Wapen fan Ikkerwâld
Appearance
It wapen fan Ikkerwâld is it wapen fan de Feriening fan Doarpsbelangen wyk Ikkerwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in ferhege griene skyldfoet, belein mei in goudene opbûgde skyldfoet, oerlein mei twa lizzende rogge-ieren, de boppeste mei de stal nei lofts, de ûnderste mei de stal nei rjochts; yn it goud steande op de snijline trije reade boargen, iepene en ferlichte fan it fjild, de rjochter boarch toppe troch in grien elzeblêd.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trije boarchen: stie foar de trije eardere doarp dy't Damwâld foarmje: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
- Elzeblêd: jout oan dat Ikkerwâld it meast westlik lizzende doarp wie. Ek ferwiist it blêd nei it diel "wâld" yn de plaknamme.
- Gouden skyldfoet: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
- Rogge-ieren: ferwize nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.