Fjoerstien
Floerstien is in stiensoarte dy't faak yn klompen kalkstien fûn wurdt en meastal brún of griis fan kleur. It is tige hurd en bestiet út kryptokristallyn silisiumdiokside. As der in hurde klap op jûn wurdt dan ûntstiet op de sydkanten in skerpe râne.
De stien wurdt fjoerstien neamd fanwege har eigenskippen. As mei dizze stien tsjin in stik izer slein wurdt, springe der fonken ôf, dêr't maklik fjoer mei makke wurde kin, bygelyks as ien der in drûch brânber stik materiaal tsjinoan hâldt (lykas in pluske katoen of drûch mosk). De fûnken ûntsteane troch lytse izerdieltjes dy't spontaan yn de loft oksidearje wêrby in soad waarmte frij komt sadat de dieltsjes gloeien geane.
Yn prehistoaryske tiden (de stientiid) makken minsken lykas de Neandertalers en de Kro-Magnonminsk by foarkar stiennen gebrûksfoarwerpen fan fjoerstien, bygelyks skrabbers, pylkpunten, bilen en klingen .
De âldens fan fjoerstiennen foarwerpen kin skatten wurde oan de mjitte fan ferfining fan de technyk dy't brûkt is by it meitsjen. Omdat de fjoerstiennen gebrûksfoarwerpen net fergean kinne binne sy njonken al dan net bewurke bonken de ienige spoaren dy't wy hawwe fan de prehistoaryske minsk.