Yanbian (prefektuer)
Appearance
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/39/China_Jilin_Yanbian.svg/225px-China_Jilin_Yanbian.svg.png)
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/8/81/Yanji_city_in_2010.jpg/225px-Yanji_city_in_2010.jpg)
Yanbian is in autonome prefektuer yn it easten fan de noardeastlike provinsje Jilin, Folksrepublyk Sina. Yanbian grinzet yn it easten oan Noard-Korea en de kraj Primorski fan Ruslân, en is de ienige prefektuer fan Jilin dy't oan dizze gebieten grinzet.
De haadstêd fan de prefektuer is Yanji; it gebiet beslacht 42.700 kante kilometer.
List mei it oantal fan de offisjële etnyske groepen fan de Folksrepublyk Sina yn dizze autonome prefektuer:
Nasjonaliteit | Oantal | Persintaazje |
---|---|---|
Han-Sinezen | 1.341.175 | 60,7% |
Koreanen | 801.210 | 36,26% |
Mantsjoes | 56.970 | 2,58% |
Hui | 6.732 | 0,30% |
Mongoalen | 2.613 | 0,12% |
Oare | 946 | 0,04% |