It Mozilla-manifestaddendum

Pleit foar in sûn ynternet

It iepen, wrâldwide ynternet is de meast krêftige boarne foar kommunikaasje en gearwurking dy’t wy ea sjoen hawwe. It belichemt guon fan ús djipste ferwachtingen foar minsklike foarútgong. It biedt nije mooglikheden foar learen, it meitsjen fan in gefoel fan dielde humaniteit, en it oplossen fan de aktuele problemen dy’t minsken oeral tsjinkomme.

In de lêste tsien jier wurde dizze belofte op ferskate manieren ferfolle. De macht fan it ynternet fersterket lykwols ek twaspjalt, liedt ta geweld, set oan ta haat en manipulearret mei opsetsin feiten en de werklikheid. Wy hawwe leart, dat wy ús doel foar it minsklike wêzen op it ynternet dúdliker gearstalle moatte. Dit dogge wy no.

  1. Wy stean foar in ynternet, foar alle minsken op de wrâld – wêrby de demografyske kenmerken fan in minske, gjin ynfloed hawwe op harren ynternettagong, kânsen of op de kwaliteit fan de ûnderfining.
  2. Wy stean foar in ynternet dat de iepen dialooch, minskweardichheid en frijheid fan mieningsutering befoarderet.
  3. Wy stean foar in ynternet dat kritysk tinken, saaklike diskusje, dielde kennis en ferifiearbere feiten fergrut.
  4. Wy stean foar in ynternet dat gearwurking mei ferskate mienskippen foar it algemiene goed befoarderet.

Us 10 prinsipen

  1. Prinsipe 1

    It ynternet is in yntegraal part fan it moderne libben – in kaaikomponint yn oplieding, kommunikaasje, gearwurking, hannel, ferdivedaasje en de mienskip as gehiel.

  2. Prinsipe 2

    It ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy´t iepen en tagonklik bliuwe moat.

  3. Prinsipe 3

    It ynternet moat it libben fan yndividuele persoanen ferrykje.

  4. Prinsipe 4

    De feilichheid en privacy fan elkenien op it ynternet binne fûneminteel en moat net as opsjoneel beskôge wurde.

  5. Prinsipe 5

    Persoanen moatte de mooglikheid hawwe om it ynternet en harren eigen ûnderfiningen dêrmei foarm te jaan.

  6. Prinsipe 6

    De útwurking fan it ynternet as in publike helpboarne is ôfhinklik fan ynteroperabiliteit (protokollen, dataformaten, ynhâld), ynnovaasje en desintralisearre wrâldwide gearwurking.

  7. Prinsipe 7

    Frije en iepenboarnesoftware befoarderet de ûntwikkeling fan it ynternet as in publike helpboarne.

  8. Prinsipe 8

    Transparante mienskipsprosessen befoarderje gearwurking, ferantwurdlikheid, en fertrouwen.

  9. Prinsipe 9

    Kommersjele bemuoienis yn de ûntwikkeling fan it ynternet bringt in protte foardielen; in balâns tusken kommersjele winst en algemien belang is essinsjeel.

  10. Prinsipe 10

    Klam jaan oan it algemien belang fan aspekten fan it ynternet, is in wichtich doel; de tiid, oandacht en tawijing wurdich.