Springe nei ynhâld

Weener

Ut Wikipedy
Weener
De âlde haven fan Weener
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Distrikt Lier
Sifers
Ynwennertal 15.822 (31 desimber 2020)
Oerflak 81,23 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 195 / km²
Hichte 5 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.weener.de
Lizzing Weener yn Lier
Katolike Sint-Joazeftsjerke yn Weener

Weener is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn de lânkring Lier. De gemeente hat krapoan 16.000 ynwenners. Weener foarmet mei de gemeenten Jemgum, Bunde en it doarp Bingum fan de gemeente Lier it Dútske diel fan it Reiderlân yn East-Fryslân. De stêd waard foar it earst neamd yn in kleasterferslach fan 951.

Op it grûngebiet fan de gemeente Weener wie der oan de ouwer fan de Iems en op de hegere geastgrûn dêr't Weener hjoed-de-dei op leit, al bewenning sûnt de stientiid. Der binne fynsten dien út it Mesolitikum en de iere brûnstiid wei. Hja libben doe fan de feetylt en ikkerbou. Bonken fan kij, hynders en skiep binne fûn. Kij waarden holden op de hegere geastgrûn foar molke en fleis, wylst skiep op de legere grûn oan de ouwers oan it weidzjen wiene.

It plak Weener is goed tûzen jier âld. Muontsen fan de Abdij Werden bouden om 900 hinne in houten tsjerke op it plak fan it hjoeddeistige âlde begraafplak. De tsjerke waard wijd oan Jehannes de Doper. Weener waard foar it earst yn it register fan de abdij út 951 neamd. Dêr ûntjoech him yn de folgjende iuwen in streekdoarp oan de hjoeddeistige Norder-, Süder- en Kreuzstraße. De âlde houten tsjerke rekke yn de rin fan de tiid te lyts foar de waaksende befolking en waard yn de iere trettjinde iuw, lykas yn oare Fryske plakken yn dy tiid, ferfongen troch in stiennen ien. De Joaristsjerke stammet út 1230.

Fan de alfde oant de fjirtjinde iuw waarden der yn de omkriten feankoloanjes oanlein, dy't neffens it opstrekrjocht (Eastfrysk Plat: Upstreekrecht) bepaald waarden. Dêrby mochten kolonisten, dy't harren oan de geastrâne fêstigen, harren perselen it fean yn ferlingje parallel fan inoar, oant se net fierder koene omreden in natuerlike behindering of dêr't se perselen fan oare kolonisten berikten, dy't fan de oare kant ôf it fean oanmakken. It fean waard oanmakke, it ôfgroeven turf waard ôffierd nei de havens en it lân waard mei dong fan fee fan it oangrinzgjende seeklaaigebiet bedonge.

Doarpen dy't troch it opstrekrjocht útwreiden, wiene Weenermoor, Sankt Georgiwold, Stapelmoorerheide en Holthuserheide. Bysûnder wiene Sankt Georgiwold en benammen Weenermoor. Troch it sakjen fan de boaiem (ierde) en it wiet wurden dêrfan, waarden de kolonisten twongen harren opstrekken fierder it fean yn út te wreidzjen en út ekonomyske oerwagings harren wenplakken fierder yn it al ôfgroeven fean te ferpleatsen, om't it paad tusken hôf en lân te fier waard. Yn Weenermoor waard it doarp yn de rin fan de kolonisaasje wol trijeris ferpleatst.

Nei in rige fan wettersneden en it útbrekken fan de pest yn de fjirtjinde iuw ûntjoegen har de Fryske haadlingen. Guon foaroansteande famyljes, dy't harsels fan de tradisjonele Fryske Frijheid wei brutsen, begûnen de hearskippij oer in bepaald gebiet ôf te twingen. Yn it Reiderlân foarme lykwols gjin grutte haadlingslagen fan belang, sa as yn it noarden fan East-Fryslân lykas Tom Brok en Attena. De posysje fan de haadlingen fan it Reiderlân yn de Eastfryske machtstruktuer stelde yn dy dagen neat foar. Hja wiene fral grutte pleatslike grûnbesitters. Yn plak dêrfan kaam it Reiderlân ûnder ynfloed fan de Moarmerlanner haadling Fokko Ukena, dy't nei de Slach op de Wylde Ikkers yn 1427 foar in koart skoft de hearskippij oer East-Fryslân krige. Hy moast lykwols belies jaan yn in machtstriid fan it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ûnder lieding fan de haadlingsfamylje Sirksena, dy't koart dêrnei it machtichste haadlingslaach fan East-Fryslân waard, en yn 1464 it Greefskip Eastfryslân yn lien krige. In jier dêrfoar waard de haadling Wiart Memminga, dy't op de Memmingaboarch yn Weener wenne, neamd by it bepalen fan de grins tusken Eastfryslân en it Prinsbisdom Múnster by Brual en Diele.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Sirksena's it bestjoer oer Eastfryslân yn hannen hiene, stelden se ferskate amten oan oer it greefskip. Dy moasten it pleatslike bestjoer en beskerming waarnimme. It súdlike Reiderlân, mei Weener, waard beskerme troch de greeflike amtsman dy't syn sit yn de Fêsting Leerort hie.

Nei it foarmjen fan it greefskip Eastfryslân waard it Reiderlân in grinsgebiet. Yn it suden grinzge it oan it prinsbisdom Múnster en yn it westen oan de Nederlannen en dêrtroch waarden Weener en de omlizzende doarpen it toaniel fan strideraasjes dêr't se bot ûnder te lijen hiene. Foar de ferdigening yn it suden fan Eastfryslân tsjin Múnster waard de yn de trettjinde iuw boude Dielerskâns yn Diele brûkt.

Yn 1492 plondere in leger fan de biskop fan Múnster, Hindrik fan Schwarzburg, it kleaster Dünebroek, Bunde en Wymeer en naam lang om let Weener yn. Eggerik Beninga berjochtet dêroer yn syn Cronica der Fresen:

„1492 up den dag Dionisii is Bisschup Hindrik van Schwartzenberg viantliker wyse van Wedde na dat Closter Dunenbroek ingetagen, un heft de beide Karkspelen Hogebunde und Wymeer geroevet, und sint voort na Weener getagen, hebben de Flecken mit der karken verbranndt. Alle Ornamente, Kelke und Monstrantie mede genamen.“

Eggerik Beninga: Cronica der Fresen.

Enno II fan Eastfryslân

By it Saksyske Skeel (1514-1517) lutsen lju fan de Swarte Heap plonderjend troch it Reiderlân hinne. By it Gelderske Skeel (1531-1534) tusken de greven Enno II en Jehan Sirksena tsjin Baltasar fan Esens mei stipe fan hartoch Karel fan Gelre waard it Reiderlân it striidtoaniel. Yn 1533 waarden de greeflike troepen ferslein troch de troepen fan Baltasar en hartoch Karel ûnder lieding fan Meindert fan Ham yn de Slach by Jemgum.

Yn de Tachtichjierrige Kriich rekke it Reiderlân fannijs belutsen by strideraasjes. Nei de Slach by Hilligerlee yn 1568 flechten de geuzen ûnder lieding fan Loadewyk fan Nassau nei it Reiderlân en stelden harren dêr op. Hja waarden efterfolge troch Spaanske troepen ûnder lieding fan Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva dêr't de geuzen him yn de twadde Slach by Jemgum yn 1568 fersloegen.

Weener krige yn 1518 merkrjochten fan greve Edzard de Grutte, en waard dêrtroch winliken in flekke. Yn 1570 joech grevinne Anna de flekke noch waachrjochten. Nei it útwreidzjen fan de haven ûntjoech Weener ta in wichtich hannelsplak foar lânbouprodukten fan de omkriten.

Weener en omkriten waarden yn de Tritichjierrige Kriich tusken 1627 en 1631 troch it Ryksleger ûnder lieding fan Jehan Tzerclaes, greve fan Tilly beset. Yn 1637 en 1647 waard Weener troch it Ryksleger yn 'e brân set dêr't 108 huzen by yn de flammen rekken. Ek yn de snuorje fan de kriich bruts de pest yn Eastfryslân út, dy't ek grutte gefolgen foar de befolking fan Weener hie. Hoefolle minsken dêrtroch omkamen is lykwols net bekend. Yn 1650 waard Weener beskreaun as in lyts lânbouplak mei 300 ynwenners.

Yn 1672 waard de Dielerskâns troch Múnsterske troepen ûnder biskop Kristoffel Bearend fan Galen (Bommen Bearend) ferneatige nei in rige strideraasjes dy't er tsjin Eastfryslân fierde om in skuld fan 300.000 thaler fan greve Joaris Kristiaan te barren.

Letter yn de santjinde en yn de achttjinde iuw brutsen rêstigere tiden oan en bloeide de ekonomy fan Weener op. Benammen de hynstehannel yn Eastfryske hynders dy't gaadlik foar it riden, it ferpleatsen fan guod en goede wurkhynders wiene, naam tige ta. Wol 1.000 hynders waarden ferkocht oan bygelyks Brandenburch, Saksen, Hannover en Feneesje. Ek giene hynders fan Weener nei Súd-Itaalje en Frankryk. Foaroansteande hynstefokkers en -hannelers wiene de famyljes Lübbers, Hesse, Groeneveld, Goemann en Hitjer. Yn it ramt fan de Spaanske Súksesjekriich, ferbea de Eastfryske foarst yn 1704 hynders oan Frankryk en syn bûnsmaten te leverjen. Ynstee dêrfan waarden in soad oan it Hûs Habsburch ferkocht dy't se foar harren oermasteringstochten yn Itaalje brûkten. Ut dy tiid wei binne lange en gefaarlike hynstetrektochten fan Eastfryslân oer Augsburg en de Alpenpassen nei Itaalje oerlevere.

De bloeiende hynstehannel hie ek in ynfloed op de ûntwikkeling fan it ynwennertal. De flekke hie yn 1747, justjes nei't Eastfryslân ûnder Prusysk gesach kaam, 1487 ynwenners, mar wie yn 1805 ta 2337 ynwenners woeksen. Dêrmei waard Weener nei Emden, Norden en Lier neffens ynwenners it fjirdgrutste plak yn Eastfryslân en woeks de haadstêd Auwerk en de oare flekken Wittmund en Esens foarby. Weener waard it sintrum fan it Reiderlân. Yn 1805 telde de stêd ûnder de goed 2300 ynwenners 71 skippers en stjoerlju, 17 touslaggers, 43 skroaren, 32 bakkers, 37 timmerlju (oannimmers en feinten), en mear as 40 kreamers fersoargen de befolking.

Weener yn it Reiderlân

Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw rûn de ekonomyske ûntjouwing fan Weener tebek. By de Frede fan Tilsit yn 1807 moast Prusen Eastfryslân oan it Keninkryk Hollân ôfstean, en sa kaam Weener yn de Frânske machtssfear. It Reiderlân waard part fan it departemint Westeriems. Yn 1810 waard it part fan it Earste Frânske Keizerryk. Yn 1813 waard Weener befrijd en by it Kongres fan Wenen yn 1815 waard bepaald dat Eastfryslân oan it Keninkryk Hannover takomme soe. De ekonomyske bloeitiid kaam lykwols net werom en de haven rekke yn it neigean.

De Friezebrêge

Yn 1866 waard it Keninkryk Hannover troch Prusen anneksearre, dus kaam Weener fannijs by Prusen. Yn 1876 waard Weener oansletten op it spoar fan Lier nei Nijeskâns, dêr't er fierdere ferbinings nei Emden, Grins en Múnster troch krige. De Friezebrêge oer de Iems waard doe ek boud.

Yn 1885 waard Weener de sit fan de Krite Weener, dy't krapoan it Eastfryske part fan it Reiderlân omfieme, yn it ramt fan de Prusyske kriteweryndielings, dy't it âlde amtesysteem fan Hannover ferfong.

De stêd Weener bleau it mulpunt fan de feehannel. Jierliks waarden der 3500 oant 4000 stiks Reiderlânsk fee ferhannele troch Dútslân hinne en sels om utens. Ek wie er it mulpunt fan de Eastfryske bûterhannel. Yn de 1880-er jierren waard ek bûter oan Ingelân ferkocht. Troch de yndustrialisearring yn Dútslân naam de fraach bot ta. Westfalen en de Noarddútske hânzestêden wiene wichtige ôfsetgebieten. De lânbou waard ferbettere oan de hân fan keunstdong en op de lânbouskoallen waard de oanset ta it brûken dêrfan jûn.

Yn de njoggentjinde en begjin tweintichste iuw wiene de sosjale tsjinstellings yn de lânbou tusken de grutboeren en de lânwurklju tige grut, itjinge ta spannings late. Neffens berjochten fan lânwurklju moasten se fan 4 oere moarns oant seis oere jûns wurkje mei in oardel oere skoft middeis. Hja slepten, of it moast wêze dat se - en dat kaam komselden foar - in eigen suterich húske hiene, almeast by it fee yn it bûthûs. Jongelju waarden, nei't se de legere skoalle ôfmakke hiene, al nei de boer ta stjoerd om te wurkjen. Sokken wiene net âlder as 13 jier âld. Ek wiene der in soad problemen mei alkoholisme by de wurklju.

Yn 1932 waard de Krite Weener opheft en waard part fan de lânkring Lier. Op Kristallnacht yn 1938 waard de synagoge fernield. 48 fan de 131 Joaden dy't yn Weener wennen kamen yn konsintraasjekampen oan.

Nei de Twadde Wrâldkriich fong Weener in soad flechtelingen út it easten fan it Dútske Ryk op. De lânkring Lier fong yn ferhâlding ta de rest fan Eastfryslân en Nedersaksen in soad flechtelingen op. It Reiderlân rekke oan 'e ein fan de kriich isolearre om't de Friezebrêge skansearre rekke. Dy waard yn 1951/52 fannijs opboud.

Yn 1973 waard de stêd Weener útwreide mei de buorgemeenten Beschotenweg, Diele, Holthusen, Kirchborgum, Stapelmoor, Sankt Georgiwold, Vellage en Weenermoor.

Yn 1989/91 waard de A31 boud mei de Iemstunnel en krige Weener in oansluting op de Bundesautobahnnetwurk mei Emden, Aldenburch en it Ruhrgebiet. Yn 1994 kaam de A280 ree dy't in streekrjochte ferbining mei Grins en de rest fan Nederlân joech.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weener is it grutste plak yn it Reiderlân. Mei 15.000 ynwenners is er it fyfde grutste plak yn de lânkring Lier nei de stêd Lier en de plattelânsgemeenten Moormerland, Westoverledingen en Rhauderfehn. Yn de lânkring is Weener njonken Lier en Boarkum ien fan de trije stêden. Yn Eastfryslân is Weener de tsiende grutste gemeente en sechde grutste fan de tsien stêden.

Untwikkeling ynwennertal fan Weener fan 1821 oant 2017
Untwikkeling ynwennertal fan Weener fan 1821 oant 2017
Jier Ynwenners
1821 2.345
1848 2.991
1871 3.209
1885 3.724
1905 3.872
1919 3.678
1933 4.290
Jier Ynwenners
1939 4.338
1946 5.635
1950 5.966
1956 5.357
1960 5.461
1961 5.461
1970 5.667
Jier Ynwenners
1980 14.115
1990 14.320
2006 15.762
2010 15.710
2015 15.510
2017 15.578

Der wenje likernôch 700 Nederlânske steatsboargers yn de gemeente.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Fronehaus mei in foargevel yn Renêssânse-styl
De Kaakebogen

De gemeente bestiet út de folgende kearnen mei ynwennertallen fan 31 desimber 2017:

Kearn Ynwenners
Weener (stêd) 7106
Möhlenwarf 1807
Tichelwarf 1746
Holthusen 1129
Stapelmoor 1082
Stapelmoorerheide 798
Diele 582
Holthuserheide 396
Weenermoor 347
Kirchborgum 278
Vellage 207
Beschotenweg 178
Dielerheide 177
Halte 124
Sankt Georgiwold 61

De kearnen binne ûnderbrocht yn 8 kearngebieten (Ortschaften), dy't de eardere gemeenten binne.

De gemeenten Beschotenweg, Diele, Holthusen, Kirchborgum, Stapelmoor, St. Georgiwold, Vellage, Weenermoor en Weener waarden mei yngong fan 1 jannewaris 1973 gearfoege ta de nije gemeente Weener.

De eardere gemeenten hawwe elts in fertsjintwurdiger (Ortsvorsteher) by de gemeente. Dy amtner hat de belangen fan it kearngebiet foar de organen fan de gemeente oer op 'e noed, mar ferfollet ek helpfunksjes foar itselde gemeentlik apparaat.

Joaristsjerke yn Weener
Baptistetsjerke fan Weener

Weener hat in oerflak fan 81 km². It plak is goed te berikken oer de dyk, fia de Dútske A31 Leer-Ruhrgebiet en oer de A7/Dútske A280 Grins-Bunde. Weener hat teffens in stasjon oan it spoar Leer-Bad Nijeskâns-Grins. Weener leit oan de rivier de Iems. Oer dy rivier leit sûnt 1876 de Friezebrêge.

Weener is lykas de rest fan it Reiderlân fan oarsprong kalvinistysk. De measte tsjerkegemeenten yn de gemeente hearre ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke. Yn Weener sels is ek in lutherske gemeente, en allyksa in roomsk-katolike en in baptistegemeente. Joaden binne der sûnt de nazytiid net mear yn Weener.

Yn Weener wurdt njonken it Heechdútsk ek it Eastfrysk Plat sprutsen. Alteast ûnder folwoeksenen is it Plat de omgongstaal. De gemeente befoarderet, mei stipe fan it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft it gebrûk fan it Eastfrysk Plat.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemeentehûs yn Weener
It Heimatmuseum Rheiderland, it eardere earmehûs

De gemeenteried fan Weener telt 32 sitten. Ek de boargemaster hat it rjocht op in sit yn de rie.

De sitferdieling is sûnt de ferkiezings fan 12 septimber 2021 sa:

Partij/Groep % stimmen Sitten
SPD 51,8% 17
CDU 26,5% 8
Bündnis 90/Die Grünen 8,5% 3
AfD 5,3% 2
Unôfhinklike Kiezersmienskip Weener 4,8% 2
Boargemaster 1
Namme % stimmen
Heiko Abbas (CDU) 54,55%
Silke Helbich (SPD) 32,03%

De boargemaster, Heiko Abbas, is rjochtstreeks keazen. Hy is ek lid fan de ried (kraft Amtes), ûnôfhinklik en gjin diel fan in fraksje. Dat omdat er as boargemaster boppe de partijen stean moatte kin.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Aeilt Risius: Weener (Ems) – Geschichte der Stadt im Rheiderland. Verlag H. Risius, Weener 1983, ISBN 3-88761-011-3
  • Aeilt Risius: Das Rheiderland. Beiträge zur Heimatkunde des Altkreises Weener. Schuster, Lier 1974, ISBN 3-7963-0049-9 (werprintinge fan Kiel 1930)
  • Heinrich Schmidt: Politische Geschichte Ostfrieslands (= Ostfriesland im Schutze des Deiches, Band 5). Rautenberg, Lier 1975, DNB 200446355.
  • Wolfgang Schwarz:Die Urgeschichte in Ostfriesland. Verlag Schuster, Lier 1995, ISBN 3-7963-0323-4
  • Karl-Heinz Sindowski u. a.: Geologische Entwicklung von Ostfriesland (= Ostfriesland im Schutze des Deiches. Band 1). Deichacht Krummhörn (Hrsg.), Selbstverlag, Pewsum 1969, DNB 457744375
  • Menno Smid: Ostfriesische Kirchengeschichte (= Ostfriesland im Schutze des Deiches, Band 6). Selbstverlag, Pewsum 1974, DNB 750347139
  • Harm Wiemann, Johannes Engelmann: Alte Wege und Straßen in Ostfriesland (= Ostfriesland im Schutze des Deiches, Band 8). Selbstverlag, Pewsum 1974, DNB 750347147

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Weener fan Wikimedia Commons.
Weener
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
· · Berjocht bewurkje