Niehove (Grinslânsk: Nijhoof) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2018 noch 269 ynwenners.

Niehove
Tsjerke fan Niehove (2019)
Tsjerke fan Niehove (2019)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 130 (2023) [1]
Oerflak 0,3 km²
dêrfan lân: 0,3 km²
dêrfan wetter: 0 km²
Oar
Postkoade 9884
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
niehove.eu
Kaart
Niehove (Grinslân)
Niehove

Niehove wie eartiids it haadplak fan it eardere waadeilân Humsterlân. De âlde struktuer fan it wierdedoarp mei yn it sintrum de 13e iuwske tsjerke is noch goed te sjen. Om de tsjerke hinne leit yn in sirkel de doarpsbebouwing. Om kweade geasten bûten te hâlden wie it tsjerkhôf oant 1830 mei in grêft omklamme. It hiele doarp falt ûnder it beskerme doarpsgesicht.

De wierde fan Niehove wurdt al likernôch 2200 jier bewenne. Nei it ûntstean fan de Lauwerssee kaam Niehove (yn dy tiid noch Suxwort; Súdwierde) op in eilân te lizzen, dat de namme Humsterlân krige. Letter moast it eilân fanwegen it tal stoarmen bedike wurde. Fanôf 1500 krige it Humsterlân wer in ferbining mei it fêstelân. Muontsten fan it sisterzjinzer Bernarduskleaster yn Aduard setten doe útein mei it ynpolderjen. Tsjintwudich leit Niehove midden op it fêstelân fan Grinslân. Oant likernôch 1600 wie de 13e iuwske tsjerke it iennige stiennen gebou fan Niehove.

Yn it net mear besteande Ipkemaheard wenne de proast fan Humsterlân, dy't fanút Niehove in grut part fan eastlik Fryslân (Achtkarspelen) en it Westerkertier bestjoerde. Om 1200 ferhûze de proast syn sit nei Hummerze (it tsjintwurdige Oldehove), dêr't de doarpsâldsten fan Humsterlân al yn âlde tiden gear kamen en rjocht sprieken. Nei't de proast yn de 14e iuw werom ferhûze nei Suxwort waard ek dêr in rjochtsstoel oprjochte, dy't ta ûnderskieding fan it Alde Hôf yn Hummerze it Nije Hôf neamd waard. Sûnt de 14e iuw wurde de doarpen Suxwort en Hummerze resp. Niehove en Oldehove neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerkertier  
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
  ·   ·