Springe nei ynhâld

Hoek fan Hollân

Ut Wikipedy
Hoek fan Hollân
Hoek van Holland
It sintrum fan Hoek fan Hollân
It sintrum fan Hoek fan Hollân
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
Sifers
Ynwennertal 10.560 (01-01-2023)[1]
Oerflak 1853 km² (14,19 km² lân, 4,34 km² wetter)
Befolkingsticht. 570 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N211 N220 N223
Postkoade 3150-3151
Netnûmer 0174
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 59' NB, 4° 8' EL
Offisjele webside
Webside Hoek fan Hollân
Kaart
Hoek fan Hollân (Súd-Hollân)
Hoek fan Hollân

Hoek fan Hollân (Nederlânsk en offisjeel Hoek van Holland) is in kustplak yn Súd-Hollân, lizzend op de noardouwer fan de Nije Wetterwei dêr't dy yn de Noardsee útmûnet. Hoek fan Hollân is in eardere dielgemeente fan de gemeente Rotterdam, mar leit sa'n 25 kilometer westlik fan de stêd Rotterdam. De gemeente Rotterdam is foar statistyske doeleinen ûnderferparte yn wiken en buerten, Hoek fan Hollân is Wyk 17 (CBS-wykkoade:059917).

It plak grinzget oan de noardeastlike kant oan de gemeente Westlân en oan de súdeastlike kant oan de gemeente Maasslûs. Oan de westkant grinzget Hoek fan Hollân oan de Noardsee en oan de súdkant oan de Nije Wetterwei. Hoek fan Hollân, yn de folksmûle faak koartwei "de Hoek" neamd, hat 10.565 ynwenners (2024) en in oerflak fan 14,1 km².

  • De Oude Hoek
  • Blesplan
  • Berghaven Noord
  • Strandweg Noord
  • Strandweg Zuid
  • Orteliuspad
  • Oud-woningen
  • Ganzenduin
  • De Atlas
  • l'Avenue
  • Rond in de Hoek
  • Thuishaven
  • Hoek van Holland Bad

It gebiet Hoek fan Hollân is ûntstien as sânplaat yn de mûning fan de Nije Maas, doe't dy nei de Sint-Elisabetsfloed fan 1421 hieltiten fierder fersâne. Alderlei plannen waarden makke om it farwetter nei Rotterdam te ferbetterjen. Yn 1863 waard definityf besluten ta de oanlis fan de Nije Wetterwei. Dy waard tusken 1866 en 1868 groeven. It trasee rûn troch it gebiet Hoek fan Hollân. Dêr ûntstie in primitive delsetting, de "Oude Hoek" (tsjintwurdich it Súdlik Strânsintrum), dêr't in soad arbeiders en heger personiel fan Rykswettersteat har fêstigen.

Hoek fan Hollân foel yn it earstoan bestjoerlik ûnder de gemeente 's-Gravenzande. It krewearjen fan de Hoekenezen om it plak om te foarmjen ta in selsstannige gemeente mislearre. Op 1 jannewaris 1914 waard Hoek fan Hollân by Rotterdam foege. Nei de Earste Wrâldoarloch begûn it doarp him te ûntwikkeljen, it wurdt sûnttiids ynformeel ek wol 'Rotterdam oan See' neamd.

It monumint ta weromtinken fan de bernetransporten Channel Crossing to Life troch Frank Meisler & Arie Ovadia, ûntbleate yn novimber 2011

De bernetransporten, dêr't fan desimber 1938 ôf oant it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich Joadske bern út Dútslân, Eastenryk, Poalen en Tsjechoslowakije nei Ingelân ta brocht wurde koene, gie fan de berne-ynrjochtings ôf it meast mei de trein nei Nederlân. It oerstekken nei Harwich barde foar it grutste part út Hoek fan Hollân wei. De transporten waarden ûnderstipe troch de Nederlânske oerheid en troch frijwilligers. It earste transport, dy't op 1 desimber 1938by it Berlynske Anhalter Bahnhof úteinsette berikte Ingelân de folgjende deis. By it tastean fan it bernetransport makke de Britske oerheid út dat de bern net âlder as santjin jier wêze mocten en dat harren âlden net meikommekoene. De nazys makken út dat de bern gjin ôfskied fan de efterbliuwers nimme mochten. Tsjin de tiid dat de kriich yn 1939 útbriek, waarden op dy manier likernôch 10.000 bern nei Grut-Brittanje brocht. It monumint is ien út in rige fan fiif op de rûte fan de bernetransporten: Londen (2006), Berlyn (2008), Gdansk (2009), Hoek fan Hollân (2011) en Hamburch (2016). Hja waarden allegear makke troch Frank Meisler dy't sels yn 1939 út Hoek fan Hollân wei dêr diel fan út makke.

Koningin Emmaboulevard

De A20 begjint likernôch 10 kilometer eastlik fan it doarp by Westerlee rjochting Rotterdam en Utert. Dy wei ferbynt mei de A4 fan Amsterdam nei Bergen op Zoom 17 km eastlik fan it doarp.

De Hoekske Line, earder it spoar fan Skiedam nei Hoek fan Hollân, wie in 24 km lange ôfspjalting fan de treintsjinst fan it Stasjon Skiedam-Sintrum ôf oer Flaardingen en Maasslûs. De lêste twa stasjons fan de line leine yn it doarp: Hoek fan Hollân Haven, it foarlêste stasjon tichteby it sintrum, njonken de fearboatterminal en de lytse haven, de Berghaven: Hoek fan Hollân Strân, it einpunt leit it tichtste by it strân. De spoarline waard yn 1893 yn gebrûk nommen en waard yn 1935 elektrifisearre. Ynternasjonale treinen rieden út Berlyn en Moskou wei en ferbûnen dy mei Londen fia de feartsjinst. Fan 1928 oant 1939 en fan 1962 oant 1979 wie Hoek fan Hollân it noardlike einpunt fan de Rheingold Express nei Frankfurt en Genève. Tsjinsten op de line nei Rotterdam Sintraal waarden oant 2017 oerdeis alle heal oeren útfierd troch NS, doe't de line sletten waard.

Dêrnei waard de line omboud ta in metro/flugge tramsysteem. It waard yn septimber 2019 wer iepene, as in útwreiding fan de Rotterdamske metro/lightrail. De metro/flugge tram fan Hoek fan Hollân einiget by it strân en stoppet by it fannijs ûntwikkele metrostasjon Hoek fan Hollân Haven, dêr't er op de fearboat fan de Stena Line nei Harwich by oanslút. It slút oan oare kant oan op de Nederlânske treintsjinsten op it Stasjon Skiedam Sintrum, Stasjon Rotterdam Blaak en Stasjon Rotterdam Alexander en nei in oerstap op oare metrolinen op metrostasjon Beurs nei Rotterdam Sintraal.

De Stena Hollandica leit yn de haven njonken stasjon Hoek fan Hollân Haven.

Alhoewol't de haven fan Hoek fan Hollân net sa grut is, is Hoek fan Hollân ynternasjonaal bekend troch de feartsjinst nei Ingelân. De feartsjinst fart sûnt 1893 nei de Ingelske havens Harwich (passazjiers en fracht) en Killingholme (allinnich fracht). De oanlisstegers lizze tichteby it sintrum en stasjon Hoek fan Hollân Haven. De passazjiershal is direkt ferbûn mei dat stasjon.

Stoarmfloedkearing Nije Wetterwei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken Maasslûs en Hoek van Hollân lei it slútstik fan de Deltawurken, de Maeslantkearing. De Maeslantkearing moat it Súdhollânske rivieregebiet beskermje tsjin ekstreem hege wetterstannen op see. Foardat de Maeslantkearing sluten wurdt, moatte de measte gebieten yn it havengebiet al mear as in meter ûnder wetter stean. By in fierdere, driigjende oerstreaming út see wei slute twa mânske doarren de Nije Wetterwei ôf en beskermje it rivieregebiet en de havens.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hoek van Holland fan Wikimedia Commons.