Springe nei ynhâld

Schellach

Ut Wikipedy

Schellach is een buorskip yn de gemeente Middelburch yn de Nederlânske provinsje Seelân.

Eartiids wie Schellach in hearlikheid en in doarp mei in tsjerke, Schellach waard as parochy neamd yn it jier 1274. Yn it ramt fan it belis fan Middelburch yn 1572/'74 waard hast it hiele doarp ferneatige. De direkte omjouwing fan Schellach stiet op de Argeologyske Monumintekaart. In tal terreinen hat de status fan beskerme monumint fanwegen de argeologyske wearde, ûnder oare in stik dat bekend is as de 'Fruitberg', mei spoaren fan in mooglike motte of vliedberg. De hichte moat tusken 1690 en 1738 ôfgroeven wêze. 500 meter fierderop dêrfan leit it ferdwûne doarp. Op it terrein lizze der noch altyd de fûneminten fan in tsjerke en tsjerkhôf dat sa'n 1.30 meter boppe it meanfjild útstekt, in mûne en wat huzen. Fjouwerhûnderd meter súdlik fan Schellach binne spoaren fan in let-Midsiuwske fersterking. Oant 1966 hearde Schellach by de gemeente Vrouwenpolder. Yn de 20e iuw binne der pleatsen boud, dy't no de buorskip foarmje. It iennichste wat der noch oer is fan de tsjerke, is in lytse ferheging yn 'e buorskip. Tichteby de buorskip leit de tsiisbuorkerij Schellach.

Gemeente Middelburch
Stêden:
MiddelburchArnemuiden
Doarpen:
Nieuw- en Sint JooslandKleverskerkeSint Laurens
Buorskippen:
BrigdammeOudedorpNieuwe AbeeleSchellach
· · Berjocht bewurkje