Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2017/wike 52

Ut Wikipedy

Robert A. Heinlein (folút: Robert Anson Heinlein; Butler (Missoury), 7 july 1907Carmel (Kalifornje), 8 maaie 1988) wie in Amerikaansk skriuwer fan 32 science fiction-romans en 59 novelles en koarte ferhalen fan dat sjenre. Fierders wied er ek essayist en senarioskriuwer. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste en kontroversjeelste science fiction-skriuwers út syn tiid, en makke ûnder syn karriêre gebrûk fan ferskate pseudonimen, lykas Anson MacDonald, Lyle Monroe, John Riverside, Caleb Saunders en Simon York. Heinlein ûnderboude syn ferhalen mei in wittenskiplike en technologyske oannimlikens dy't sûnt de standert wurden is fan (kwalitatyf goede) science fiction, en holp dêrmei om it sjenre ta echte literatuer te ferheffen. Tema's dy't yn syn wurk almar wer weromkomme binne it belang fan yndividuële frijheid en selsfoarsjendheid. As ien fan 'e bêst ferkeapjende science fiction-auteurs fan syn tiid wûn Heinlein fjouwer Hugo Awards, de meast prestizjeuze priis foar science fiction-literatuer, wylst er fyftich jier nei de publikaasje fan trije fan syn wurken noch trije saneamde Retro Hugo's takend krige (dy't mei weromwurkjende krêft útrikt waarden foar jierren dat der gjin Hugo Awards bestiene).

Lês fierder