Joachim (hillige)
Joachim wie, neffens ferskate apokrive evangeeljes út de twadde oant de sechde iuw, de heit fan Marije en dus de pake fan Jezus Kristus.
Oerlevering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de katolike en otterdokske tradysje jildt de hillige Joachim (Hebriuwsk: Jojakim) as de man fan Anna en as de heit fan Marije, de mem fan Jezus. Dêrom wurdt Joachim ek wol as de foarfaar fan God oantsjut. Yn de Koaran wurdt er ‘Imrān neamd.
Neffens de lear fan de roomske tsjerke waard Marije troch it heilsplan fan God al yn de skurte fan Anne foar de erfsûnde bewarre. De evangeeljes yn it Nije Testamint neame de namme fan Marije's heit en mem net. Der wurdt lykwols wolris sein dat de genealogy yn Lukas 3:23-37 net dy fan Joazef mar fan Marije is. Dat soe ynhâlde dat Ely de heit is fan Marije. Guon katolike en otterdokske teologen wolle ha dat Ely in ferkoarte foar fan Eliakim is, wat Jojakim resp. Joachim wêze soe.
It ferhaal fan Joachim en Anna wurdt yn it apokrive proto-evangeelje fan Jakobus ferteld. Joachim wie in ryk en from man, dy't regelmjittich oan de earmen en de timpel joech. Om't syn frou lykwols ûnfruchtber wie, wiisde de hegepreester Joachim syn offers ôf. It net hawwen fan bern waard troch de preester beskôge as in teken fan godlik fergunnen. Joachim lûkte him dêrom fjirtich dagen yn de wyldernis werom, dêr't er boete die en fêste. Doe ferskynde in ingel oan sawol Anna as Joachim, dy't harren de berte fan in bern oankundige. Joachim gyng nei Jeruzelim werom, omearme dêr by de Goude Poarte, de yngong fan de timpel, syn frou Anna en hja krigen in dochter mei de namme Marije.
In syklus fan leginden oer Joachim en Anna is ek te finen yn de Legenda aurea.
De feestdei fan de hillige Joachim waard eartiids op 16 augustus fierd. Op de roomske kalinder falt de feestdei fan Joachim tsjintwurdich tegearre mei dy fan syn frou Anna op 26 july.
Joachim is de patroanhillige fan pakes en heiten en de stêd Adjuntas yn Porto Riko. Fakentiden wurdt er as in âlde man ôfbylde mei in stêf, skeppe en/of in laam of dowen. Ek wurdt er faak njonken syn frou Anna of syn dochter Marije ôfbylde.
Feestdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke: 26 july
- Eastersk-Otterdokske Tsjerke, Armeensk-Apostoalyske Tsjerke: 9 septimber
- Koptyske Tsjerke: 2 april
- Syrysk-Otterdokse Tsjerke: 25 july
- Maronityske Tsjerke: 9 septimber, 20 novimber
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Joachim (Heiliger)
|