Albaanje
| |||||
Offisjele taal | Albaneesk | ||||
Haadstêd | Tirana | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
28.748 km² 4,7% | ||||
Ynwenners (2003) | 3.582.205 | ||||
Munt | Lek (ALL) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 28 novimber | ||||
Lânkoade | ALB | ||||
Ynternet | .al | ||||
Tillefoan | 355 |
Albaanje is in lân op de Balkan. De haadstêd is Tirana en de presidint fân de republyk is sûnt 2002 Alfred Moisiu.
Albaanje wurdt begrinzge troch:
- Montenegro yn it noardwesten;
- Servje yn it noardeasten;
- Eardere Joegoslavyske republyk fan Masedoanje yn it easten;
- Grikelân yn it súdeasten;
- de Adriatyske See yn it westen.
Geografy
Albaanje bestiet benammen út heuvel- en bercheftich gebiet, behalve oan de Adriatyske kust. De heechste berch is de Korab (2.764 m) op de grins mei Masedoanje. De belangrykste rivieren fan it lân binne de Drin, de Mat, de Shkumbin, de Vijose en de Seman, mar dizzen binne meastentiids slim te befarren. Mear as in tredde fan it lân bestiet út bosken en moerassen en in selde part is greidlân; mar ien fiifde fan it lân is kultivearre. Neist Tirana binne de belangryke stêden Vlora, Durras, Shkodar en Korça.
Oan de kust is it klimaat typysk Mediterraansk te neamen, mei hite, droege simmers en mylde, wiete winters. It binnenlân mei syn bergen hat kâlde, strange winters en mylde simmers.
Skiednis
Albaanje wie sûnt de 15e ieu part fan Turkije. Op 28 novimber 1912 rôp it lân de ûnôfhinklikens út. It waard 29 july 1913 erkend as ûnôfhinklik prinsdom, mar mei minder gebiet as de Albanen ta harren lân rekkenen. Yn de Earste Wrâldkriich waard it nije lân troch ferskate lannen ynnaam, mar nei de oarloch, yn 1921 waard de ûnôfhinklikens befêstige, wer mei de grinzen fan 1913. Yn 1925 waard Albaanje in republyk ûnder Achmed Zogû, dy't yn 1928 kening waard. Yn de tritiger jierren besocht Itaalje it bewâld oer Albaanje te krijen, en naam it lân yn 1939 yn, oant Dútslân de besetting yn 1943 oernaam.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Albaanje in kommunistyske republyk. Der wie hieltyd noch in drang nei in grutter Albaanje, mar om't Metoheija, it lân oer de eastgrins, no part wie fan Jûgoslaavje, dat as protektor fan Albaaanje fungearre, koe dêr net in soad oan dien wurde. Oarsom wie de relaasje mei Grikelân yn it súden net goed, om't in part fan it âlde Epirus part fan Albaanje wie, wylst Grikelân de Griken dêr part fan Grikelân meitsje woe. Doe't Joegoslaavje him yn 1948 ôfkearde fan de Sowjetuny, rekke Albaanje, dat dat net die, isolearre. Doe't de Sowjetuny en Joegoslaavje letter wer bannen foarmen fielden de Albanen harren allinne litten, en yn 1961 rjochte it lân him op kommunistysk Sina. Yn 1992 foel it kommunistyske regear, mar de demokratisearing en privatisearring soargen foar in soad problemen en skandalen, en alle jierren emigrearje in soad Albanen nei de buorlannen of fierder fuort.
- National Tourism Organization Albania's official website for travel & tourism information.