Opper-Eastenryk
Opper-Eastenryk
Oberösterreich / Owerésterraich | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje | |
Geografy | |
Soarte gebiet | dielsteat (Bundesland) |
Lân | Eastenryk |
Haadstêd | Linz |
Oerflak | 11.982,52 km² |
Befolking | |
Ynwennertal | 1.490.279 (2020) |
Befolkingstichtens | 124 / km² |
Bûtenlanners | 13,2 % (2020) |
Polityk | |
Landeshauptmann | Thomas Stelzer (ÖVP) |
Regearjende partijen | ÖVP, FPÖ, SPÖ, Grüne |
Ferdieling sitten yn dielsteatsparlemint (Landtag, 56 sitten) |
ÖVP: 21 fan 56 FPÖ: 18 fan 56 SPÖ: 11 fan 56 Grüne: 6 fan 56 |
Lêste ferkiezings | 27 septimber 2015 |
Sitten yn Federale Ried | 11 |
Oar | |
Stifting | 1945 |
Folksliet | Hoamatgsang |
ISO 3166-2 | AT-4 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | www.land-oberoesterreich.gv.at |
Opper-Eastenryk (Dútsk: Oberösterreich, Beiersk: Owerésterraich) is in Eastenrykske dielsteat mei as haadstêd Linz. De dielsteat grinzget oan de dielsteaten Neder-Eastenryk, Stiermarken en Salzburg en dielt de bûtegrins mei Dútslân en Tsjechje.Opper-Eastenryk hiet oant 1918 Österreich ob der Enns en van 1938-1945 Oberdonau.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de midsiuwen hearde in grutter diel fan Opper-Eastenryk foar lange tiid by it hartochdom Stiermarken. Kening Ottokar Přemysl skiede yn de 13e iuw in diel fan Stiermarken ôf en makke dêr it foarstendom Ob der Enns fan. Yn it jier 1264 dûkt de namme supra anasum (Ob der Enns, boppe de Enns) foar it earst yn in oarkonde op
Nei 1490 krige it gebiet as Eastenryksk dielfoarstendom Ob der Enns in sekere foarm fan selsstannigens yn it Hillige Roomske Ryk en Linz waard it sintrum dêr't de ferskate stannen by inoar kamen. Njonken hearen, ridders en prelaten spilen ek de frije stêden in wichtige rol. It lân waard yn 1520 iepene foar de reformaasje en tritich jier letter wie de befolking yn mearderheid protestantsk. By de Habsburgske lânferdieling fan 1564 foel Boppe-Eastenryk tegearre mei Neder-Eastenryk oan de roomsk-dútske keizer Maksimiliaan II
Nei 1600 sette ûnder de keizer Rudolf II de kontrareformaasje yn. Dat brocht de stannen der ta in bûn te sluten mei de Boheemske lannen. De troepen fan karfoarst Maksimiliaan I wist yn opdracht fan keizer Ferdinand II de opstannige partijen lykwols del te slaan. Foar in pear jier waard it foarstendom troch karfoarst Maksimiliaan I bestjoerd en de protestantske adel krige de kar tusken bekearing ta it katolisisme of ferballing.
Nei de Beierske Súksesjekriich waard yn 1779 it eartiids ûnder Beieren fallende Innviertel neffens de bepalings fan it Fredesferdrach fan Teschen by Boppe-Eastenryk foege. Yn de Frânske Tiid waard Boppe-Eastenryk ferskillende kearen troch de Frânsen beset.
Yn 1918, nei de Earste Wrâldkriich en de delgong fan de dûbelmonargy, lei de Republyk Dútsk-Eastenryk de namme Oberösterreich as offisjele namme fan de regio fêst. In jier nei de Anschluss fan Eastenryk op 13 maaie 1938 waard ûnder nasjonaalsosjalistysk Opper-Eastenryk tegearre mei it troch folksdútsers bewenne Súd-Bohemen en it fan Stiermarken ôfskieden Ausseer Land it saneamde Reichsgau Oberdonau. De gebieten waarden nei 1945 wer yn de âlde grinzen werom brocht. Boppe-Eastenryk bleau súdlik fan de Donau tegearre mei it Ausseer Land oant 1955 ûnder de Amearikaanske besettingssône fallen. Noardlik fan de Donau foel Boppe-Eastenryk ûnder Russyske besetting.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas yn alle West-Europeeske lannen foarmje allochtoanen in jimmeroan grutter diel fan de befolking. De measte migranten stamme neffens sifers út 2020 út Dútslân (1,64%), út it eardere Joegoslaavje (likernôch 3%) en Turkije (1,03%). Sûnt de migraasjeweach fan 2015 binne ek de Afgaanske en Syryske mienskippen yn Boppe-Eastenryk grutter woarn. Yn it Mühlviertel wenje sûnt de midsiuwen in pear hûndert Sinti, wêrfan in lyts diel by tellings himsels ek ta dy befolkingsgroep rekkenet.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2001 neamde hast 79,4% fan de befolking him roomsk-katolyk, 4,4% rekkene himsels ta de lutherske tsjerke, wylst 4% himsels islamitysk neamde. 8,8% fan de befolking joech oan gjin religy oan te hingjen. Tsjin it ein fan 2019 wie noch mar 63% fan de befolking katolyk en it protestantske oandiel 3,2%.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1869 | 1890 | 1910 | 1934 | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 1991 | 2011 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 736.856 | 786.498 | 853.595 | 902.965 | 1.108.720 | 1.131.623 | 1.229.972 | 1.269.545 | 1.333.48 | 1.412.640 | 1.473.576 |
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte ynwenners fan de dielsteat prate in middelbeiersk dialekt.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe-Eastenryk foarmet it oandiel fan trije gruttere lânskippen, werfan't de grinzen fan it noarden nei it suden rinne.
It lânskip fan it Mühlviertel noardlik fan de Donau mei noch fjouwer dielen súdlik fan de rivier foarmet in typysk middelgeberchte mei nei it noarden ta hegere toppen. Yn de kontrijen fan de noardwestlike grins fan Boppe-Eastenryk, de krite fan de trijelannenhoeke Dútslân, Tsjechje en Eastenryk, makket de dielsteat part út fan it Boheemske Wâld mei de op de Eastenryksk-Tsjechyske grins lizzende 1.378 meter hege berch Plöckenstein.
Súdlik fan de Donau is Boppe-Eastenryk foar in part it foarlân fan de Alpen (Oberösterreichisches Alpenvorland). Foar in diel is it heuveleftige lânskip mei greide ôfwiksele mei bosk.
It oandiel fan Boppe-Eastenryk yn de Alpen is te ferdielen yn twa regio's: de Salzkammergut en de regio Pyhrn-Eisenwurzen. De Salzkammergut is tige bekend by toeristen en it gebiet telt mear as 70 marren en markes tusken de bergen. Ferneamd binne de Traunsee, de Mondsee, de Attersee, Hallstätter See en Wolfgangensee. Al sûnt de prehistoarje wurdt der sâlt wûn yn it gebiet. Under de Salzkammergut falt ek it eastlike diel fan de Salzburger Alpen mei de Dachstein, Totes Gebirge en Höllengebirge. Yn it gebiet lizze de Dachsteinhöhlen, trije grottestelsels mei spektakulêre ûndergrûnske iisformaasjes.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe-Eastenryk is ûnderferdield yn trije Statutarstädte, stêden dy't selstannige distrikten foarmje, en 15 Bezirke (distrikten), dy't ûnderferdield wurde kinne yn 255 doarpen, 151 Marktgemeinden en 29 stêden.
Nûmer | Namme | Oerflak (km²) | Ynwenners (2020) | Kentekenletter(s) | Status |
---|---|---|---|---|---|
1 | Linz | 96,048 | 206.595 | L | Stêd en distrikt |
2 | Steyr | 26,56 | 38.056 | SR | Stêd en distrikt |
3 | Wels | 45,92 | 62.470 | WE | Stêd en distrikt |
4 | Braunau am Inn | 1.041 | 105.553 | BR | Distrikt (46 plakken, dêrûnder trije stêden en fiif Markgemeinden) |
5 | Eferding | 260 | 33.178 | EF | Distrikt (12 plakken, dêrûnder in stêd (Eferding), trije Marktgemeinden en acht gemeentes) |
6 | Freistadt | 994 | 66.861 | FR | Distrikt (27 plakken, dêrûnder twa stêden en 17 Marktgemeinden) |
7 | Gmunden | 1.432 | 101.859 | GM | Distrikt (20 plakken, dêrûnder trije stêden en sân Marktgemeinden) |
8 | Grieskirchen | 485,34 | 64.875 | GR | Distrikt (33 plakken, dêrûnder twa stêden en 14 Marktgemeinden) |
9 | Kirchdorf | 1.240 | 57.071 | KI | Distrikt (23 plakken, dêrûnder in stêd en seis Marktgemeinden) |
10 | Linz-Land | 460 | 151.371 | LL | Distrikt (22 plakken, dêrûnder fjouwer stêden en sân Marktgemeinden) |
11 | Perg | 614 | 68.968 | PE | Distrikt (26 plakken, dêrûnder twa stêden en 18 Marktgemeinden) |
12 | Ried im Innkreis | 585 | 61.690 | RI | Distrikt (36 plakken, dêrûnder mei Ried im Innkreis in stêd en acht Marktgemeinden) |
13 | Rohrbach | 818 | 56.545 | RO | Distrikt (37 plakken, dêrûnder in stêd en 15 Marktgemeinden) |
14 | Schärding | 618 | 57.391 | SD | Distrikt (30 plakken, dêrûnder in stêd (Schärding) en 9 Marktgemeinden) |
15 | Steyr-Land | 972 | 60.717 | SE | Distrikt (20 plakken, dêrûnder in stêd en seis Marktgemeinden) |
16 | Urfahr-Umgebung | 660 | 86.005 | UU | Distrikt (27 plakken, dêrûnder trije stêden en tolve Marktgemeinden) |
17 | Vöcklabruck | 1.085 | 137.297 | VB | Distrikt (52 plakken, dêrûnder trije stêden en 13 Marktgemeinden) |
18 | Wels-Land | 458 | 73.777 | WL | Distrikt (24 plakken, dêrûnder in stêd en tsien Marktgemeinden) |
-
Histoaryske binnenstêd fan Steyr
-
Slot Ort yn de Traunsee -
Hallstatt -
Burg Clam -
Mühlviertel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielsteaten fan Eastenryk | ||
---|---|---|
Burgenland • Karinsje • Neder-Eastenryk • Opper-Eastenryk • Salzburg • Stiermarken • Tiroal • Vorarlberg • Wenen | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|