Boris- en Glebkleaster (Dmitrov)
Boris- en Glebkleaster
Борисоглебский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
rajon | Dmitrov | |
plak | Dmitrov | |
koördinaten | 56°20'N 37°31'E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 501420644370006 | |
Webside | ||
(ru) Side kleaster | ||
Kaart | ||
It Boris- en Glebkleaster (Russysk: Борисоглебский монастырь; transl. Borisoglebski-kleaster) yn 'e Russyske stêd Dmitrov is in kleaster fan it Russysk-otterdokse bisdom Sergiev Posad. De earste skriftlike boarne fan it kleaster is út 1472, mar de stifting fan it kleaster is mei wissens folle âlder en giet werom op 'e groeiende ynfloed fan it foarstedom Dmitrov. Neffens de oerlevering soe it kleaster troch Joeri Dolgorûki stifte wêze, dy't ek Dmitrov yn 1154 stifte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn 'e 17e iuw wie it Boris- en Glebkleaster in prinslik kleaster. Foar it behear en ûnderhâld wie it ôfhinklik fan syn beskermhearen, de prinsen fan Dmitrov en Moskou. Mooglik dat de abt fan it kleaster al sûnt de 15e iuw de status fan argimandryt hie.
Nei it dekreet fan Katarina II om kleasters te sekularisearjen, wie it Boris-en Glebkleaster it iennige kleaster fan Dmitrov en omkriten dat iepen bleau. Wol rekke it kleaster yn dy tiid grûn en besit lykas delsettings kwyt. Op basis fan in foutive datearing fan in ûntdutsen byldhoud wyt krús mei de foarstellings fan 'e Trij-ienheid, de Krusiging en de hilligen Basilius, Nikolaas en Joaris waard yn 1888 it 500-jierrich bestean fan it kleaster fierd. Alhoewol't it jubileum net kloppe, brocht de fiering it kleaster wol wer yn 'e belangstelling en yn it ramt dêrfan waarden de katedraal yn 'e oarspronklike foarmen restaurearre en de gebouwen renovearre.
Oktoberrevolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de revolúsje waarden de muontsen nei in oar kleaster stjoerd. Hja waarden ferfongen troch ferballe religieuzen út de Oekraïne. Yn 1926 waard it kleaster sletten troch de autoriteiten om tenei as museum te tsjinjen. Yn 'e jierren 1930 waard it kleaster oerdroegen oan it wurkkamp Dmitlag, dy't it brûkte foar de sintrale administraasje. Yn 'e Twadde Wrâldkriich oant de jierren 1970 brûkten militêren de gebouwen en letter sieten der oant de weromjefte oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke noch ferskillende ynstellings yn.
It kleaster waard yn 1993 restaurearre en sûnt 2003 wennet der yn it Boris- en Glebkleaster wer in lytse kleastermienskip.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stiennen 16e-iuwske Boris- en Glebkatedraal waard yn deselde styl as en nei alle gedachten tagelyk boud mei de Marije-Himelfeartkatedraal yn it kremlyn fan Dmitrov. Yn 'e Tiid fan Unstjoer ferneatigen Poalsk-Litouske bendes yn 1610 Dmitrov en stieken it kleaster yn 'e brân. Mei de brân gyng it hiele kleasterargyf ferlern en it duorre tsien jier ear't der wer útein set wurde koe mei de weropbou. In nije brân yn 1672 soarge wer foar in soad skea, mar no waarden de oarspronklik houten kleastermuorren en it gebou foar de muontsen yn stien werboud. Yn 1685-1687 folge de bou fan 'e stiennen Poartetsjerke fan Sint-Nikolaas. Dêrmei wy it kompleks sa't dat hjoeddedei noch bestiet foltôge. Yn 1702 waard noch in kapel tafoege, dy't tsjintwurdich net mear bestiet, en yn 2004 folge de bou fan in foarse kapel yn neo-russyske styl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|