Usedom
Appearance
Usedom (Dútsk Usedom, Poalsk Uznam) is in eilân yn de Eastsee op 'e grins fan Dútslân en Poalen. It grutste westlike part heart ta de Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en it lytsere eastlike part heart ta Poalen. It eilân fan 455 km² mei 76.500 bewenners leit besúdeasten it eilân Rugen.
It eilân hat in soad te betsjutten foar it toerisme yn Poalen en Dútslân. Usedom is te berikken oer twa brêgen (Dútsk part) en mei autofearen (Poalsk part).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De offisjele webside fan Usedom
- [1] – Artikel oer Usedom út Spiegel Online
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Usedom fan Wikimedia Commons. |