Fanta
Fanta | ||
Pepsi logo sûnt 2016 | ||
Lân fan oarsprong | Dútslân | |
Regio fan oarsprong | Noardryn-Westfalen | |
Type | Sinas | |
Fabrikant | Coca-Cola Company | |
Op de markt brocht | 1940 | |
Kleur | giel | |
Farianten | Fanta orange, Fanta orange no sugar, Fanta lemon no sugar, Fanta exotic no sugar, Fanta cassis, Fanta cassis no sugar, Fanta watermelon no sugar, Fanta pomelo no sugar, Fanta #WhatTheFanta 2.0 no sugar | |
webside | cocacolanederland.nl coca-colacompany.com | |
Fanta orange |
Fanta is in koalsoerhâldende frisdrank fan The Coca-Cola Company. Fanta is begûn as sinesappeldrank mei koalsoer. Yn 2009 hat Fanta ferskate smaken lykas Orange,
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanta ûntstie yn de Twadde Wrâldkriich, yn 1940, yn it Dútske Essen doe't Coca-Cola Dútslân net mear oan de goede yngrediïnten foar Coca-Cola komme koe en dêrom in ferfangende frisdrank neffens eigen resept makke. Om't kontakt mei it haadkantoar fan Coca-Cola yn Atlanta net mooglik wie, is Fanta ûntwikkele sûnder tastimming of oerlis[1]. De namme waard yn in brainstoarmsesje betocht as ferkoarte foarm fan it Dútske wurd Fantasie. Yn 1941 waard Fanta registrearre as in Dútsk merk[2] Nei de kriich binne de merknamme en it resept fan Fanta oerdroegen oan it haadkantoar. Ek yn Nederlân is yn de Twadde Wrâldkriich troch it Coca-Cola-fabryk yn Amsterdam in produkt ûnder de namme Fanta op de merk brocht. It Nederlânske resept wie op basis fan flearssop[3]. Alle frisdranken dy 't ûnder de merknamme Fanta útbrocht binne nei de Twadde Wrâldkriich hawwe neat mear fan dwaan mei dy oarspronklike farianten út de kriich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|