Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Burgum)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Burgum
adres Hillamawei 35
koördinaten 53° 11' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
arsjitekt P. Starmans
boujier 1951
Webside
Hiemside parochy Pax Christi
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is de oan de hillige Martinus wijde tsjerke fan de katolike Martinusparochy yn Burgum.

It ûntstean fan in katolike parochy yn Burgum is nau ferbûn mei it krewearjen fan de Fransiskaanske pater Edward Doesburg (1913-1999). De pater wenne yn de Twadde Wrâldkriich yn it Drachtster Karmelkleaster en fan dêr út fersoarge pater Doesburg de geastlike bystân fan de yn de diaspora wenjende katoliken yn de Wâlden. Doe't it kleaster troch de Grüne Polizei foardere waard, moast pater Doesburg ferhûzje en hy sette him yn Burgum nei wenjen. Yn it protestanske bolwurk dat Burgum wie wennen doe mar twa katolike húshâldings, mar it tal katoliken naam yn 1944 hurd ta nei it kommen fan evakuees út it suden fan it lân. Foar it opdragen fan de mis mocht pater Doesburg ynearsten de Krústsjerke brûke, letter waard yn de pleats fan de widdo Baukje Oser-Blom oan de Noardersingel in kapel ynrjochte.

Nei de oarloch bleau pater Doesburg yn Burgum. De evakuees gyngen werom nei hûs, mar in lytse katolike mienskip fan 24 sielen bleau. It tal katoliken naam al gau yn tal ta en mei naam ek de needsaak foar in eigen ûnderkommen ta. Yn 1952 waard tagelyk mei de bou fan in pastorij foar pater Doesburg oan de Hillemawei in nije kapel mei plak foar likernôch 100 parochianen ynwijd.

Yn de twadde helte fan de jierren 1970 folge in útwreiding fan de kapel mei in nije fleugel.[1]

Mei de útwreiding fan de kapel yn 1977 bestie de kapel 25 jier. By dit lustrum waard Burgum in selsstannige parochy en fan ôf dat stuit mocht de kapel in tsjerke neamd wurde.

De Burgumer parochy beslacht foar it measte de noardlike Fryske Wâlden. Sûnt 1984 wurket Burgum nau gear mei de parochy fan Dokkum. De tsjerke fierde yn 2002 it 50-jierrich jubileum, dat iepene waard yn de eardere katolike en sûnt de reformaasje protestanske Sint-Martinustsjerke[2]. Yn it ramt fan it jubileum ferskynde fan de hân fan Hester Dijkstra in boek oer de parochy mei de titel Een reis in geestelijke waar.

Yn 2006 waarden yn it ramt fan in parochiale reorganisaasje yn Ljouwert de doarpen fan de Trynwâlden by de Burgumer parochy foege.[3]

Op 11 novimber, de feestdei fan de patroanhillige fan de tsjerke, waard yn 2007 it fernijde, út de jierren 1950 stammende, parochyhûs ynwijd. De kosten foar it nije parochyhûs koene benammen troch de ynset fan in soad frijwilligers beheind bliuwe ta ûnder de begrutting.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: