Oerlis:Namybje
Appearance
Ik bin it der eins net mei iens dat Namybje yn 'e kategory:Dútske koloanje thúsheart. It hat foarhinne in Dútske koloanje west, dat is wier, mar dat is it al sûnt 1919 net mear. En de Dútske koloanje hiet trouwens net fan Namybje, mar fan Dútsk Súdwest-Afrika. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 sep 2013, 20.39 (CEST)
- Of wy moatte by alle Trêde-Wrâldlannen in "koloniale kategory" derby dwaan, mar dan krije je ek al wer in dûbele fermelding mei bgl. Nederlânsk-Ynje en Yndoneezje. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 sep 2013, 21.00 (CEST)
- Eardere koloanje fan dit of dat? Drewes (talk) 19 sep 2013, 21.08 (CEST)
- Soe kinne. Sa dogge se it yn it Ingelsk en Nederlânsk wol, mar ik haw even by de ynterwiki-links op Wikidata sjoen, en der binne ek genôch talen dy't der gewoan krekt as wy bgl. "Britske koloanje" stean hawwe, ynstee fan "Eardere Britske koloanje". Ik fyn de namme fan 'e kategory sa eins ek wol dúdlik genôch. Mar ik tink dat wy der better allinnich siden yn ûnderbringe kinne dy't eksplisyt oer koloanjes gean. Foar de measte lannen sil dat dus net it lân sels, mar in perioade út it ferline wêze (krekt sa't "Nederlânsk-Ynje" him foar "Yndoneezje" oer ferhâldt).
- Ik haw yn 'e kategory:Britske koloanje wol alle hjoeddeiske Britske dependency's ûnderbrocht. It hyt no oars (behalven Gibraltar, dat de iennichste oerbleaune offisjele koloanje is), mar ik fyn dat it der noch genôch op liket om yn dizze kategory te passen. Yn elts gefal hawwe dy gebieten yn in frijwol gelikense steatkundige konstruksje foarhinne koloanjes west. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 sep 2013, 22.10 (CEST)
- Goed, fiel jo frij. Drewes (talk) 20 sep 2013, 15.51 (CEST)
- Eardere koloanje fan dit of dat? Drewes (talk) 19 sep 2013, 21.08 (CEST)