Stasjon Wijhe
Stasjon Wijhe station Wijhe | ||
Stasjon Wijhe yn 1912 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Olst-Wijhe | |
plak | Wijhe | |
adres | Prins Hendrikstraat 7 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Wh | |
iepening | 1 oktober 1866 | |
boujier | 1864 | |
sloopjier | 1975 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline A | |
1217 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Wijhe (Wh) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Wijhe yn de gemeente Olst-Wijhe yn de provinsje Oerisel. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline A (Arnhim - Ljouwert).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Wijhe wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fjirde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de santjin stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. Yn 1898 krige it stasjon oan de rjochterkant in lange fleugel en oan de eftergevel (by de perrons) waard in utbou oanboud. Yn 1936 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 1 juny weriepene
It âlde stasjon út 1864 waard yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's. Op it plein foar it stasjon stiet in masinistebunker as kriichsmonumint. In lyts betonnen hokje dat yn de kriich op de lokomotyf pleatst wie sadat de stoker en de masinist in bytsje beskut sieten as harren trein besketten waard.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter– Wijhe – Swol |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|