De wringedieren, rêchbonkedieren of fertebraten (wittenskiplike namme: Vertebrata) foarmje in ûnderstamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata) en de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata). Ta dizze ûnderstamme hearre û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken, mei yn totaal sa'n 64.000 wittenskiplik beskreaune soarten. Dêrmei foarmje de wringedieren fierwei de grutste groep binnen de rêchstringdieren, dy't út likernôch 67.000 soarten besteane.

wringedieren
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
Cuvier, 1812

Wringedieren ûnderskiede har fan 'e oare rêchstringdieren trochdat by har it rêchpiid beskerme wurdt troch in wringe. Alle wringedieren hawwe in ynwindich skelet mei draaibonken (wervels) dêr't in sintraal senuwstelsel trochhinne rint. De measte soarten hawwe ek in plasse (skedel), kaken, en twa pear lidden. De plasse beskermet de harsens, en de eagen en earen, wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere yntelliginsje. De draaibonken (of wringen) foarmje mei-inoar de wringe of rêchbonke, dêr't it rêchpiid binnenyn sit. De wringe as gehiel jout stevichheid oan it skelet en makket gruttere groei mooglik.

Ta de wringedieren wurde ek de slymnjoggeneachfisken (Myxini) rekkene, dat kaakleaze fisken binne, dy't gjin echte wringe hawwe. Har neiste sibben, de njoggeneachfisken (Pteromozontida of Hyperoartia), hawwe lykwols àl in wringe, dat se hearre perfoarst ta de wringedieren. Men soe sadwaande stelle kinne dat de namme "wringedieren" net sa goed keazen is, om't dy net de hiele lading dekt. Mei't de slymnjoggeneagen har fan 'e neiste net-wringedieren ûnderskiede trochdat se in plasse hawwe, wurde de wringedieren yn wittenskiplike fermiddens ek wolris de Craniata of plassedieren neamd.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.