Springe nei ynhâld

Sheila Benson

Ut Wikipedy
Sheila Benson
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sheila Benson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 desimber 1930
berteplak New York (New York)
stoarn 23 febrewaris 2022
stjerplak Seattle (Washington)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste
aktyf as filmkritika
jierren aktyf 1970 – nei 2000
offisjele webside
Sheila Benson yn 'e IMDb

Sheila Benson (berne as: Sheila Franklin; New York, 4 desimber 1930Seattle, 23 febrewaris 2022) iwie in Amerikaansk sjoernaliste, dy't bekendheid krige doe't se yn 'e 1980-er jierren as filmkritika foar de foaroansteande krante de Los Angeles Times wurke.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benson waard yn desimber 1930 berne yn New York as Sheila Franklin. Har heit, Dwight Franklin, wie in kostúmûntwerper en har mem, Mary C. McCall jr., wie in senariste en romanskriuwster. Doe't se noch jong wie, ferfear de húshâlding nei Súdlik Kalifornje foar it wurk fan har âldelju yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Sadwaande groeide Benson foar in grut part op yn Beverly Hills, dêr't se middelber ûnderwiis genoat oan 'e Beverly Hills High School. Neitiid studearre se toaniel oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), dêr't se yn deselde klasse siet as aktrise Carol Burnett en akteur James Dean.

Benson wurke foar it earst as filmkritika foar in pleatslike krante, de Pacific Sun yn Mill Valley, in foarstêd fan San Francisco. Dêr bleau se acht jier yn 'e tsjinst. Yn dyselde snuorje wie se ek as filmresinsint op 'e radio aktyf, by in radiostjoerder yn Marin County. Fan 'e winter fan 1978 ôf skreau Benson fierders de kollumn Good Movies (ek wer oer films) yn it tydskrift Co-Evolution Quarterly.

Yn 1981 waard Benson oansteld as de haadfilmkritika fan 'e Los Angeles Times. Dy funksje, dêr't se yn 'e Feriene Steaten bredere bekendheid mei krige, behold se tsien jier, oant april 1991. Yn dy snuorje siet se yn 1984 yn 'e sjuery fan it Filmfestival fan Mill Valley, en yn 1985 wie se sjuerylid op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Oare filmfestivals dêr't Benson troch de jierren hinne yn 'e sjuery siet, wiene it Sundance Filmfestival, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle en it Aspen Shortsfest. Nei't se opholden wie as filmkritika, hie Benson koarte tiid in wyklikse kollumn oer keunst yn 'e Los Angeles Times, foar't se yn desimber 1991 hielendal by dy krante wei gie.

Yn augustus 1995 joech Benson har as filmkritika by de doe nij oprjochte softwareapplikaasje Microsoft Cinemania, in ynteraktive filmgids, dêr't se oan ferbûn bleau oant de opheffing dêrfan yn juny 1998. Dêrnjonken wie se doedestiden dosinte kritysk skriuwen oan 'e UCLA. Se wie lid fan it Amerikaanske Nasjonaal Genoatskip fan Filmkritisy (NSFC), de Alliânsje fan Froulike Filmsjoernalisten (AWFJ) en de Feriening fan Filmkritisy fan Los Angeles (LAFCA). Har resinsjes, fraachpetearen en essays oer de filmyndustry yn it algemien ferskynden yn publikaasjes as Variety, Premiere, Film Comment en The New York Times. Nei't se yn 1996 ferfearn wie nei Seattle, yn 'e steat Washington yn it Amerikaanske Noardwesten, resinsearre Benson sawol films as boeken foar it tydskrift Seattle Weekly.

Benson troude trije kear. Har earste houlik mei Charles Ashley bejeftige har mei twa dochters, Eden en Ann. Har twadde houlik wie mei Walter Benson, mei wa't se in trêde dochter krige, Caitlin. Letter wertroude se foar de trêde kear mei Herman Hong. Dat houlik bleau sûnder bern, mar duorre oant har dea. Mei Hong wenne Benson jierrenlang yn Bellingham, yn Washington, in foarstêd fan Seattle.

Sheila Benson kaam op 23 febrewaris 2022 yn Seattle te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 91 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.