Jirnsum
Jirnsum | ||
Byldsje fan de Jirnsumer Kat | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.385 (2022) [1] | |
Oerflak | 9,11 km² lân: 8,76 km² wetter 0,35 km² | |
Befolkingsticht. | 158 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 04'N 5° 47'E | |
Offisjele webside | ||
www.jirnsum.com | ||
Kaart | ||
Jirnsum is in doarp oan de âlde wei nei Oerisel yn de gemeente Ljouwert. Nei in grutte doarpsrenovaasje is de âlde buorren in moai foarbyld fan in lintdoarp. It trochgeande ferkear wurdt no oan de westkant om it doarp hinne laat. Oant 2013 hearde Jirnsum by de doe ophefte gemeente Boarnsterhim). Foar 1984 wie Jirnsum part fan de eardere gemeente Raerderhim.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpsgebiet fan Jirnsum wurdt oan de eastlike begrinze troch de De Boarn, oan de súdlike kant de Nije Wjittering en de Sâlte Grêft, de westlike kant de Krúsbrekken en de Flânsumer Feart en it doarpsgebiet fan Raerd. Yn dat gebiet lizze ek de buorskippen Abbenwier, Fjouwerhuzen en Foutebuorren. De beboude kom fan Jirnsum leit oan de eastlike râne fan 'e himrik.
Wetter by Jirnsum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jirnsum leit oan de Boarn. Dy hjit dêr Rak fan Ungemak om't de meänders súdlik fan Jirnsum oant Aldskou sa min te besilen wiene. Sûnt maaie 1951, doe it Prinses Margrietkanaal iepene waard, giet de beropsfeart net mear troch de Grou en it Rak fan Ungemak en dus ek net mear by Jirnsum lâns. Jirnsum is nei it súdeasten útwreide mei in yndustrygebiet oan it wetter, mei ûnder oaren skipswerven en in soad boatsjeferhierders.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Terp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Jirnsum hawwe al sûnt it begjin fan de jiertelling bewenne west, mar oant yn de 11e iuw de Leppedyk en de Himdyk oanlein waarden, wie der allinnich bewenning op terpen. It âlde Jirnsum, dat al sûnt de midsiuwen bestiet, wie ek in terpdoarp. De tsjerke en de huzen stiene op in terp oan de noardwestside fan it hjoeddeiske doarp. Yn de rin fan de tiid hat it doarp him ferlein nei de dyk en de Boarn ta, sadat op it lêst hast allinne de tsjerke op de terp oerbleau. Yn 1879 is ek de âlde tsjerke ôfbrutsen en fan 1902 ôf is doe it grutste part fan de terp ôfgroeven. Allinne it hôf fan de eardere tsjerke en in stikmennich âlde wenninkjes lizze noch op de âlde terp. Op it plak fan de eardere terp leit tsjintwurdich in iisbaan.
Belang fan Jirnsum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 734 ferlearen de Friezen harren frijheid doe't se yn de Slach by Jirnsum ferslein waarden troch Karel Martel en ûnderhearrich waarden oan de Franken. Jirnsum hat ek in bluodderich oandiel hân yn de partijtiid en in rol spile yn de Spaanske tiid. Dat hie te meitsjen mei de strategyske lokaasje fan Jirnsum. De Himdyk en de Leppedyk wiene twa wichtige wegen, wylst de Alde Wjittering in grins en in farwei wie. Oer it wetter koe men nei it noarden nei Ljouwert komme en nei it suden nei Snits en de Súdwesthoeke. Fan oarsprong wie Jirnsum in ier midsiuwsk, agrarysk terpdoarp, mar dat karakter gie alhiel ferlern nei't it doarp 'oan 'e kuier' gie en in dykdoarp waard.
Bebouwingslint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it lêst fan de 18e iuw, doe't de tsjerke noch op de terp stie en de bebouwing op 'e tsjerkebuorren te finen wie, waard Jirnsum sa beskreaun: Hier is een needrige buurt, door welke de meergemelde rydweg naar de Schouw loopt, en in het Oosten naby deeze buurt heeft men het algemeene vaarwater der Groote schepen, die van Leeuwarden, door de Lemmer of Stavoren, naar andere Provinciën willen. It doarp leit westlik fan de Boarn en it hat dêrtroch rjochtstreekse ferbiningen nei alle rjochtingen. It doarp strekte him út by de kant fan de Boarn en de trochgeande rydwei lâns mei bebouwing oan beide kanten. Nei de ferbettering fan de dyk ta ryksstrjitwei yn 1826-1828 waard de bebouwing tichter en koe it doarp him fierder útstrekke. Dêr tuskenyn steane opfallend fraaie boargerhuzen út de desennia om 1900 hinne; de wolstân fan de Jirnsumers is derfan ôf te lêzen.
Yn dat bebouwingslint kamen sa healwei de tsjerken te stean fan de net lytse roomske mienskip en de skûltsjerke fan de menisten. De fermanje stiet der noch, in ein efter de roailine. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in aardige neoklassisistyske tagongspartij. De roomske Sint-Markustsjerke út 1709 wie tige ienfâldich en is yn 1864 ferfongen troch in neogoatyske tsjerke dy ‘t oan it noardein fan it doarp kaam te stean en yn 1966 ferfongen troch in moderne tsjerke. Wilens naam de betsjutting fan de Kerkebuert sterk ôf. De midsiuwske terptsjerke, wijd oan de hillige Mauritius,[2] hie in sealtektoer en is yn it lêst fan de 19e iuw fanwege boufalligens ôfbrutsen en op in oare lokaasje ferfongen troch nijbou oan it súdlike ein fan de streek fan de Rykswei. It tsjerkhôf bleau sûnder tsjerke efter op de Tsjerkebuorren. Inkeld de strjitnamme Kerkebuurt is in neitins oan de âlde sitewaasje.
Organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suvelkoöperaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jirnsum wie ien fan de earste doarpen dêr't in koöperative Tsiis- en Bûterfabryk ta stân kaam. Yn 1888 stutsen seis boeren út Raerderhim, Utingeradiel en Idaerderadiel de koppen byinoar en rjochten it "Coöperatieve Kaas- en Roomboterfabriek" op. Fanwege de lizzing fan Jirnsum oan de Boarn en de Rykswei koe de molke sawol oer it wetter as oer de dyk oanfierd wurde út omlizzende doarpen dêr't noch gjin fabryk wie. De koperaasje soe de krisisjierren fan de 20e iuw lykwols net oerlibje. Op de âlde maaie fan 1938 waard it fabryk sletten. De boeren sleaten har oan by de koperaasje fan Sibrandabuorren.
It gebou hat noch in skoft bestean. Earst as opslach fan Douwe Egberts en letter siet der in piano- en oargelhanneler yn. Yn 1981 kaam it gebou yn hannen fan de gemeente, dy't it tsjin de flakte goaide en dêr wenten sette liet. De direkteurswente stiet der noch en de gevelstien mei de nammen fan de oprjochters is werom te finen yn in bank oan de Boarn.
Rabobank
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oare Jirnsumer koöperaasje dy't it wat langer folhâlden hat, wie de “Coöperatieve Boerenleenbank Oudeschouw W.A.” oprjochte op 1 maaie 1920. Yn 1970 gie de Boerelienbank op yn de Rabobankorganisaasje, in fúzje fan (hast) alle Boerelienbanken en Raiffeissenbanken yn Nederlân. Op 1 oktober 1977 fusearre de Rabobank Aldeskou, dy't destiids lykas de fúzjepartner út Aldeboarn in bykantoar yn Akkrum hie, ta Rabobank Boorneschouw mei it haadkantoar yn Akkrum. Op 1 july 1990 fusearre dy wer mei de Rabobank op It Hearrenfean. Oan de ein fan de jierren 1990 waard it kantoar yn Jirnsum sletten en ferfongen troch in mobyl kantoar dat oant april 2007 yn bedriuw west hat.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jirnsum hat in feriening foar Pleatslike Belang. De Jirnsumer doarpskrante hjit 'De Stim jan Jim'. Sûnt 1973 wurdt de âlde skoalle brûkt as doarpshûs. Nei in yngripende ferbouwing hjit it sûnt 1991 'It Kattehûs' (nei de skelnamme 'Jirnsumer katten'). De jongereinklub hat dêr it hinnekommen en de pjutten hawwe ûnderdak yn 'It Kattekuorke'.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle trije tsjerken fan Jirnsum hawwe tsjintwurdich in sekuliere funksje krigen. De Jirnsumer Fermanje waard al yn 2006 sletten, de herfoarme Mauritiustsjerke folge yn juny 2010 en yn 2015 waard foar it lêst in eucharistyfiering yn de Sint-Markustsjerke fierd. De Mauritiustsjerke en de Fermanje wurde brûkt troch partikulieren, wylst de Sint-Markustsjerke ûnderbrocht is yn in stifting. In diel fan de Markustsjerke docht lykwols noch tsjinst as kapel. De menisten binne ûnderbrocht by de gemeente Mid-Fryslân. (webstee), de herfoarmen by de PKN Jirnsum-Grou (webstee) en de katoliken by de Sint-Fitusparochy (webstee).
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- roomsk-katolike Sint-Radboudskoalle
- iepenbiere basisskoalle It Tredde Sté
Sûnt 2013 binne de twa skoallen ûnderbrocht yn in brede skoalle.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 'Iverto' - follybal
- Keatsferiening Jirnsum
- Muorrekeatsferiening De Wide Stege
- 'Twa & Twa' - toaniel
- De Middelhikke - toaniel
- LOCI -gymferiening
- Fuotbalferiening Jirnsum
- ADYRF - muzikaal toaniel/kabaret
- Fûgelwacht Jirnsum (FB-side)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2003 | 2008 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 943 | 977 | 965 | 1010 | 1130 | 1322 | 1299 | 1.385 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Martijn Theodoor Houtsma (1851–1943), oriïntalist.
- Boukje Keulen (1963-), wedstriidrydster tusken 1983 en 1989.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten fan Jirnsum.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jirnsummers binne bekend ûnder de bynamme fan 'Katten', mooglik fanwege wrede spultsjes dy't earder mei de Jirnsumer Merke mei dy bistjes spile waarden. De merkekommisje yn Jirnsum hat noch altyd de namme De Jirnsummer Kat.
- It doarp is ek bekend om't dêr in grutte stjoermêst foar radio stiet.
- Reedrydster Atje Keulen- Deelstra wie in bekende ynwenster fan Jirnsum.
- Jirnsum leit sûnt 2000 op beide routes fan it Jabikspaad, in kuier- en fytstocht fan 150 kilometer fan Sint Jabik nei Hasselt. Yn 2010 is it pylgermonumint de Jirnsumer Moeting fan âlde moppen fan eardere Fryske kleasters en tsjerken by it Jabikspaad ûntbleate.
- Yn diskoteek 'De Twa Gemeenten' kamen yn de jierren 1970 altyd in soad bands te spyljen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yge Damsma "Jirnsum – fan terp nei Terprâne"
- Sjoke Brunia-de Wolff "Flânsum – geschiedenis en herinnering"
- Symen Schoustra "Historische wandelroutes Jirnsum"
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |