boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Dêrnjonken wie er ûnder oaren ynspekteur fan de feriening foar kristlik folksûnderwiis (1931-1950) en lid fan Provinsjale Steaten.

Yn de Twadde Wrâldkriich krige Elgersma dien en waard ferfongen troch in NSB-boargemaster. Nei de oarloch kaam er werom yn it amt. Elgersma hie in hertkwaal, sadat er yn 1949 sykteferlof oanfreegje moast; maaie 1952 waard him earfol ûntslach ferliend. Hy waard opfolge troch Frederik Willem Steenhuisen, dy't him ûnder syn siikwêzen al as waarnimmend boargerfaar ferfongen hie.