Springe nei ynhâld

Bolwurktsjerkje De Mouterij

Ut Wikipedy
Bolwurktsjerkje De Mouterij
Bolwerkkerkje De Mouterij
bouwurk
De Mouterij yn 2018
De Mouterij yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Sulverstrjitte 46
koördinaten 53°11′13″ N 5°32′52″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke (fermanje)
subtype skûltsjerke
boujier 1565 / 1578
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18245[1]
offisjele webside
www.demouterijfraneker.nl
kaart
Bolwurktsjerkje De Mouterij (Frjentsjer)
Bolwurktsjerkje De Mouterij

Bolwurktsjerkje De Mouterij is in eardere minnistyske fermanje en skûltsjerke yn 'e Fryske stêd Frjentsjer.[2] It tsjerkje stiet oan 'e Sulverstrjitte, mei de efteroan tsjin it Noarderbolwurk oan. Oarspronklik wie yn it gebou in mouterij fêstige, dêr't mout, in grûnstof foar it brouwen fan bier, drûge en gebrûksree makke waard.[2] Bolwurktsjerkje De Mouterij hat sûnt 1984 de status fan ryksmonumint.[1]

It gebou waard yn 1565 boud mei hout dat neffens dendrologysk ûndersyk ôfkomstich wie út Noarwegen.[2] De earste achttjin jier die it nei alle gedachten tsjinst as wenhûs.[2] Yn 1578 waard it lykwols oankocht troch de bruorren Schellingwou, dy't der in mouterij fan makken en der in drûchskuorre tsjinoan bouden. De bruorren ferkochten harren bedriuw yn 1605 oan 'e minnistyske brouwersfamylje Keest, dy't yn 1611 de helte fan harren saak oerdiene oan in Piter Klazes, dat krektlyk in minnist wie.[2]

Yn in tiid dat it kalvinisme de steatsgodstsjinst fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen wie, waarden minnisten oer it algemien dulde, mar koene se net al te iepentlik foar harren leauwe útkomme. De bou fan in eigen tsjerke wie sadwaande net mooglik. Om dochs in plak te hawwen dêr't se de earetsjinst fiere koene, waarden doedestiden saneamde skûltsjerken makke, dy't ferskûle sieten yn oarsoartige gebouwen.[2] Yn 1656, doe't it bedriuw fan de famylje Keest en Piter Klazes ûnderwilens oernommen wie troch it minnistepear Hâns Jâns en Antsje Sjoukes, waard der op fersyk fan 'e minnistegemeente fan Frjentsjer op 'e boppeferdjipping fan 'e mouterij sa'n skûltsjerke ynrjochte. De ûnderferdjipping bleau yn gebrûk as bedriuwsromte.[2]

De skûltsjerke yn 'e mouterij bestie hast twa iuwen lang, oant der mids njoggentjinde iuw godstsjinstfrijheid yn Nederlân ynfierd waard, en de minnisten fan Frjentsjer iepentlik in nije en rommere fermanje bouwe koene.[2] Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw kaam de skûltsjerke/mouterij leech te stean en rekke it gebou yn ferfal.[2] Op inisjatyf fan 'e Feriening Freonen fan de Stêd Frjentsjer[2] waard yn 2015[3] de Stifting De Mouterij oprjochte, dy't him ynsette foar it behâld fan it histoaryske gebou.[2] Yn it neijier fan 2017 waard úteinset mei in grutskalige restauraasje fan sawol it gebou sels, as fan it fermanje-ynterieur.[2] It wie de bedoeling dat de tsjerkseal yn 'e âlde steat werombrocht waard. Yn 'e rest fan it gebou moasten trije apparteminten en in kultuerhistoarysk sintrum komme foar gearkomsten, lêzings, in bibleteek en in byldargyf.[4] De restauraasje en ferbouwing waard mooglik makke troch in subsydzje fan  200.000 dy't tasein waard troch de Provinsje Fryslân.[4] Mids 2018 kaam it wurk ree, sadat it gebou ûnder de Akademyske Dagen yn juny, ûnder de namme Bolwurktsjerkje De Mouterij iepensteld wurde koe foar besichtiging troch it publyk.[2]

By in bouhistoarysk ûndersyk dat begjin 2018 útfierd waard, kaam oan it ljocht dat ûnder de houten flier fan De Mouterij in âldere flier fan estrikken en giele bakstientsjes beskûl gie. Dêr midden trochhinne rint in âlde eftergrêft dy't noch altyd ridlik wetterfierend is, en wêrfan't de kademuorren noch goed te ûnderskieden binne.[2] Ut 'e oantroffen oerspanningsbôgen en oare arsjitektoanyske oerbliuwsels is ôf te lieden dat it grêftsje oarspronklik dwers troch de mouterij hinne rûn hawwe moat. De fynsten binne tige seldsum en de ynsluting fan 'e eftergrêft makket de flier fan De Mouterij foar Nederlân fan lanlike betsjutting.[2]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1,0 1,1 RCE, Rijksmonumentenregister: Monumentnummer: 18245, Zilverstraat 46, Franeker
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 Bolwerkkerkje open voor publiek, yn: de Frjentsjerter Krante, 27 juny 2018, s. 47.
  3. De Mouterij : Franeker schuilkerkje wordt multifunctionele ruimte, yn: Frysk Deiblêd, 30 maart 2016, s. 24.
  4. 4,0 4,1 Grosso, Maria del, Franeker schuilkerkje krijgt multifunctionele toekomst, yn: de Ljouwerter Krante, 29 maart 2016, s. 22.