Springe nei ynhâld

Post-punk

Ut Wikipedy

Post-punk is in fariant fan de punkrock, dy't ein jierren '70 populêr begûn te wurden. Bands as The Sex Pistols, The Clash, The Ramones en The Damned spilen gewoane punk rock, wêrby't gebrûk makke waard fan mar trije snaren en wêrby't foaral hiel fluch spile waard. Doe kaam de post-punk: in fariant op de punk wêrby't de muzyk folle komplekser en eksperiminteler wie as de gewoane punk.

Yn post-punk wurde eleminten út ferskeidene muzyksjenres brûkt, sa as krautrock, funk en disco. Bekende bands yn it sjenre binne ûnder oaren The Cure, Joy Division en Echo & The Bunnyman.