Wervik
Wervik | ||
Sint-Meinardustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.020 (2022)[1] | |
Oerflak | 43,77 km² | |
Befolkingsticht. | 434,50 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8940 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 46' N 3° 2' E | |
Lokaasje gemeente Wervik yn it arrondissemint Ieper yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
wervik.be |
Wervik is in stêd yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd leit oan de Leie, dy't hjir de grins mei Frankryk foarmet. Oan de oare kant fan de Leie leit de Frânske gemeente Súd-Wervik (offisjeel: Wervicq-Sud). De stêd hat in oerflak fan 4.361 ha en mear as 18.000 ynwenners, dy't 'Wervikanen' neamd wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romeinske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wervik is ien fan de âldste stêden yn Belgje. Op Romeinske 2e- en 3e-iuwske kaarten stiet Wervik ûnder de namme Viroviacum of Virovino oanjûn. Yn 'e jierren 1950 waard dêrtroch etymologysk ôflaat dat dêr eartiids in stamme ûnder lieding fan in haadling mei de namme Virovos wenne, mar dat stiet net fêst.
It strjitpatroan fan it âldste diel fan de stêd Wervik (Nieuwstraat- Groenstraat-Donkerstraat) lit in opmerklik damboerdpatroan sjen, dat te ferlikenjen is mei Romeinske stêden. Yn 2016 en 2017 binne op in bouterrein yn de Duivenstraat in oantal ierdewurkûnen ûntdutsen, dy't út de Flavyske perioade (69-96) datearje, itjinge wiist op in eardere ierdewurkyndustry. Ek yn oare dielen fan Wevik waarden Romeinske fynsten ûntdutsen, dy't te sjen binnne yn it Wervikse Erfgoedhuis René Defrancq.
By opgravings op it Sint-Martinusplein yn it sintrum waarden û.o. de fûneminten fan de eardere romaanske Sint-Martinustsjerke oan it ljocht, dy't foar in part út Romeinsk bouôffal bestie. Neffens de skiedkundige Jean-Baptiste Gramaye stie op dat plak in Romeinsk fanum ta eare fan Mars of Priapus en wie yn 'e 17e iuw noch in stânbyld fan dy god te sjen yn de ruïnes fan de tsjerke. De resten fan de tsjerke waarden yn de 18e iuw ôfbrutsen.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend wannear't Wervik offisjeel stedsrjochten takend waarden, mar neffens Gramaye wie Wervik yn 1082 al in stêd. Wervik makke yn 'e tiid fan de 13e iuw in tiid fan grutte wolstân mei. Njonken Ieper, Brugge en Gint wie Wervik ien fan de wichtichste sintra fan 'e Flaamske lekkenhannel. De lekkens fan Wevik stiene bekend as panni de vervi. De stêd waard lykwols troch it grutte tal oarloggen tusken Frankryk, Flaanderen en Boergonje jimmeroan yn syn ûntwikkeling hindere. Sa waard Wervik yn 1382 nei in opskuor fan Flaamske gildes troch Loadewyk II fan Flaanderen hast folslein ferneatige. Wervik wie noch net folslein werboud doe't in grutte brân de stêd yn 1397 de stêd yn 'e jiske lei. Mar 20 fan de 820 wenten bleaunen stean. Troch de bou fan in nije lekkenhal yn 1401 ûnder Jan sûnder Freze makke de stêd nochris in in bloei mei troch de lekkenhannel.
Yn 1436 foel in part fan it garnizoen fan Calais Wervik oan en de stêd baarne wer ta de grûn ôf. Ek yn 1440 wie der in stedsbrân. Nei de brânen krige de stêd te meitsjen mei de pest, wertroch't it grutste part fan de ynwenners it libben lieten.
Habsburchske Nederlannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't der healwei de 16e iuw in tiid fan rêst ûntbriek, wie de wolfeart ferdwûn en de befolking sakke oant likernôch 3000 ynwenners. Yn augustus 1566 waard Wervik besocht troch de earste groep omreizgjende kalvinisten út de Westhoek. Religieuze bylden yn de tsjerken waarden fernield en ek hjoeddedei binne yn de Sint-Medardustsjerke noch spoaren fan dy byldestoarm te sjen.
Yn de 17e iuw hie de krite te lijen fan it oanhâldende besykjen fan de Frânske kening Loadewyk XIV om it gebiet ûnder syn bewâld te krijgen. Wervik waard yn 1668 troch de Frânsen ynnommen en neitiid yn 1678 wer by de Spaanske Kroan foege.
It Ferdrach fan Utert fan 1713 ferdielde de stêd yn twaën. De Leie waard in steatsgrins en skiede de stêd yn in Frânsk Wervik (no: Wervicq-Sud) en in Eastenryksk Wervik. Foar de befolking bleau de stêd ien gehiel en sa bleau de Sint-Medardustsjerke de parochytsjerke foar beide dielen fan de stêd.
Earste Frânske Republyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 septimber 1793, yn 'e Earste Koalysjekriich, fochten trettjintûzen Nederlanners by Wervik ûnder lieding fan Daendels tsjin it Frânske Revolúsjonêre Leger. De Nederlanners beaën fiif oeren fûl ferset tsjin de Frânsen, dy't mei fjirtichtûzen man manmachtiger wiene. Harren fjoer leine bytiden de helte fan de Frânsen om, mar mei de Frânske tsjinstplicht waarden de Frânsken troepen fuort wer oanfolle, sadat de Nederlanners harren lang om let weromlûke moasten en Wervik yn 'e hannen fan' e Frânsen foel. Under de ferwûnen wie ek de jonge prins Frederik, dy't oan it rjochter skouder ferwûne rekke en dêr net wer better fan waard.
Yn maaie 1794 waard Wervik plondere troch Frânske revolúsjonêre troepen ûnder lieding fan Dominique Vandamme, werby't de tsjerke folslein yn 'e jiske lein waard.
Feriene Keninkryk fan Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it Kongres fan Wenen yn 1815 waard de stêd oant de Belgyske Revolúsje yn 1830 ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen. Wervik hie oan it begjin fan de 19e iuw net in soad yndustry en de Wervikanen gongen yn de weverijen fan it tige yndustrialisearre Noard-Frankryk oan it wurk.
Keninkryk Belgje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 14 jannewaris 1853 kaam de earste trein yn Wervik oan op it nij iepene spoar Kortrijk-Wervik.
Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Earste Wrâldoarloch foelen Dútske troepen op 5 oktober 1914 de stêd binnen. Op 4 oktober 1914 seach in Belgyske grinswachter oan de oare kant fan de Leie Dútsers yn Súd-Wervik. Hy sette doe de brêge oer de Leie iepen en smiet de kaai dêrfan yn it wetter. De oare deis kamen de Dútsers werom; hja fisken de kaai út it wetter en nei in koarte striid waard de stêd lang om let dochs ynnommen. Wervik wie de earste stêd krekt bûten it front, sadat it in militêr bestjoer krige. Der waarden Dútske soldaten ynkertierd en de ferwûnen waarden der fersoarge. Nei in Ingelske gasoanfal yn 1917 waard Adolf Hitler yn Wervicq-Sud behannele. De Wervikanen waarden twongen om te wurkjen yn harren fabriken, dy't no de rinfuorgekriich tsjinnen. Yn 1917 moast de befolking evakuearre wurde om't Ingelske kanonnen de stêd folslein yn ruïnes feroare. Wervik waard nei de oarloch foar in grut part wer opboud.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Wervik op 'e nij beset troch Dútske troepen, oant de bewenners yn 1944 troch Kanadeeske soldaten befrijd waarden.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De krite stiet bekend om de tabaktylt. Yn de stêd stiet it Nasjonaal Tabakmuseum.
- Wervik besit twa restaurearre wynmûnen: de stiennen Briekenmûne (by it Tabaksmuseum) en de houten Kruisekemûne. De mûnen binne mealree en wurde betsjinne troch frijwillige mûnders.
- De Sint-Medardustsjerke is ien fan de grutste tsjerken fan West-Flaanderen. De oarspronklik romaanske tsjerke fertsjintwurdiget hjoeddedei fral ferskate goatyske boustilen.
- It Kleaster fan de Skiere Susters oan de Grauwe Zusterstraat.
- De Sint-Joazeftsjerke oan de Kruisekestraat.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wervik leit oan de lofter kant fan de Leie op in hichte fan likernôch 20 meter. De rivier, of teminsten syn âlde rin, foarmet tagelyk de Belgysk-Frânske steatsgrins. Wervik leit ek oan de Flaamske taalgrins: westlik fan Wervik leit de Waalske enklave Comines-Warneton.
Yndieling gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente omfiemet njonken de dielgemeente Wervik ek de dielgemeente Geluwe. Under Wervik falt de buorskip Kruiseke en ûnder Geluwe de buorskip Ter Hand.
Nû. | Namme | Oerflak | Ynwennertal (2021)[2] | Kaart |
---|---|---|---|---|
I (III) |
Wervik - Wervik - Kruiseke |
22,52 |
12.096 |
|
II | Geluwe
- Ter Hand |
21,09 |
6.758 |
Befolkingsferrin gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
- Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Wervik
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |