Springe nei ynhâld

Anne van den Ban

Ut Wikipedy
Anne van den Ban
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 28 febrewaris 1928
berteplak Ljouwerteradiel
stoarn 7 maaie 2016 (88 jier)
stjerplak Wageningen
wurkpaad
berop/amt heechlearaar
bekendste
  wurk(en)
Farmer and agricultural extension, the communication of new farming practices, Agricultural Extension, Health education and health
prizen Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau,
INSEE Life Time Achievement Award

Anne Willem van den Ban (Ljouwerteradiel, 28 febrewaris 1928Wageningen, 7 maaie 2016[1]) wie emeritus heechlearaar Foarljochtingskunde oan Wageningen University.

Prof. dr. ir. Van den Ban is as heechlearaar Foarljochtingskunde fan grutte betsjutting west foar de ûntjouwing fan dat mêd. Van den Ban beluts ûnder mear sosjale psychology, sosjology, antropology en kommunikaasjelear by it lânbou-ûnderwiis. Boppedat stie er oan de widze fan in wittenskiplik ûnderboude profesjonele sûnensfoarljochting, mei tabak- en alkoholprevinsje, gesinsplanning en fiedingsfoarljochting dêrby.

Van den Ban studearre lânbou-ekonomy oan de Lânbouhegeskoalle (no Wageningen University, part fan Wageningen UR) fan 1945 oant 1953. Yn in artikel[2] dat Van den Ban skreau mei Everett M. Rogers (de útfiner fan de ynnovaasjeteory fan Rogers), beskriuwt er in stúdzjereis fan prof. E.W. Hofstee yn 1950 bylâns land-grant-universiteiten yn de Feriene Steaten. Dy stúdzjereis waard subsidiearre troch it Marshallfûns. Hofstee wie bot te sprekken oer de adopsje fan nije lânboumetoaden en hy behannele it ûnderwerp mei klam yn syn kolleezjes nei't er werom wie. Van den Ban, studint by Hofstee, keas ynnovaasjeadopsje as ûnderwerp foar syn doktoraalskripsje.

Nei militêre tsjinst kaam Van den Ban yn tsjinst fan it ministearje fan lânbou, foar wa't er by de fakgroep Rurale Sosjology fan de Lânbouhegeskoalle ûndersyk die nei lânboufoarljochting. Van den Ban promovearre by perf. E.W. Hofstee yn 1963 op dit ûnderwerp mei it proefskrift Boer en landbouwvoorlichting: de communicatie van nieuwe landbouwmethoden. Dit wurk wurdt beskôge as de earste empiryske stúdzje nei lânboufoarljochting yn Jeropa.[3]

Yn 1964 rjochte Van den Ban de fakgroep Foarljochtingskunde oan de Lânbouhegeskoallebou op. No is dat de seksje Kommunikaasjewittenskip[4] dy't út twa groepen bestiet: Kommunikaasje en Ynnovaasje Stúdzjes, en Kommunikaasjestrategyen.

Nei 1983 hat Van den Ban him yn mear as 25 ûntwikkelingslannen en lannen yn East-Jeropa ynset as adviseur, mei fanwegen de UNESCO). Foar syn wurk yn Yndia ûntfong er yn 2008 in hege Yndiaaske ûnderskieding.[5]

Van den Ban waard op 15 septimber 2011 beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau om reden fan syn bysûndere wittenskiplike fertsjinsten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo. [6]

Anne van den Banfûns

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van den Ban is mei-oprjochter en wie bestjoerslid fan it Anne van den Ban Fûns [7], dat sûnt 1992 studinten út ûntwikkelingslannen dêr't hiel wat fan ferwachte wurdt de gelegenheid jout om yn Wageningen in masteroplieding te folgen. Sa wol it in bydrage leverje oan de oplieding fan bekwame en motivearre lokale saakkundigen, dy't in liedende rol spylje kinne by it oplossen fan strukturele problemen yn de lânbouproduksje, de plattelânsûntjouwing en it miljeu fan harren lân. Sadwaande leveret it fûns in bydrage oan de bestriding fan earmoed yn de wrâld.

Van den Ban is (mei)auteur fan in protte wittenskiplike publikaasjes en ferskate boeken. Syn boek ‘Inleiding tot de voorlichtingskunde’[8] is yn mear as 10 talen oerset en wurdt al tsientallen jierren oeral yn de wrâld brûkt. Hy beheinde him net ta lânboufoarljochting. Tegearre mei Maria Koelen skreau er in boek oer sûnensfoarljochting: Health education and health promotion[9]. Op 28 febrewaris 2008 (Van den Ban's 80e jierdei) makke Bibleteek Wageningen UR al it wurk fan Van den Ban digitaal ta foldwaan op har webside library.wur.nl. Goed 230 fan syn publikaasjes binne te lêzen yn Open Access.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://resource.wageningenur.nl/nl/organisatie/show/Anne-van-den-Ban-overleden-.htm
  2. Rogers, E.M.; Ban, A.W. van den (1963). Research on the diffusion of agricultural innovations in the United States and the Netherlands. Sociologia ruralis 3 . - s. 38 - 51.
  3. http://library.wur.nl/way/index_ban.html
  4. http://www.com.wur.nl
  5. http://www.com.wur.nl/UK/newsagenda/archive/news/2008/Professor+honoured+in+Goa.htm
  6. http://www.wageningen.nl/Actueel/Nieuws/Archief_2011/Prof_dr_ir_Van_den_Ban_benoemd_tot_Officier_in_de_Orde_van_Oranje_Nassau
  7. Anne van den Ban Fonds
  8. van den Ban, A. W. (1974). Inleiding tot de voorlichtingskunde. Wageningen, Lânbouhegeskoalle
  9. Koelen, M. A. and A. W. van den Ban (2004). Health education and health promotion. Wageningen, Wageningen Academic Publishers.