Wierd Wijnia
Wierd Wijnia | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 17 febrewaris 1925 | |
berteplak | Iens | |
stjerdatum | 4 maaie 1998 | |
stjerplak | Warkum | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | koartebaan |
Wierd Sjoerd Wijnia (Iens, 17 febrewaris 1925 – Warkum, 4 maaie 1998) wie in Nederlânsk langeôfstân-rider en sportbestjoerder.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wijnia wie yn syn jonkheid in fertsjinstlik koartebaanrider. Yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch besocht er it ek op de langebaan, mar hy wie nei eigen sizzen te âld om goed bochten ride te learen. Hy die mei oan de njoggende Alvestêdetocht (1947), wêryn't er as seisde einige. Tegearre mei syn âldere broer Jaap Wijnia, dy’t as fjirde oer de miet kaam, waard er lykwols diskwalifisearre om't er in part mei de auto ôflein hawwe soe. Oars as in oantal oare riders dy’t út de útslach skrast waarden om't se gongmakke wienen troch toerriders, krigen de bruorren Wijnia gjin alvestêdekrúske. Hast fyftich jier nei dato, yn jannewaris 1997, krigen se dochs noch it krúske en in ekskúsbrief fan it bestjoer fan de Feriening De Fryske Alve Stêden opstjoerd.
Wierd Wijnia einige de tsiende Alvestêdetocht (1954) as sânde. Yn de Alvemarrentocht waard er yn 1947 sechsde en yn 1954 tsiende. Yn 1956 die er mei oan de alfde Alvestêdetocht (1956). Mei troch in minne tarieding moast er by Boalsert opjaan. Yn de barre tolfde Alvestêdetocht (1963) stapte er mei trije beferzen teannen by Parregea fan it iis.
Neist syn reedrydprestaasjes hie Wijnia in feehâlderijbedriuw by Koarnwert. Hy wie aktyf yn ferskate lokale maatskiplike en tsjerklike organisaasjes. Sûnt 1963 wie er aktyf yn it gewest Fryslân fan de KNSB. Yn 1968 waard er lid en yn 1969 foarsitter fan de lanlike technyske kommisje fan de KNSB. Yn 1970 waard Wijnia foarsitter fan it gewest Fyslân en bleau dat oan ein 1982 ta.
Yn maaie 1998 ferstoar Wijnia nei in sykte yn 'e âldens fan 73 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|