Duisburg
Duisburg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Sifers | |
Ynwennertal | 495.885 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 232.82 km² |
Befolkingstichtens | 2.100/km² |
Stêdekloft | 11.316.429 (Metropoalregio Ryn-Roer) |
Hichte | 31 m |
Oar | |
Koördinaten | 51° 26′ NB, 6° 45′ EL |
Webside | https://www.duisburg.de/ |
Duisburg (útspr.: [ˈdyːsbʊʁk], likernôch: "dúús-boerk") is in kringfrije stêd yn it westen fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit op it plak dêr't de rivier de Roer útmûnet yn de Ryn. Duisburg is ien fan de stêden fan it Roergebiet en is ien fan de grutste stêden dêrfan. De stêd is de 15e stêd yn grutte yn Dútslân.
Yn de Midsiuwen wie Duisburg in frije ryksstêd en in lid fan it ferbûn fan de Hânze. Nei de Yndustriële Revolúsje waard de stêd in grut yndustrysintrum fan izer-, stiel- en gemyske yndustry. Dêrtroch waard de stêd yn de Twadde Wrâldkriich swier bombardearre. Hjoed-de-dei is dêr de grutste binnenhaven fan de wrâld fêstige, 40 kilometer oan havengebiet mei 21 dokken.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duisburg is in stêd yn it Dútske Rynlân en is de fyfde grutte stêd yn dy goa nei Keulen, Düsseldorf, Dortmund en Essen yn de tichtst befolkte dielsteat fan Dútslân. Mei syn krapoan heal miljoen ynwenners is Duisburg de fyftjinde stêd yn grutte yn Dútslân. De stêd leit op it plak dêr't de Roer útmûnet yn de Ryn yn it westen fan it Roergebiet, dy't sels part is fan de metropoalregio Ryn-Roer.
Yn Duisburg wurdt oarspronklik it Düschbergsch Platt, in regiolekt fan it Noardnederfrankysk, sprutsen. Justjes besuden de stêd rint de isoglosse de Uerdinger liny (ik-ich-liny), dêr't súdlik de Súdnederfrankyske dialekten sprutsen wurdt.
Duisburg hat de grutste binnenhaven yn de wrâld "Duisburg-Ruhrorter Häfen", yn Duisburg-Ruhrort. De tredgrutste lofthaven fan Dútslân, Lofthaven Düsseldorf leit tichteby Duisburg, yn Düsseldorf-Lohausen. De Universiteit Duisburg-Essen is mei 42.747 studinten de njoggende universiteit yn grutte yn Dútslân. De universiteit hat kampussen yn beide stêden en in universitêr medysk sintrum yn Essen. De hjoeddeistige stêd Duisburg waard foarme troch it gearfoegjen fan oanswettende gemeenten en lytsere stêden.
De stêd is ferneamd om syn stielyndustry. Alle heechhûnen fan it Roergebiet binne fêstige yn Duisburg. Yn 2000 waard 49% fan al it leadsetten en 34,4% fan de produksje fan rûchizer yn Dútslân waard produsearre yn Duisburg.
Der is ek in grutte brouwerij, de König Brauerei, yn de stêd.
Duisburg is ferbûn troch ferskate autodiken: de A3 dy't eastlik om Duisburg rint fan de Nederlânske grins by Arnhim nei Keulen; de A57 rint bewesten Duisburg fan Nimwegen nei Düsseldorf; de A40 rint fan Fenlo nei Bochum, de A42 is in east-westferbining yn it Roergebiet.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duisburg leit yn de Nederrynske Leechflakte op de grins fan it Berchske Lân. Duisburg wurdt begrinzge troch de folgjende gemeenten fan it noarden mei de klok mei: Oberhausen, Mülheim an der Ruhr, Ratingen, Düsseldorf, Meerbusch, Krefeld, Meurs, Rheinberg, en Dinslaken.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1 jannewaris 1975 is Duisburg ferparte yn sân stedsdielen (Stadtbezirke) fan noard nei súd:
- Walsum (51,528)
- Hamborn (71,528)
- Meiderich/Beeck (73,881)
- Homberg/Ruhrort/Baerl (41,153)
- Duisburg-Sintrum (105,961)
- Rheinhausen (77,933)
- Duisburg-Súd (73,321)
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duisburg hat in seeklimaat, Cfb neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Izertiid en Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grutte grêfheuvel yn it stedsdiel Wedau jout oan dat de omkriten fan Duisburg al yn de izertiid bewenne wie.
Fan de earste iuw n.Kr. ôf foarme de Ryn de grins fan it Romeinske Ryk. It gebiet bewesten de Ryn foel ûnder de provinsje Germania Inferior mei Colonia Claudia Ara Agrippinensium, it hjoeddeistige Keulen, as haadstêd. Hoewol't de Ryn offisjeel de grins wie, hiene de Romeinen ek in soad ynfloed oer in grutte stripe lân beëasten de Ryn. Fan de tredde iuw ôf ûntstiene beëasten de Ryn fersterke Germaanske delsettings.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it midden fan de fyfde iuw kaam it Ryngebiet yn hannen fan de Franken. Biskop Gregoarius fan Tours beskreau yn syn skiednis fan de Franken, de Decem libri historiarum, oer in kening Klodio dy't yn it midden fan de fyfde iuw út syn kastiel Dispargum wei regearre. De lokaasje fan Dispargum is net bekend, mar yn Duisburg stie yn dy tiid, yn de lettere midsiuwske stedsmuorren, in Frankyske delsetting, en dêrom wurdt Dispargum wol mei Duisburg identifisearre. It kinn lykwols ek mei Duisburg yn Belgje te krijen hawwe. It earste part fan de namme soe op it Germaanske dheus weromgean, itjinge "weagjend" of "glânzend" betsjut. Diuspurgau (Duisburggau) wie de namme fan in iermidsiuwske goa oan de Nederryn.
Yn 883 waard Duisburg troch de Wytsings ynnommen. Yn de maitiids dêrnei ferfearen se lykwols wer, nei't se de stêd plondere en platbaarnd hiene. De stêd waard dêrnei fannijs opboud.
Yn de tsiende iuw waard it al besteande paleis útwreide ta in Keningspalts en yn 1120 waard der in stedsmuorre boud. Om't de stêd geunstich lei, op it punt dêr't de Roer en de Ryn byinoar komme, en oan de Westfaalske helwei, in wichtige west-east hannelsrûte, woeks de stêd tige fluch. Oant 1290 wie Duisburg in frije ryksstêd, mar dêrnei waard er troch kening Rudolf I oan it Greefskip Kleef yn lien jûn, dat letter in hartochdom waard
Yn de iere alfde iuw feroare de rin fan de Ryn en kaam Duisburg fierder fan dy rivier ôf te lizzen. Dochs bleau de haven fan Duisburg noch inkelde iuwen te berikken oer de âlde rivierearm. Yn 1407 waard de stêd lid fan it ferbûn fan de Hânze. Doe't de rivierearm hieltyd mear tichtslike, lutsen de hannelers stadichoan fuort en waard Duisburg ynstee fan in hannelstêd in stêd fan boeren en muontsen. Troch it wurk fan Gerardus Mercator, dy't yn Duisburg wurke en wenne, en it oprjochtsjen fan in universiteit waard Duisburg yn de santjinde iuw ferneamd as wittenskipsstêd.
Yn 1666 kaam Duisburg, tegearre mei de rest fan it Hartochdom Kleef, ûnder Prusen te fallen.
Yndustrialisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de ein fan de santjinde en begjin fan de achttjinde iuw woeksen de tabak- en tekstylyndustry, en dêrmei sette it ûntjaan fan Duisburg as yndustrystêd útein. Yn 1824 waard de earste grutte fabryk, in swavelsoerfabryk, boud. Yn 1831 waard der in kanaal nei de Ryn groeven, dêr't der in gaadlike ferbining nei de Ryn troch ûntstie. Yn it midden fan de njoggentjinde iuw waarden de earste koaleminen yn Duisburg iepene, dy't de izer- en stielyndustry nei de stêd ta lutsen.
Yn 1905 waarden Ruhrort en Meiderich by Duisburg foege, dêr't der in ein oan de konkurrinsje fan de havens fan Ruhrort en Duisburg troch kaam. Mei-inoar soene dy havens útwaakse ta de grutste binnenhaven yn Jeropa.
Ynterbellum en Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Alliearde besetting fan it Rynlân nei de Earste Wrâldkriich waard Duisburg troch Frânske en Belgyske troepen beset om Dútslân te twingen de skea fan de kriich werom te beteljen.
Yn 1929 waarden de gemeenten Duisburg en Hamborn gearfoege ta Duisburg-Hamborn, dy't seis jier letter werneamd waard ta Duisburg.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Duisburg as wichtige yndustry- en havenstêd troch de Alliearden swier bombardearre. Oan de ein fan de kriich wie 80% fan de wenten folslein of foar in part skeind, en waarden 96.000 minsken dakleas.
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldkriich ûntjoech Duisburg him fannijs ta in yndustry- en havenstêd, mei ûnder oaren koaleminen, izer- en stielyndustry. De haven fan Duisburg woeks út ta de grutste binnenhaven yn de wrâld.
De yndustry rûn lykwols yn de twadde helte fan de tweintichste iuw tebek, ûnder oaren troch konkurrinsje mei lannen mei lege leanen. De lêste koalemyn sleat op 26 juny 2008.
Troch it sluten fan grutte fabriken kaam der lykwols de mooglikheid en brek dy fabriken ôf en bou mear havengebiet op de frijkommen terreinen. Yn de iere 21e iuw late dat der ta dat Duisburg in wichtige skeakel waard yn it oerladen fan guod mei sels treinen dy't út Sina wei op de Nije Siderûte ride fan en nei Duisburg.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Salvatortsjerke, boud tusken 1415 en 1513 yn goatyske styl
- Letgoatyske tsjerke yn it stedsdiel Hamborn mei toer yn romaanske styl
- Letromaanske tsjerke yn it stedsdiel Mündelheim, út de 13de iuw
- Jüdisches Gemeindezentrum, nijbou fan Zvi Hecker oan de Innenhafen Duisburg
- It Landschaftspark Duisburg-Nord, in iepenbier park mei as mulpunt in âld heechûnekompleks
- Zoo Duisburg, de bistetún fan Duisburg
Stêdebannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Calais (Frankryk), sûnt 1964
- Gaziantep (Turkije), sûnt 2005
- Lomé (Togo), sûnt 1973
- Perm (Ruslân), sûnt 2007
- Portsmouth (Feriene Keninkryk), sûnt 1950
- Rotterdam (Nederlân), sûnt 1950
- San Pedro Sula (Hondoeras), s☼nt 2008
- Vilnius (Litouwen), sûnt 1985
- Wuhan (Sina), sûnt 1982
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Duisburg fan Wikimedia Commons. |
- Offisjele webside
- (dú) (in) Toeristyske ynformaasje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |