Danny Kaye
Danny Kaye | ||
akteur | ||
Danny Kaye yn 1955. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Daniel Kaminsky | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 18 jannewaris 1911 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 3 maart 1987 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Joadsk | |
jierren aktyf | 1933 – 1986 | |
prizen | 2 × Oscar 2 × Golden Globe 4 × Emmy Award Légion d'Honneur 1986 Pres. Frijheidsmedalje 1987 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Danny Kaye, echte namme: David Daniel Kaminsky (New York, 18 jannewaris 1911 – Los Angeles, 3 maart 1987), wie in Amerikaansk akteur, sjonger, dûnser en komyk fan Oekraynsk-Joadsk komôf. Hy lei him fral ta op komeedzje basearre op fysike aksje, it meitsjen fan rare minen en it sjongen fan ûnsinnige ferskes. Teffens wied er de earste algemien ambassadeur foar UNICEF.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaye waard yn 1911 berne yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn, dêr't syn âldelju en beide âldere bruorren twa jier foar syn berte hinne emigrearre wiene út 'e Oekraïne wei, dat doe noch ta it Russyske tsareryk hearde. Hy makke de middelbere skoalle net ôf; ynstee naaide er koart nei it ferstjerren fan syn mem tegearre mei in maat út nei Floarida, dêr't se in hoartsje as strjitmuzikanten libben.
Nei't er lang om let weromkeard wie yn New York, ûnderhold er himsels mei ferskate baantsjes, wêrûnder fersekeringsûndersiker en kantoarbetsjinde. Hy wie ien fan 'e sprekwurdlike tsien ambachten, tolve ûngelokken, mei't de fersekeringsmaatskippij him ûntsloech doe't er in flater begie dy't harren $40.000 koste, wylst in toskedokter dy't him ynhierde om ûnder it middeisskoft om syn praktyk te tinken, him oan 'e dyk sette doe't er him derop trapearre dat er de boar brûkte om 'e lambrisearring mei te bewurkjen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1933 naam Kaye syn artystenamme oan en sette er útein mei in karriêre as artyst, as lid fan it teätertrio The Three Terpsichoreans (in ferwizing nei de muze Terpsichoré). It gie him yn 't earstoan net foar de wyn, en hy wie gauris ta reapsein. Syn debút as filmakteur makke er yn 1935 yn 'e komyske koarte film Moon over Manhattan. Yn 'e jierren dêrop trede er ferskate kearen op Broadway op, û.m. yn it tige súksesfolle toanielstik Lady in the Dark (1941). Yn 1944 spile er yn syn earste lange film, Up in Arms, mar hy briek pas troch doe't er yn 1945 en 1946 syn eigen radioprogramma op 'e radiostjoerder CBS krige.
Neitiid spile Kaye de haadrol yn grutte komeedzjefilms as The Secret Life of Walter Mitty (1947) en The Inspector General (1949). (Fan dy lêste film waard yn 1982 troch André van Duin in Nederlânske remake makke ûnder de titel De Boezemvriend.) Oare súksesfolle filmproduksjes mei Danny Kaye wiene Knock on Wood (1954), White Christmas (1954) en The Court Jester (1956). Kaye wurke gauris gear mei aktrise Virginia Mayo, û.o. yn Wonder Man (1945), The Kid from Brooklyn (1946) en The Secret Life of Walter Mitty (1947). Hy hie ek de haadrol yn twa serieuze biografyske films, Hans Christian Andersen (1952), oer de Deenske mearkesskriuwer Hans Christian Andersen, en The Five Pennies (1959), oer jazzpionier Red Nichols.
Kaye wûn twaris in Oscar: yn 1955 krige er in eare-Oscar foar syn hiele oeuvre, en yn 1982 waard him de Jean Hersholt Humanitarian Award takend (in Oscar-kategory foar lju út 'e filmyndustry dy't har ynsette foar goede doelen). Ek wûn er twaris de Golden Globe foar bêste akteur, yn 1951 en 1958.
As sjonger hie Kaye ferskate hits, wêrûnder Civilization (better bekend as Bongo, Bongo, Bongo), mei de Andrews Sisters, Put 'em in a Box, Tie 'em with a Ribbon (And Throw 'em in the Deep Blue Sea), Amelia Cordelia McHugh (McWho?) en All I Want for Christmas Is My Two Front Teeth (in duët mei Patty Andrews fan 'e Andrews Sisters). Op 'e tillefyzje wie Kaye fan 1956 ôf te sjen, û.m. mei The Danny Kaye Show (1963-1967), dêr't er fjouwer Emmy Awards mei wûn.
Fan 1954 ôf liet Kaye ek syn serieuze kant sjen yn syn wurk as algemien ambassadeur foar UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes. It opheljen fan jild foar dat goede doel behelle er neitiid yn frijwol al syn optredens. Yn 1986 waard er foar syn ynset foar UNICEF ûnderskaat mei it prestizjeuze Frânske Légion d'Honneur. It jiers dêrop waard oan him postúm noch de Amerikaanske Presidinsjele Frijheidsmedalje takend.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaye mette syn frou Sylvia Fine foar de earste kear yn 1939, doe't se yn deselde teäterproduksje stiene, al wiene se yn Brooklyn mar in pear stedsblokken útinoar opgroeid. Hja trouden yn 1940. Sylvia wie in pianiste en komponiste, dy't ferantwurdlik wie foar it betinken en skriuwen fan withoefolle fan 'e tongetiizjende komyske ferskes dêr't Kaye om bekend stie. Se krigen ien bern, in dochter, Dena Kaye (1946).
Yn 1947 rekken Kaye en de frou faninoar ferfrjemde en skieden se fan tafel en bêd, mar foar de wet duorre harren houlik oant Kaye syn dea yn 1987. Nei't er by de frou wei wie, hie Kaye, nei't der grute wurdt, relaasjes mei in opienfolging fan froulju, wêrfan't de bekendst de aktrise Eve Arden west hawwe soe. Oan 'e oare kant binne der ek oanhâldende geroften dat er homo- of biseksueel west hawwe soe, en dat er yn 'e 1950-er jierren in seksuële relaasje ûnderhold mei de Ingelske akteur Laurence Olivier.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Danny Kaye kaam op 3 maart 1987 yn 'e âlderdom fan 76 jier oan in hertoanfal te ferstjerren. Dat barde nei't er yn 'e minnichte rekke wie troch in oanfal fan hepatitis, dy't er yn febrewaris 1983 oprûn hie by in fjouwerfâldige bypassoperaasje oan syn hert. Kaye waard kremearre en syn jiske waard byset op it Kensico Cemetery yn Valhalla, yn 'e steat New York.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1937 | Dime a Dance | Eddie | |
1938 | Getting an Eyeful | Rus | |
1938 | Cupid Takes a Holiday | Nikolaj Nikolajevitsj (de breidsiker) | |
1938 | Money on Your Life | Rus | |
1944 | Up in Arms | Danny Weems | |
1944 | I Am an American | himsels | |
1945 | Wonder Man | Edwin Dingle / Buzzy Bellew | |
1946 | The Kid from Brooklyn | Burleigh Hubert Sullivan | |
1947 | The Secret Life of Walter Mitty | Walter Mitty | |
1948 | A Song Is Born | prof. Hobart Frisbee | |
1949 | It's a Great Feeling | himsels | |
1949 | The Inspector General | Georgi | |
1951 | On the Riviera | Jack Martin / Henri Duran | |
1952 | Hans Christian Andersen | Hans Christian Andersen | |
1954 | Knock on Wood | Jerry Morgan / heit Morgan | |
1954 | White Christmas | Phil Davis | |
1956 | The Court Jester | Hubert Hawkins | |
1958 | Merry Andrew | Andrew Larabee | |
1958 | Me and the Colonel | Samuel L. Jacobowsky | |
1959 | The Five Pennies | Red Nichols | |
1961 | On the Double | soldaat Ernie Williams / generaal sir Lawrence MacKenzie-Smith | |
1963 | The Man from the Diners' Club | Ernest Klenk | |
1969 | The Madwoman of Chaillot | foddeboer | |
tillefyzje | |||
1938 | Autumn Laughter | himsels | eksperimintele útstjoering |
1956 | The Secret Life of Danny Kaye | himsels | tillefyzjespecial |
1960 | What's My Line? | himsels | as mysteryguest |
1960 & 1961 | An Hour With Danny Kaye | himsels | 2 tillefyzjespecials |
1962 | The Danny Kaye Show with Lucille Ball | himsels | tillefyzjespecial |
1963–1967 | The Danny Kaye Show | himsels | |
1964 | The Lucy Show | himsels | te gast yn ôfl. Lucy Meets Danny Kaye |
1971 | Here Comes Peter Cottontail | ? | as stimakteur |
1971 | The Dick Cavett Show | himsels | te gast yn in praatprogramma |
1972 | The Enchanted World of Danny Kaye: The Emperor's New Clothes | himsels | tillefyzjespecial |
1975 | An Evening with John Denver | himsels | tillefyzjespecial |
1976 | Pinocchio | Gepetto | live-actionmusical makke as special foar op 'e tillefyzje |
1976 | Peter Pan | kaptein Heak | live-actionmusical makke as special foar op 'e tillefyzje |
1978 | The Muppet Show | himsels | gastrol |
1980 | Disneyland's 25th Anniversary | himsels | tillefyzjespecial |
1981 | An Evening with Danny Kaye | himsels | tillefyzjespecial |
1981 | Skokie | ? | tillefyzjefilm |
1982 | The Wonderful World of Disney Official Opening of Epcot Center | himsels | as presintator en dirigint |
1985 | The Twilight Zone | ? | gastrol; ôfl. Paladin of the Lost Hour |
1986 | The Cosby Show | ? | gastrol; ôfl. The Dentist |
Diskografy (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- studio-albums
- 1949 – Danny Kaye
- 1949 – Gilbert and Sullivan and Danny Kaye
- 1950 – Danny Kaye Entertains
- 1958 – Mommy, Gimme a Drinka Water
- 1959 – The Five Pennies (mei Louis Armstrong)
- soundtracks
- 1952 – Hans Christian Andersen
- 1954 – Knock on Wood
- 1956 – Court Jester
- 1958 – Merry Andrew
- sprutsen
- 1959 – Danny Kaye for Children
- 1960 – Danny Kaye Tells 6 Stories from Faraway Places
- kompilaasje-albums
- 1954 – Selections from Irving Berlin's White Christmas
- 1965 – The Best of Danny Kaye
- 1970 – Two by Two
- 1987 – The Very Best of Danny Kaye (20 Golden Greats)
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1953 – Wonderful Copenhagen
- 1956 – Little Child (Daddy Dear) (mei syn dochter Dena Kaye)
- 1956 – Ciu Ciu Bella
- 1959 – Lullaby in Ragtime (mei Eileen Wilson)
- 1962 – D-O-D-G-E-R-S Song (Oh, Really? No, O'Malley)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk artyst
- Amerikaansk komyk
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk radiopresintator
- Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes
- Amerikaansk piloat
- Eare-Oscar-winner
- Emmy-winner
- Golden Globe-winner
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1911
- Persoan stoarn yn 1987