Klaus Groth
Klaus Groth (*Heide, 24 april 1819 - † Kiel 1 juny 1899) wie ien fan de bekenste nederdútske lyryske dichters en skriuwers. Hy jildt mei Fritz Reuter as ien fan de grûnlizzers fan de Nederdútske literatuer.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in stúdzje oan it seminary yn Tondern (1838–1841), waard er learaar oan in famkesskoalle yn syn berteplak, mar yn 1847 gie er nei de Universiteit fan Kiel om it foech ta lesjaan yn heger ûnderwiis te besetten. Fanwege sykte moast er syn stúdzje dêr ûnderbrekke, dat earst yn 1853 koe er der mei fierder. Yn 1856 waard er doktor yn de filosofy oan de Universiteit fan Bonn en yn 1858 waard er Privatdozent Dútske taal en -literatuer en dêr waard er yn 1866 ek professer. Hy hat oant syn dea yn Kiel wenne.
Groth wie goed befreone mei Johannes Brahms, dy't in protte fan syn sangen op muzyk set hat.
Groth syn Plattdüütsche lyryske en epyske poëzij lit ynfloed Johann Peter Hebel sjen. Groth syn dichtwurk is in poëtyske útering fan it plattelânslibben yn Noard-Dútslân, syn thús. Syn beskriuwings fan it boerelibben mei net altyd like karakteristyk foar Holstein wêze as dy fan Fritz Reuter, mar syn lyryk is wol oarspronklik.
Groth syn wichtichste wurk is Quickborn. Volksleben in plattdeutschen Gedichten dithmarscher Mundart (1853; 25e ed. 1900; en yn it Dútsk oerset troch M.J. Berchem, Krefeld, 1896); en twa dielen ferhellingen, Vertelln (1835-1859, 3e ed. 1881); fierder Vær de Gærn (1858) en Ut min Jungsparadies (1875).
Groth syn Gesammelte Werke ferskynden yn fjouwer dielen (1893). Syn Lebenserinnerungen waarden redigearre troch E. Wolff yn 1891. [1].
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersicht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1853 Die Quickborn (dichtbondel, mei dêryn û.m. Min Anna Is en Ros' So Roth)
- 1855–1859 Vertelln (ferhalen)
- 1858 Briefe über Hochdeutsch und Plattdeutsch
- 1858 Vær de Gærn („Für die Kinder“, bernerymkes)
- 1862 Rothgeter Meister Lamp un sien Dochder (lyryk)
- 1873 Über Mundarten und mundartliche Dichtung
- 1876 Mien Jungsparadies (ferhalen)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaus-Groth-Gesellschaft
- Klaus-Groth-Priis
- http://www.heide-nordsee.de/HEIDE/Museum/Groth/Klaus_Groth_Museum.htm
- http://lowlands-l.net/groth/ (Kar út yn 't Ingelsk)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klaus Groth fan Wikimedia Commons. |