Springe nei ynhâld

Eaststellingwerf

Ut Wikipedy
Eaststellingwerf

It Aekingersân yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld.
flagge wapen

Wapen fan Eaststellingwerf
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Jack Werkman (VVD[1]
sifers en geografy
haadplak Easterwâlde
grutste plak Easterwâlde
ynwennertal 25.914 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 114 / km²
oerflak 226,11 km²
● wêrfan lân 223,42 km²
● wêrfan wetter 2,69 km²
tal doarpen 13
ferkearsieren N381, N351, N380
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Eaststellingwerf
oar
netnûmer 0516
postkoade 8421–8435
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ooststellingwerf.nl
Kaart fan gemeente Eaststellingwerf

Eaststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Ooststellingwerf; Stellingwerfsk: Ooststellingwarf) is in gemeente yn it súdeasten fan Fryslân, mei in oerflak fan 226,11 km², wêrfan 2,69 km² wetter. De gemeente hat 25.914 ynwenners (1 jannewaris 2024).[2]

Eaststellingwerf foarmet tegearre mei Weststellingwerf de Stellingwerven. De gemeente leit oan de grins mei Drinte; op dizze grins leit it nasjonaal park it Drintsk-Fryske Wâld, dêr't grutte bosken lizze en in sânferstowing, dy't it Aekingersân of de Keale Duinen neamd wurdt. It heechste punt yn de gemeente is de op 26,6 m lizzende top fan de Boskberch, ek flakby Appelskea. Oan de eastkant fan de gemeente, tusken Appelskea en Feanhuzen leit it Fochtelerfean. De rivieren de Lende en de Tsjonger ûntspringe yn dizze gemeente.

Yn 1328 skieden de Stellingwerven, en dus ek it gebiet dat hjoed de dei Eaststellingwerf foarmet, harren ôf fan Drinte dat op dat stuit ûnder it bewâld fan de biskop fan Utert stiet. Sûnt dan foarmet it gebiet in eigen autonoom gebiet dat bewâlde wurdt troch stellingen, wat de namme foar it gebiet ek ferklearret. Yn 1498 komt it gebiet yn hannen fan Albrecht fan Saksen, dy't it gebiet yn 1504 by Fryslân yndield. De Stellingwerven waarden sadwaande ien fan de Fryske gritenijen. Yn 1517 folget de splissing tusken East- en Weststellingwerf en ûntstiet it gebiet sa't dat der no is.

It gebiet foarme lange tiid in buffer foar fijannen dy't Fryslân ynlûke woenen. By Aldeberkeap, de Bekhofskâns, en by Donkerbroek, de Breeberchskâns, waarden fortifikaasjes makke. Tegearre mei ferskate ynundaasjes hawwe de forten der ûnder oare ta laat dat Bommen Berend it gebiet net ynlûke koe.

Yn de 18e iuw kaam de feantsjerij opsetten yn it gebiet. Nije feankoloniale doarpen ûntstienen wêr't it libben min wie. Under dizze omstannigens ûntstie in gebiet wêr't it sosjalisme in soad oanhingers hie. De gritenij Eaststellingwerf waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

Hjoed de dei is Easterwâlde it haadplak fan de gemeente. Mar yn it ferline binne ek Makkingea en Aldeberkeap haadplak fan it gebiet west. Sûnt 1885 is Easterwâlde definityf it haadplak fan de gemeente wurden.

It haadplak is Easterwâlde (Makkinga, 1812 - 1855 Aldeberkeap, 1855 - 1886 Makkinga) en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeberkeap, Appelskea, Donkerbroek, Elslo, De Fochtel, De Haule, Haulerwyk, Langedike, Makkingea, Nijeberkeap, Ravenswâld en Waskemar.

Wapens en flaggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plakken Aldeberkeap, De Fochtel, De Haule, Easterwâlde, Langedike, Makkingea, Nijeberkeap, Ravenswâld en Waskemar ha gjin wapen. De plakken De Haule, Easterwâlde, Langedike en Nijeberkeap ha gjin flagge.

De gemeenterie fan Eaststellingwerf bestiet út 21 sitten. De Partij fan de Arbeid hat lange tiid de grutste partij fan Eaststellingwerf west, mar sûnt de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 is de lokale partij EaststellingwerfskBelang de grutste. It kolleezje wurdt sûnt 2022 foarme troch it EaststellingwerfskBelang, GrienLinks, de PvdA en de VVD. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 1998.

Ferkiezingsresultaten foar de gemeenterie sûnt 1998:[3]

Gemeenteriedssiten
Partij 1998 2002 2006 2010 2014 [4] 2018 2022
OoststellingwerfsBelang ¹ 4 7 6 7 5
GrienLinks 2 2 1 1 2 2 3
PvdA 8 7 8 5 4 3 3
CDA 5 6 4 4 4 3 2
VVD 4 4 3 2 2 3 2
Vrije Partij Ooststellingwerf 2
Lokaal Sociaal Ooststellingwerf 2
KristenUny ² 1 1 1 1 1 1 1
D66 1 1 1 1 1 1
StellingwerfPlus 1 1
Totaal 21 21 21 21 21 21 21
Opkomst 63,2% 59,5% 63,7% 56,9% 55,7% 54,3% 52,5%

¹ Frysk: EaststellingwerfskBelang
² GPV in 1998

Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2018-2022:[5]

  • Boargemaster: Sandra Korthuis (VVD)
  • Wethâlders:
    • Esther Verhagen (EaststellingwerfskBelang)
    • Fimke Hijlkema (PvdA)
    • Marcel Bos (CDA)
    • Marian Jager-Wöltgens (ûnôfhinklik)

2022-2026:

  • Boargemaster: Jack Werkman (VVD)
  • Wethâlders:
    • Esther Verhagen (EaststellingwerfskBelang)
    • Gerben But (GrienLinks)
    • Jelke Nijboer (PvdA)
    • Jan van Weperen (VVD)

Media yn Eaststellingwerf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kranten

Radio

Histoarysk sjoen makket Eaststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen troch it Nederlânsk en it Frysk ferdreaun. Yn Eaststellingwerf hat likernôch 11% fan de minsken it Stellingwerfsk as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 44% en it Frysk troch 38% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.[6] It Frysk wurdt benammen yn it noardlike part fan de gemeente, boppe de Tsjonger sprutsen, yn de doarpen Haule, Haulerwyk, Waskemar en Donkerbroek. Troch de eardere migraasje fan in soad Fryske feanarbeiders wurdt der ek yn Appelskea in soad Frysk praat. Yn Makkingea en Aldeberkeap bestiet in treftige mienskip Friezen.

Yn Eaststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied makke op it mêd fan de Fryske taal.[7]

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2003 - 26.760
  • 2006 - 26.125
  • 2010 - 26.235
  • 2016 - 25.571
  • 2021 - 25.464

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

  1. Nieuwe burgemeester van Ooststellingwerf Jack Werkman geïnstalleerd, omropfryslan.nl, 18 april 2023
  2. Informatie gemeente Ooststellingwerf, AlleCijfers.nl
  3. Ooststellingwerf, nlverkiezingen.com
  4. Ooststellingwerf, Kiesraad (ôfwykt fan resultaat fanwegen listferbining PvdA en GrienLinks)
  5. College van B&W, gemeente Ooststellingwerf
  6. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 266 ISBN 9789001779047
  7. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 177 ISBN 9789001779047
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ooststellingwerf fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Eaststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
· · Berjocht bewurkje