Springe nei ynhâld

Slachterij Terpstra

Ut Wikipedy
Slachterij Terpstra
Slagerij Terpstra
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor slachterij
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 1853
oprjochter Sijbe Pieters Terpstra
eigner Emile Terpstra
offisjele webside
www.slagerijemileterpstra.nl

Slachterij Terpstra (Nederlânsk en offisjeel: Slagerij Terpstra) is in slachterij yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It is in famyljebedriuw dat yn 2018 165 jier bestie en dêrmei ien fan 'e âldste slachterijen fan Nederlân wie. It wie doe yn 'e hannen fan 'e sechsde generaasje fan 'e Terpstra-famylje, wylst de sânde generaasje him opmakke om it bedriuw oer te nimmen.

Sijbe Pieters Terpstra, dy't berne wie yn Ljouwert, fêstige him yn 1840 yn Frjentsjer, dêr't er oan 'e Sjaardemastrjitte in herberge begûn. Trettjin jier letter, om persiis te wêzen op 22 juny 1853, sette er op it adres Eastfliet 65 útein mei in slachterij. Yn 1874 ferfear it bedriuw nei de Dykstrjitte, dêr't it earst fêstige wie op nûmer 50. Yn 1881 ferhuze it nei nûmer 38 (dêr't no de Intertoys sit), en letter nei nûmer 67, om úteinlik te einigjen yn it pân op nûmer 63, it hoekpân fan 'e Dykstrjitte mei de Suderkade, dêr't it hjoed de dei noch sit.

Slachterij Terpstra, yn it hoekpân fan 'e Dykstrjitte mei de Suderkade.

Yn 2003 waard it 150-jierrich bestean fan Slachterij Terpstra fierd mei û.m. in feest, in jubileumboek en koarting foar de klanten. Yn 2018 fierde de slachterij it 165-jierrich bestean. Mei dy âlderdom heart Slachterij Terpstra ta de top 10 fan 'e âldste slachterijen fan Nederlân.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich leveret Slachterij Terpstra op deistige basis fleis foar 400 persoanen. Behalven partikulieren rekkenet it bedriuw ek ferskate soarchynstellings en tehuzen ta de fêste klantekring. In spesjaliteit fan 'e slachterij is de ferkeap fan barbecuepakketten. De hjoeddeiske eigner, Emile Terpstra, stiet ek wol sels mei in barbecue op lokaasje as der eveneminten binne. Dêrnjonken fersoarget de slachterij ek catering foar buffetten.


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Joostema, Sybe, Slagerij Terpstra 165 jaar in Franeker, yn: van Wad tot Stad, 12 juny 2018, s. 9.
  • ——, 165 Jaar Slagerij Terpstra, yn: de Frjentsjerter Krante, 20 juny 2018, s. 25.