Waco CG-4
Waco CG-4 | |
---|---|
Rol | Militêr sweeffleantúch |
Makker | Waco Aircraft Company |
Earste flecht | 1942 |
Yn tsjinst | 1942 |
Tal makke | >13.903 (1942-1945) |
Brûkers | United States Army Air Forces, Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, United States Navy |
Fariant | Waco CG-15 |
De Waco CG-4 wie in Amerikaansk militêr sweeffleanmasine dy't yn de Twadde Wrâldoarloch in protte brûkt waard foar it ferfier fan troepen en materieel, ûnder oaren by de Operaasje Overlord en Operaasje Market Garden. It tastel waard fan maaie 1942 ôf oan yn de Feriene Steaten boud troch de Waco Aircraft Company. Der binne goed 13.900 fan makke.
It tastel hie in frame fan metaal en multipleks, beklaaid mei kanvas. De bemanning bestie út in piloat en in kopiloat. It tastel hie plak foar 13 soldaten en harren útrissing, of foar in jeep, in houwitser, of in oanhingwein. It tastel waard laden oan de foarkant; it foarste part fan it tastel koe opklapt wurde. It lâningsgestel bestie út trije lytse fêste tsjellen: twa oan wjerskanten fan de romp en in beweegber sturttsjel. As tôger waard meast de C-47 brûkt.
In tal CG-4's is bewarre bleaun en yn museums te sjen.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens CG-4A | |
---|---|
Lingte | 14,8 m |
Spanwiidte | 25,5 m |
Draachoerflak fleugels | 83,6 m² |
Hichte | 4,7 m |
Topfaasje | 192 km/o |
Bemanning | twa fleanders |
Passazjiers | 13 soldaten |
Gewicht leech | 1.769 kg |
Gewicht fol | 3.400 kg |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waco CG-4 fan Wikimedia Commons. |