Springe nei ynhâld

Bette Dam

Ut Wikipedy
Bette Dam
Bette Dam (Foto Chantal Ariëns)
Bette Dam
(Foto Chantal Ariëns)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bette Dam
berne Ljouwert, 1979
wurkpaad
berop/amt politikolooch, sjoernalist en skriuwster
offisjele webside
https://www.bettedam.com/

Bette Dam (Ljouwert, 1979) is in Nederlânsk politikolooch, sjoernalist en skriuwster. Hja wurket yn 2019 foar it opinyblêd Vrij Nederland en de Wrâldomrop.

Bette Dam groeide op yn Kollumersweach. Nei de mafû en it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost studearre se fan 1997 oant 2002 Kommunikaasje oan de Hânze Hegeskoalle yn Grins. Fan 2002 oant 2005 studearre se politikology oan de Universiteit fan Amsterdam mei as ôfstudearrjochting 'Ynternasjonale Betrekkingen'. Se waard yn dy tiid haadredakteur fan it politikologeblêd Synthese. Yn it earste jier fan dy stúdzje reizge hja mei in stúdzjegenoat nei Irak om mei eigen eagen te sjen wat dêr geande wie. Se studearre ôf op Syrië en de Europeeske Uny. By har ôfstudearjen rûn se staazje by parseburo Novum Nieuws. Neidat se ferslachjouster waard foar lytsere deiblêden waard se yn 2006 freelance sjoernalist en wurke tusken 2008 en 2014 as korrespondint foar NRC Handelsblad en de Wrâldomrop.

Yn 2006 krige se de kâns om as embedded sjoernalist mei te gean nei Kamp Holland yn Urûzgan, mar kaam mei in soad teloarstellings en fragen werom. Neffens har fersimpelen en fergrutten de westerse troepen en de mainstreammedia de rol fan de Taliban. Har byld fan de Taliban wie dat it terroristen wiene dy't tsjin alles striden dêr't de westerske maatskippij foar stiet. Se gie dêrom letter werom om út te sykjen oft de Taliban mear wiene as dat. Se fûn út dat it Nederlânske kamp Holland, de Feriene Naasjes, de NATO en it Amerikaanske leger eins machteleas wiene en net folle koene yn Afganistan. It foel har ek op dat de Nederlânske soldaten sa'n bytsje wisten oer Afganistan. It blykte net te stroken mei it eardere byld dat se by har stúdzje krigen hie as soene dy partijen yn Afganistan in hiel soad betsjutte kinne.[1]Yn 2009 ferskynde har boek Expeditie Uruzgan, de weg van Hamid Karzai naar het paleis. Dêrfoar spruts hja meardere kearen mei de destiidske presidint fan Afganistan, Hamid Karzai. It makke har dúdlik dat Karzai en syn entoeraazje krektas alle partijen op syk wiene nei macht en dêrfoar ek terreuroanslaggen pleegden. Alle partijen yn Afganistan besochten yn de media harren eigen belang nei foaren te bringen. De rol fan de Taliban wie dan ek minder grut as dat it yn de grutte media like. Foar de Afganen liet se it boek oersette yn it Pashtun en it Farsi. Expeditie Uruzgan waard nominearre foar de Bob den Uyl Priis en de Dick Scherpenzeel Priis.[2]

Nei fiif jier ûndersyk ferskynde yn 2019 har boek Op zoek naar de vijand oer âld-Talibanlieder mullah Omar. Mullah Omar wie ein 2001 spoarleas ferdwûn, neidat de Amerikanen Afganistan binnenfallen wiene as ferjilding foar de oanslaggen op 11 september. Doe 't de Afgaanse oerheid yn 2015 bekendmakke dat hy al twa jier dea wie, waard net ferteld wat dêroan foarôf gien wie. Dam beskriuwt yn har boek de ein fan Omar en de rol fan Al-Qaida en de Taliban.[3] In oar aspekt fan de oarloch dêr't se oer skriuwt is de gedachte efter de oprjochting fan Islamityske Steat en it grutte ferskil tusken IS en de Taliban.[4]

As politikolooch wurket se oan de Paryske universiteit École de Sciences politiques dêr't se sûnt 2016 it masterfak Afghanistan lessons (not) learned, jout oer wat der te learen is fan de yntervinsje yn it lân. Twa froulike filmmakkers fan de Frânsk-Dútske tillefyzjestjoerder ARTE makken in film oer har wurk yn Afganistan en Pakistan. Foar har fyzje op de oarloch tsjin it terrorisme is se geregeldwei te sjen yn diskusjeprogramma's by Al Jazeera, HuffingtonPost Live en Pauw. Ek joech se ynterviews oan CNN, BBC, ABC en Nieuwsuur. Fierders jout se lêzingen oer har ûnderfinings by universiteiten, NGO's en oare ynternasjonale organisaasjes.

  • Op zoek naar de vijand. Het verhaal van een terrorist die een vriend wilde zijn, útjouwerij de Bezige Bij; ISBN 9789403144207 (2019).
  • Expeditie Uruzgan - de weg van Hamid Karzai naar het paleis; ISBN 9789462251458 (2015)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: