Hûnsrich
Hûnsrich Hondsrug | ||
berchtme | ||
Hûnsrich út Bronnegerveen wei rjochting Drouwen sjoen | ||
geografy | ||
diel fan | Hûnsrichsysteem | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte Grinslân | |
sifers | ||
lingte | 70 km | |
heechste punt | Hoantsjedún | |
hichte | 26,5 m | |
geology | ||
yndieling | heuvels | |
stiensoarte | balstien |
De Hûnsrich (Nederlânsk en Nedersaksysk: Hondsrug) is in sânrich fan 70 km op de eastrâne fan it Drintsk Plato, fan Grins oant Erica. Der wurdt meast oannaam dat de Hûnsrich in sydmorene is. De namme soe komme fan Hunze-rich, nei de stream dy't oan de eastkant de rich bylâns rint.
It noardlikste punt fan de Hûnsrich is yn Grins, dêr't it Heechstrjitsje it hichtepunt fan Grins foarmet. Yn it suden is it Hoantsjedún by Emmen it heechste punt fan Drinte, mei 26,5m hichte.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hûnsrich is de grutste fan in stikmannich rêgen dy't in kompleks fan parallel rinnende langhalige rêgen foarmje. De oare rêgen binne de Rêch fan Tynaarlo, Rolderrêch, De Rêch fan Zeijen, de Rêch fan Noardhorn en de Rêch fan Noarch[1][2]. Dy subglasiale rêgen waarden foarme yn de lêste faze fan de op ien nei lêste iistiid, it let-Saalien likernôch 130.000 oant 150.000 jier ferlyn. De rêgen besteane út balstiennen dy't troch it lâniis meinommen waarden. De Hûnsrich rûn eartiids fan Emmen nei Baflo yn Grinslân. Oan de eastkant fan de Hûnsrich ûntstie yn it Eemien de Hunzedelling. De streamen fan it raanwetter yn dy delling brutsen yn it Eemien tusken Grins en Sauwerd troch de Hûnsrich en doe ûntstie der op dat plak de Keningsleechte. Yn it Holoseen waard it noardlike part bedutsen mei klaai.
Earder waard tocht dat de Hûnsrich in driuwwâl is. Oanwizings dêrfoar binne lywols allinnich fûn yn it súdlike part. Om't de rêgen allegear spierrjochte foarmen hawwe, wurdt de Hûnsrich as in kompleks fan megaflutes beskôge[3]. In oare fyzje is dat tektoanyske warberens laten ta it foarmjen fan de rêgen yn it gea. Troch seismysk ûndersyk binne dêr gjin oanwizings foar fûn.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hûnsrich fan Wikimedia Commons. |