Springe nei ynhâld

Pitersyl

Ut Wikipedy
Pitersyl
Pieterzijl
Syldjip rjochting Djipswâl (2010)
Syldjip rjochting Djipswâl (2010)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 230 (2023) [1]
Oar
Postkoade 9844
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Pitersyl
Kaart
Pitersyl (Grinslân)
Pitersyl

Pitersyl (Nederlânsk en offisjeel: Pieterzijl) is in lyts doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân (Nederlân). It leit oan it Syldjip yn it westen fan de gemeente. Pitersyl hie 230 ynwenners op (1 jannewaris 2023).

Pitersyl is ûntstien by in seeslûs, in syl. Dy slûs waard boud troch muontsen út Gerkeskleaster, dy't de slûs nei Sint Petrus neamden en lei op it plak dêr't no de brêge oer it Syldjip is. It Syldjip, dat in ferbining mei de Lauwers hat, is troch de muontsen oanlein.

Oant 1637 hearde it dorp by Fryslân. Yn dat jier waard it tagelyk mei Fiskflyt oerdroegen oan it goa Stad en Lande.

It doarp hat lang in sterk agrarysk karakter hân en wie goed oer it wetter te berikken. De hannel bloeide en der stie in nôtmûne oan it Diepswal. Doe't yn de twadde helte fan de 20e iuw it belang fan de ikkerbou en feeteelt ôfnaam, slonk ek de aktiviteit yn Pitersyl en moast de lêste winkel ein jierren 80 de doarren slute. It doarp waard letter hieltyd mear ûntdutsen troch minsken fan bûten, dy't rêstich en goedkeap wenje wolle. Sa is der in grienmank fan 'Westerlingen', 'Stadjers', âld-Pitersylsters en oare bewenners ûntstien.

Yn de jierren 80 en 90 wie Pitersyl it earste en iennichste plak yn Nederlân mei in frouljuskemping, dêrneist wie it ek in sintrum foar Harley-Davidson-leafhawwers, omdat it doarp in HD-smidterij hie.

Pitersyl is foarsjoen fan in doarpshûs en in tsjerkegebou. De bern gean meast nei de basisskoalle yn Fiskflyt, de pjutten komme by-inoar yn it doarpshûs.

Meniste gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pietersyl wie sûnt 1664 it sintrum foar de menisten yn it Westerkertier. Dat jier waard dêr in fermanje iepene. Dat kaam de pleatslike klassis fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke op it gefoel. De earste fermanje waard dêrom al rillegau wer sluten. In twadde fermaanhûs waard yn 1733 boud. Dat liet men gewurde. De doopsgesinde gemeente hat oant 1892 in fermanje yn Pitersyl hân. It waard nei 1800 lykwols hieltyd dreger om noch in predikant nei Pietersyl te krijen, dat de gemeente is doe mei pastory en tsjerkegebou ferhuze nei Gryptsjerk.

Pitersyl hie ea twa mûnen. Fan 1835 oant 1936 stie der oan it Diepswal in stellingmole. It wie in nôt- en pelmole. Krekt benoarden Pitersyl oan it Syldjip, wie noch ien, in grûnsiler, dy't de efterlizzende polder bemealle moast. It wie de grutste poldermole fan Grinslân. Om 1916 hinne krige er in elektromotor en yn 1938 kaam er in gemaal neist. Yn 1955 is de mole sloopt. Op dit plak stiet no in gemaal mei in wente.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje