Kleaster fan Agia Napa
Kleaster fan Agia Napa | ||
Lokaasje | ||
lân | Syprus | |
distrikt | Famagusta | |
plak | Agia Napa | |
koördinaten | 34° 59' N 33° 59' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Tsjerke fan Syprus | |
patroanhillige | Marije | |
Kaart | ||
It kleaster fan Agia Napa is in kleaster yn Agia Napa yn it súdeasten fan Syprus.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering fûn noch yn 'e Byzantynske tiid in hûn fan in jager yn in grot fan 'e bosken dy't dêr eartiids stiene in ikoan fan Marije. De hûn begûn te byljen en mei 't de jager kaam te sjen fûn er in ikoan, dy't al in hiel skoft fermist en mooglik ferstoppe wie yn 'e tiid fan it ikonoklasme. It nijs brocht in soad minsken op 'e fuotten, dy't dêr de ikoan kamen ferearen. Yn 'e 14e waard de grot as tsjerke ynrjochte.
De ikoan en dêrnei ek de krite waard Panagia Napa neamd, itjinge oerset wurde kin as de 'Allerhillichste Teotokos út it bosk'. Nei ferrin fan tiid waard de namme fan de ikoan Agia Napa. Dy namme waard foar it earst yn 1366 neamd.
It kleaster krige syn hjoeddeiske foarm yn 'e 15e iuw yn 'e Fenesiaanske tiid en waard stifte as in katolyk kleaster. Dat barde mei it jild fan in rike Fenesiaanske faam út Famagusta, dy't dêr non waard nei 't har heit har ferbean hie mei ien fan it gewoane laach te trouwen. Doe't de Ottomanen it eilân yn 1571 oermasteren, waarden de katolike bewenners fan it kleaster ferdreaun en de gebouwen oernommen troch de otterdoksen. It kleaster feroare ferskillende kearen fan in nonne- yn in muontsekleaster, oant yn 1758 it kleaster om ûnbekende redenen ferlitten waard.
Yn 1950 waard it kleaster restaurearre en sûnt 1978 waard it in Oekumenysk Konferinsje Sintrum foar de tsjerken op Syprus en it Midden-Easten. Sûnt de Hillige Metropolis Constantia Ammochostos (Famagusta) yn 2007 op 'e nij oprjochte falt it kelaster ûnder it bestjoer fan 'e metropolis.
By it kleaster stiet op 50 m fan it kleaster in nije, ek oan Marije wijde tsjerke út 1994.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|