The Age of Adaline
The Age of Adaline | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Lee Toland Krieger | |
produsint | Sidney Kimmel Gary Lucchesi Tom Rosenberg | |
senario | J. Mills Goodloe Salvador Paskowitz | |
kamerarezjy | David Lanzenberg | |
muzyk | Rob Simonsen | |
filmstudio | Lakeshore Entertainment Sidney Kimmel Entertainment | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Blake Lively Michiel Huisman | |
voice-over | Hugh Ross | |
byrollen | Harrison Ford Kathy Baker Ellen Burstyn | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 april 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske fantasyfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $65,7 miljoen |
The Age of Adaline (namme útspr.: [ˈædəlaːi̭n], likernôch: "eh-duh-laain") is in Amerikaanske romantyske fantasyfilm út 2015 ûnder rezjy fan Lee Toland Krieger, mei yn 'e haadrollen Blake Lively en de Nederlânske akteur Michiel Huisman. De titel is dûbelsinnich, en kin útlein wurde as "It Tiidrek fan Adaline", mar ek as "De Leeftyd fan Adaline". It ferhaal folget it libben fan Adaline Bowman, dy't berne wurdt yn 1908, mar troch in seldsume gearrin fan omstannichheden by in ûngemak op har njoggenentweintichste ophâldt te ferâlderjen. As dat begjint op te fallen, set se útein mei in libben op 'e flecht, wêrby't se falske nammen brûkt en om 'e tsien jier ferdwynt om earne oars in folslein nij bestean te op te bouwen. Se komt yn 'e swierrichheden as se yn 2014, wannear't se 106 jier âld is mar noch altyd 29 liket, smoarfereale rekket op 'e sjarmante Ellis Jones. The Age of Adaline krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tsjeppe jonge frou, dy't Adaline Bowman hjit, mar libbet ûnder de namme Jennifer Larson, keapet yn desimber 2013 yn San Francisco by in ferfalsker in stikmannich nije falske identiteitsbewizen. Neitiid giet se nei har wurk as bibletekaresse, dêr't se frege wurdt om in doaze mei filmkes fan âlde bioskoopsjoernaals ree te meitsjen foar digitalisearring. Wylst se de filmkes ôfspilet, rekket se wei yn oantinkens oan it ferline. In rige flashbacks lit har eftergrûnferhaal sjen.
Adaline Marie Bowman wurdt op Nijjiersdei 1908 berne yn San Francisco. De earste njoggenentweintich jier fan har libben binne net útsûnderlik. Se groeit as op ienlingsbern yn in begoedige fermidden, en moetet yn juny 1929 de yngenieur Clarence James Prescott, dy't meiwurket oan 'e bou fan 'e Golden Gate Brêge. Minder as in fearnsjier letter trout se mei him. Yn 1932 krije Adaline en de man in dochter, dy't se Flemming neame, nei Adaline har beppe oan heitekant. Har man komt op 17 febrewaris 1937 mei njoggen oaren om by in ûngemak by ûnderhâldswurk oan 'e Golden Gate Brêge. Adaline bliuwt efter as widdo.
Tsien moannen letter kriget Adaline sels in ûngemak, wêrby't se troch winterwaar mei glêdens, dat yn Noardlik Kalifornje tige ûngewoan is, op in jûn om 20.53 oere mei de auto fan 'e wei ôfrekket en yn in oerflaktewetter belânet. De kjeld fan it wetter soarget dat troch in anoksyske refleks har sykheljen fan it iene stuit op it oare ophâldt. Binnen in pear minuten giet har lichemstemperatuer omleech oant 301/2 graad. Har hert hâldt op mei klopjen. Dan, om 20.55 oere, wurdt har auto rekke troch in wjerljochtslach. Troch de elektryske skok begjint Adaline har hert wer te klopjen en wurdt se út har steat fan soerstofgebrek skuord, sadat se nei twa minuten ynienen wer begjint te sykheljen. En op basis fan it prinsipe fan elektroanekompresje yn desoksyribonukleïnesoer (dat yn 2035 troch de wittenskipper Von Lehmann ûntdutsen wurde sil), rekket Adaline har DNA ferstive ta in steat dy't ferâldering ûnmooglik makket. Har lichem sil tenei altyd oanhâlde mei 29 jier te lykjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wannear't de jierren foarbygeane en se gjin dei âlder liket te wurden, skriuwt Adaline dat earst ta oan in goed dieet, goede genen en stom lok. Mar meitiid moat se sels ek tajaan dat der wat oars oan 'e hân is. Har net âlder wurden kriget ferfelende konsekwinsjes, mei't it oare minsken begjint op te fallen. Yn 1953 wurdt Adaline foar in lytse ferkearsoertrêding oanholden troch in plysjeman, dy't erchtinkend wurdt as er yn har rydbewiis lêst dat se 45 jier is, wylst se der folle jonger útsjocht. Hy nimt har rydbewiis yn en nûget har foar de oare deis út om op it plysjeburo te kommen. Adaline beslút dat it tiid wurdt foar drastyske maatregels.
Se ferhuzet halje-trawalje fan it plattelân fan Sonoma County werom nei San Francisco, dêr't se heal en heal ûnderdûkt middenmank de grutte befolking fan dy stêd. Se nimt in sekretariële baan oan by de medyske fakulteit fan in universiteit, dêr't se eltse mooglikheid oangrypt om yn 'e medyske bibleteek ûndersyk te dwaan nei har eigen tastân. Lang om let komt se ta de konklúzje dat der alhiel gjin wittenskiplike ferklearring foar har oandwaning bestiet. Wannear't se op in jûn by har wurk opwachte wurdt troch in pear spesjaal aginten fan 'e FBI, dy't besykje har te ûntfieren om tests op har te dwaan, wit se mar nauwerneed te ûntkommen. Se beslút folslein te ferdwinen en bringt de rest fan har libben op 'e flecht troch ûnder falske identiteiten. Se hâldt inkeld kontakt mei har no folwoeksen dochter Flemming. Nea makket se freonen en nea giet se romantyske relaasjes oan. Se lit nea in foto fan har nimme en se hâldt har wenadres foar eltsenien geheim. Har iennichste selskip yn it libben is in opienfolging fan hûnen. Om 'e tsien jier nimt se in oare identiteit oan en tanket se har âlde libben folslein ôf.
Yn desimber 2013 makket Adaline risselwaasje om oankommende febrewaris it alias fan Jennifer Larson ôf te tankjen en te ferhúzjen nei it plattelân fan Oregon, dêr't se fierder libje sil as Susan Fleischer. Op âldjiersjûn giet se út mei de iennichste freondinne dy't se al langere tiid hat, de bline Regan, dy't net sjen kin dat Adaline net âlder wurdt. By de âldjiersfiering yn in eksklusyf hotel, dêr't Regan har mei nei ta nimt, moetet Adaline de sjarmante Ellis Jones, dy't it mei har besiket oan te lizzen. Wittende dat se harsels nea tastean kin om fereale te reitsjen, om't dat yn it ferline alris ta pynlike gefolgen laat hat, wiuwt se syn attinsjes fuort. De oare deis, op har jierdei, Nijjiersdei, moetet se har dochter Flemming, dy't no in âldwyfke fan 81 jier is.
Dy wike giet Adaline wer oan it wurk yn 'e iepenbiere bibleteek, dêr't ta har skrik Ellis ferskynt. It docht bliken dat Ellis yn 'e bestjoerskommisje fan 'e bibleteek sit. Hy hat besletten in kolleksje fan seldsume boeken oan 'e bibleteek te skinken, mar stelt as betingst dat Adaline mei him op in ôfspraakje giet. As se dêrfoar betanket, driget er heal gekjeiend de boeken te ferbrânen. Adaline jout ta en giet mei him út. Se fielt harsels ôfglydzjen nei ferealens, mar lit har dochs ferliede om him nochris te sjen, diskear foar in itentsje by him thús. Dy nachts rekket se mei him op bêd.
De oare moarns, yn 'e taksy ûnderweis nei hûs, komt Adaline by in plantsoen mei in parkbankje lâns. Hja kriget in flashback nei de 1960-er jierren, doe't se yn 'e taksy by datselde plak lâns kaam en der in man op har siet te wachtjen mei in doaske yn 'e hannen dêr't in ferlovingsring yn siet. Dat wie foar har it teken om 'e taksy trochride te litten en te ferdwinen. As se thúskomt, treft se har hûn Reese siik oan. De bistedokter seit dat er nierfalen hat. Der kin neat oan dien wurde en hy riedt oan om 'e hûn ynsliepe te litten om ûnnedich lijen foar te kommen. It oantinken oan in eardere leafde en de dea fan har hûn bringe Adaline op rouwe wize de wurklikheid wer yn 't sin, en se beslút de bluossemjende relaasje mei Ellis ôf te brekken.
Ellis lit it der net by sitte dat Adaline net mear op syn tillefoantsjes reägearret, dat hy snort út 'e boekhâlding fan 'e bibleteek har wenadres op. Hy wachtet har foar har doar op, mar sy wurdt dêr kjel fan en ûnderfynt it as in slimme ynbrek op har privacy. Yn net mis te fersteane bewurdings seit se him it mannewaar op, dat hy dript slûksturtsjend ôf. Letter siket Adaline Flemming op, mei wa't se har nije libben yn Oregon besprekt. As Ellis op 't aljemint komt, bepraat Flemming har mem om it nochris mei him te prebearjen. Sy sjocht nammentlik net yn wêrom't Adaline noch altyd op 'e rin is: de lju dy't yn 'e 1950-er jierren efter har oansieten, moatte dochs grif allegearre al lang dea wêze? En moat Adaline de rest fan har lange, lange libben allinnich bliuwe om't in libbenspartner ferâlderet mar sy net? Se kinne ommers likegoed desennia fan gelokkigens hawwe. Dat, Adaline giet nei Ellis ta en freget him om har te ferjaan foar har hurde wurden. Hy stimt dêrmei yn op it betingst dat se him mei útnimt op in ôfspraakje. Adaline nimt him mei nei in âld pakhûs yn 'e haven, dat yn 'e 1930-er jierren de earste drive-inbioskoop fan San Francisco wie (oerdutsen om't soks doe neffens de pleatslike regels net yn 'e iepen loft mocht).
Ellis freget Adaline om in wykein mei him fuort te gean om syn âldelju te moetsjen, dy't harren fjirtichjierrich houliksjubileum fiere sille. Sy stimt ta en giet mei, en ûnderweis pikke se Ellis syn suster Kikki op. By de filla fan 'e famylje Jones oankommen, moetet Adaline Ellis syn heit William en syn mem Kathy. Ta har skrik blykt William har âlde leafde út 'e 1960-er jierren te wêzen, de jongeman mei de ferlovingsring, de iennichste dy't se sûnt har ûnderdûken yn 'e 1950-er jierren har wiere namme ferteld hat. William ken har fuortendaliks wer en sprekt har mei de namme Adaline oan. Adaline besiket har út 'e sitewaasje te rêden troch te sizzen dat har mem sa hiet en te bearen dat de frou mei wa't William Jones fyftich jier lyn in relaasje hie, har mem wie.
It wersjen mei Adaline (of in frou dy't as twa drippen op har liket) makket by William alderhanne âlde oantinkens wekker. As er in groede op 'e hân fan Adaline sjocht, rekket er alhiel yn betizing, mei't er (as studint genêskunde) fyftich jier lyn by syn freondinne op in kuiertocht eigenhandich in lytse wûne hechte hat, persiis yn 'e foarm fan Adaline har groede. Hy konfrontearret har dêrmei as se allinnich binne, en Adaline jout ta dat sy eins Adaline is, syn eardere freondinne. Oerstjoer fertelt se him dat se oarspronklik "normaal" wie, mar dat se op in stuit opholden is mei ferâlderjen. Ek leit se út dat se al sechstich jier op 'e flecht is om't se deabenaud is om in "spesimen" te wurden, dat inkeld goed is om bestudearre te wurden en testen op te dwaan. Foar dat lêste hat William alle begryp, mar hy smeekt har om 'e wille fan syn soan Ellis om net op 'e nij út te naaien, sa't se mei him dien hat. Adaline antwurdet lykwols dat se net wit hoe't se no noch bliuwe kin.
Yyn panyk om't se foar it earst yn har lange bestean trappearre is, siket Adaline halje-trawalje har besittings byinoar, lit in koart ôfskiedsbryfke efter foar Ellis en set dan ôf yn Ellis syn auto. As Ellis koarte tiid letter it bryfke fynt, konfrontearret er dêr syn heit mei en wol er witte wat William tsjin Adaline sein hat. William wegeret útlis te jaan, mar hy freget syn soan oft er wier fan Adaline hâldt. As Ellis him dêrfan wit te oertsjûgjen, jout er him de kaaikes fan syn eigen auto. Ellis giet efter Adaline oan.
Nei oeren riden te hawwen,set Adaline har auto oan 'e kant fan 'e dyk. No't de panyk wat ôfsakke is, kin se op 't langelêst de sitewaasje goed oertinke. Se beseft dat Flemming gelyk hat en dat se sa net trochgean kin om't in bestean op 'e flecht gjin echt libben is, en om't se iensum is. Se beslút werom te gean nei Ellis, mar as se de auto keare wol, wurdt se ûnferhoeds oanriden troch in pick-uptruck. Har auto wurdt fan 'e dyk ôf raamd, slacht oer de kop en rôlet by in hege berm del. Adaline wurdt bewusteleas út 'e auto smiten. De persoan dy't har oanriden hat, bliuwt eefkes stilstean, mar riidt dan gau troch. Dy jûns snijt it yn Sonoma County foar it earst yn 78 jier, en Adaline begjint hommels oan ûnderkuolling te beswiken. Hja sykhellet net mear en har hert hâldt op mei klopjen. Om 22.07 oere is har lichemstemperatuer sakke oant 301/2 graad. Einlings, yn 'e âldens fan 107 jier, komt Adaline Bowman te ferstjerren.
Tsjin 'e tiid dat Ellis by it plak fan it ûngemak oankomt, is Adaline al fûn troch in passearjende auto. Hy besiket har te reänimearjen mei hertmassaazje en mûle-op-mûlebeäzeming, mar neat liket te helpen. In ambûlânse arrivearret en om 22.09 oere pleatse de ferpleechkundigen twa defibrillatorbatsjes op it boarst fan Adaline. Se tsjinje har 750 volt oan elektrisiteit ta, dêr't har hert wer troch op gong brocht wurdt. Adaline begjint wer te sykheljen en wurdt mei tûzen hasten nei it sikehûs brocht. Dêr docht bliken dat se opmerklikernôch net slim ferwûne is, dat se hoecht der inkeld in skoft ta observaasje te bliuwen. As se wekker wurdt, sit Ellis oan har bêd te wachtsjen. Hy mient mar dat er har op 'e flecht dreaun hat trochdat er de foargeande jûns syn leafde foar har ferklearre hat, mar Adaline seit dat se ek fan him hâldt en leit him de wiere reden foar har útnaaien út. Flemming arrivearret yn it sikehûs, en as se Ellis by har mem oantreft, stelt se harsels foar as de beppe fan "Jenny". Mar Adaline fertelt har dat hy it wit, en Flemming laket fan opluchting.
Krapoan in jier letter wenje Adaline en Ellis gear yn San Francisco, yn in appartemint dêr't Flemming, dy't net mear op harsels bliuwe kin, by harren ynwennet. Ellis en Adaline risselwearje om nei in nijjiersfeest ta, wannear't Adaline yn 'e spegel yn 'e hal wat nuvers gewaar wurdt. Se sjocht nochris better en lûkt by har sliep in earste grize hier út. As Ellis har freget oft se okee is, antwurdet se: "Ja, perfekt." Want op it stuit dat de elektryske skok fan 'e debribrillator troch it lichem fan Adaline hinne gie, krigen de struktueren yn har DNA har oarspronklike bûchsumens werom en waard har natuerlike ferâlderingsproses ferfette.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Adaline Bowman / Jennifer Larson | Blake Lively |
Ellis Jones | Michiel Huisman |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
William Jones | Harrison Ford |
Kathy Jones | Kathy Baker |
Flemming (op jierren) | Ellen Burstyn |
ferteller | Hugh Ross |
Kikki Jones | Amanda Crew |
Regan | Lynda Boyd |
Dale Davenport | Chris William Martin |
de jonge Flemming | Cate Richardson |
"Tony" (Jeff) de ferfalsker | Richard Harmon |
Cora | Anjali Jay |
Miriam | Jane Craven |
erchtinkende plysjeman | Noel Johanson |
dokter yn it sikehûs | Grace Chin |
FBI-agint #1 | Aaron Craven |
Clarence James Prescott | Peter J. Gray |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Age of Adaline waard regissearre troch Lee Toland Krieger nei in senario fan J. Mills Goodloe en Salvador Paskowitz. As produsinten wiene Sidney Kimmel, Gary Lucchesi en Tom Rosenberg by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lakeshore Entertainment en Sidney Kimmel Entertainment. Foar de ûnôfhinklike film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Lanzenberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rob Simonsen.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadrol fan Adaline Bowman waard yn maaie 2010 ferjûn oan Katherine Heigl, mar dy loek har yn novimber fan dat jier út it projekt werom. Der giene geroften dat Lakeshore Entertainment har ûntslein hie, mar dat waard troch beide partijen ûntstriden. Heigl ferklearre letter dat it om in ôfsizzing fan har kant gie, dy't te krijen hie mei it feit dat se koartby in dochterke adoptearre hie. Yn augustus 2011 waard de haadrol oanbean oan Natalie Portman, dy't yn in fraachpetear mei Entertainment Weekly witte liet dat se it oanbod ôfslein hie. Yn oktober 2013 waard úteinlik Blake Lively yn 'e rol fan Adaline cast.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Age of Adaline setten op 10 maart 2014 útein en duorren oant en mei 5 maaie fan dat jier. Se fûnen yn har gehiel plak yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver en omkriten, yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia. De sênes fan 'e nijjiersfiering dêr't Adaline yn 'e kunde komt mei Ellis waarden filme yn it Hotel Vancouver. Foar de sênes út 'e 1930-er, 1940-er, 1950-er en 1960-er jierren waarden anamorfyske linzen brûkt en hast gjin steadicams, sadat de bylden autentiker oanfiele soene. De films Gentlemen Prefer Blondes en How to Marry a Millionaire (beide út 1953) tsjinnen as ynspiraasje foar de kleurnuânse en fersêding fan 'e bylden út dy perioade.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Age of Adaline waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 24 april 2015 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De dvd fan The Age of Adaline waard op 8 septimber fan dat jier útbocht.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Age of Adaline mingde resinsjes. Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com joech de film 3 fan 4 stjerren. Hy wie ferrast troch wat er beskôge as in ferbettering yn kwaliteit healwei de film: "Ik haw noch nea in […] film sa meislepend wurden sjoen krekt op it stuit dat men jin derby dellein hat om him ôf te skriuwen as net mear as ridlik." Hy hie ek grutte lof foar de aktearprestaasje fan Harrison Ford, foar wa't dit neffens Seitz de bêste rol wie "sûnt The Fugitive" (1993), "miskien sels wol sûnt Witness" (1985).
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Age of Adaline in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 170 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] beprakkesearret stjerlikens minder meislepend as beskate films mei in selde tema, mar The Age of Adaline ûnderskiedt him troch aktearprestaasjes dy't jin bybliuwe fan Blake Lively en Harrison Ford." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Age of Adaline in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 32 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, joegen The Age of Adaline trochinoar in 9 op in skaal fan 1 oant 10.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Age of Adaline brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $42,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $23,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $65,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $40,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Age of Adaline waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste fantasyfilm en bêste aktrise (Blake Lively), de People's Choice Awards foar favorite dramafilm en favorite aktrise yn in dramafilm (Blake Lively) en de Teen Choice Awards foar favorite dramafilm, favorite aktrise yn in dramafilm (Blake Lively) en favorite tút (Lively en Michiel Huisman).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske romantyske film
- Amerikaanske fantasyfilm
- Romantyske fantasyfilm
- Unôfhinklike film
- Ingelsktalige film
- Film fan Lakeshore Entertainment
- Film fan Sidney Kimmel Entertainment
- Film fan Lionsgate Films
- Film út 2015
- Film oer ûnstjerlikens
- Film oer âlderdom
- Film oer memmen en dochters
- Film oer in bibletekaris
- Film oer hûnen
- Film oer iensumens