Springe nei ynhâld

Sniehazze

Ut Wikipedy
sniehazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus timidus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen fersprieding
     eksoat, yntrodusearre troch de minske
Net te betiizjen mei de poalhazze, in oare, nau besibbe hazzesoarte.

De sniehazze (wittenskiplike namme: Lepus timidus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen heart dit bist mei de Alaskahazze (Lepus othus) en de poalhazze (Lepus arcticus) ta it ûnderskaai fan 'e sniehazzen (Lepus). De sniehazze komt foar yn in grut diel fan noardlik Jeraazje, mei isolearre populaasjes yn û.m. Ierlân, Skotlân en de Alpen. Hy is fierders as eksoat oanwêzich op û.o. Iislân en de Fêreu-eilannen. De sniehazze is benammen nachts aktyf. Dit bist is sterk oanpast oan it libben yn biotopen dy't besteane út bergen, toendra's en iepen flakten dêr't strange winters foarkomme. De IUCN klassifisearret de sniehazze as net bedrige.

It lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e sniehazze bestiet út in reuseftich oaniensletten areaal yn it noarden fan Jeraazje mei in stikmannich isolearre populaasjes dêromhinne. Yn Skandinaavje omfiemet it oaniensletten gebiet it hiele fêstelân fan Noarwegen en Finlân en it fêstelân fan Sweden útsein Skåne yn it uterste suden. Fierders heart it Baltikum derta mei it fêstelân fan Estlân, Letlân, Litouwen en de Russyske eksklave Kaliningrad, it uterste noardeasten fan Poalen, hast hiel Wyt-Ruslân, it noarden fan 'e Oekraïne en in hoekje fan 'e Donbas-krite yn it easten fan dat lân, en teffens it grutste part fan Jeropeesk Ruslân, útsein de Koeban benoarden de Kaukasus en it streamgebiet fan 'e Wolga by Saratov en Volgograd.

Yn Aazje beslacht it oaniensletten ferspriedingsgebiet fan 'e sniehazze frijwol hiel Sibearje, it Russyske Fiere Easten ynbegrepen, mar útsein de eilannen yn 'e Noardlike Iissee. Fierders omfiemet it it noarden en easten fan Kazachstan, yn Sina it noarden fan Sinkiang-Oeigoerje en Mantsjoerije, en ek dielen fan noardlik en sintraal Mongoalje. Isolearre populaasjes besteane op Sachalin, in grut eilân foar de eastkust fan Sibearje; op Hokkaido, it noardlikste fan 'e haadeilannen fan Japan; yn 'e Skotske Heechlannen; yn Ierlân (sawol de Republyk as Noard-Ierlân); en yn 'e Alpen (dielen fan Frankryk, Switserlân, Itaalje, Lychtenstein, Eastenryk, Sloveenje en it uterste noarden fan Kroaasje).

Dêrnjonken is de sniehazze yn Jeropa troch de minske as eksoat yntrodusearre yn it Peak District fan it Ingelske greefskip Kumbria; yn it Penninysk Berchtme fan sintraal Ingelân; op it eilân Man yn 'e Ierske See; op 'e Orkney-eilannen en de Sjetlâneilannen benoarden Skotlân; en fierders op 'e Fêreu-eilannen, Iislân en de westlike dielen fan Spitsbergen yn 'e Barentssee. Bûten Jeraazje besteane der yntrodusearre populaasjes sniehazzen op 'e ûnbewenne Crozeteilannen en Kerguëlen yn it suden fan 'e Yndyske Oseaan, dy't beide ta de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen hearre.

De sniehazze ûntjoech him yn it Let-Pleistoseen. Der bestiet bewiis dat it ferspriedingsgebiet fan it bist him yn ferskate iistiden útwreide oant yn Súd-Jeropa, wat ek de isolearre populaasje yn 'e Alpen ferklearret. It bewiis bestiet út mitogondriale haplotypen dy't troch krusings mei sniehazzen efterbleaun binne yn it DNA fan 'e populaasje fan 'e gewoane hazze (Lepus europaeus) yn it noarden fan it Ibearysk Skiereilân en ek yn dat fan 'e Ibearyske hazze (Lepus granatensis) en de Kantabryske hazze (Lepus castroviejoi).

Yn it Let-Pleistoseen en Ier-Holoseen wiene eksimplaren fan 'e populaasje yn Ruslân teminsten 10% grutter as eksimplaren fan lykfol hokker hjoeddeistige populaasje. Dêrom waard de eardere Russyske populaasje oarspronklik beskreaun as in selsstannige soarte, Lepus tanaiticus, mar it tinken is no dat it gjin aparte soarte wie, mar ynstee in prehistoarysk morfotype fan 'e gewoane sniehazze.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sniehazze is krekt wat lytser as de gewoane hazze. It bist hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–60 sm, mei in sturtlingte fan 4–8 sm en in gewicht fan 2,5–4,2 kg. De wyfkes binne justjes swierder as de mantsjes. De útstykjende earen mjitte 7–10 sm yn lingte. Simmerdeis is de pels by alle populaasjes brún (noris wat ljochter útskaaiend, dan wer wat dûnkerder). By 't winter ferhierje de measte populaasjes, wêrby't it brún ferfongen wurdt troch in wite of fierhinne wite pels. De sturt bliuwt it hiele jier rûn wyt, wêrmei't de sniehazze him ûnderskiedt fan 'e gewoane hazze, dy't in sturt hat mei swart hier oan 'e boppekant en wyt hier oan 'e ûnderkant.

De sniehazze (ûnder) yn ferliking mei de gewoane hazze (boppe).

De Ierske hazze (Lepus timidus hibernicus), de westlikste ûndersoarte, hâldt it hiele jier rûn in brune pels. Dêr komt ek in goudbrune fariant foar, benammen op it lytse eilantsje Rathlin. De yntrodusearre sniehazzen op 'e Fêreu-eilannen wurdt winterdeis net wyt mar griis, wat nei alle gedachten feroarsake wurdt troch in genetyske mutaasje yn 'e frij behindige populaasje.

Sniehazzen komme oer it algemien foar yn bercheftige kriten mei ferspraat leaf-, nulle- of mingd wâld en op heide en toendra's. By ôfwêzichheid fan fee sjocht men se ek op berchgreiden. Yn 'e Alpen libje se fan hichten fan 700 m oant 3.800 m, ôfhinklik fan terrein en jiertiid. Yn Ierlân en Noard-Ierlân komt de westlikste ûndersoarte, de Ierske hazze (Lepus timidus hibernicus), lykwols ek foar yn leechlein greidlân en yn sâltwettersompen oan 'e kusten. De sniehazze libbet ek op 'e flakten fan Jeropeesk Ruslân, Sibearje en Kazachstan, mar dêr binne de winters sa strang dat se dy heech yn 'e bergen belykje kinne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sniehazze is benammentlik in nachtdier. It foerazjeargebiet en it plak dêr't er oerdeis rêst hâldt, kinne wol 1–2 km útinoar lizze. Oer it algemien leit it rêstplak berchop en it foerazjeargebiet berchôf. It rêstplak is ferskûle tusken rotsen en/of strewelleguod. Yn feangrûn grave se simpele hoalen fan 1–2 m lang. By 't winter meitsje sniehazzen in ûndjippe dobbe yn 'e snie om har yn del te jaan. De grutte fan it wengebiet ferskilt ôfhinklik fan it terrein en de jiertiid, en kin sadwaande útinoar rinne fan 15–100 ha. As der rom fretten foarhâns is, foerazjearje sniehazzen soms deun byinoar. Dêrby kinne se grutte groepen foarmje fan soms wol 70 eksimplaren, hoewol't se it meastepart fan it jier in solitêr bestean liede.

Yn 'e peartiid, dy't rint fan febrewaris oant en mei juny, binne sniehazzen behalven nachts faak ek oerdeis of alteast yn it skimertsjuster aktyf. By de rammen bestiet op foerazjearplakken in hierargy dy't basearre is op grutte en lichemsgewicht. Gefjochten om dominânsje te bepalen tusken twa bisten fan gelikense grutte fine plak tusken rammen ûnderling en tusken rammen en moerhazzen, mar net tusken moerhazzen ûnderling. De draachtiid duorret by de sniehazze 47–54 dagen, wêrnei't de moerhazze 1–7, mar meastal 2–4 jongen smyt. Der binne fan april oant septimber 1–3, mar almeast 2 smeten. De jongen wurde nei 4 wiken ôfwûn, al duorret dat by de lêste smeet fan it jier faak wat langer. Sniehazzen binne yn har twadde jier geslachtsryp en hawwe in libbensspanne fan trochinoar 12 jier.

Wat sniehazzen frette, ferskilt fan krite ta krite, ôfhinklik fan wat der beskikber is. Yn Skandinaavje, bygelyks, dêr't harren wengebiet in grut diel fan it jier beskûl giet ûnder in tsjûk pak snie, ite sniehazzen in protte twigen en beamskoars. Yn Ierlân, dêr't se (ek) yn it leechlân rûnom foarkomme, bestiet harren fretten foar 90% út gers. Dat is in heger persintaazje as by de Ierske populaasje fan 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), in besibbe soarte dy't bekendstiet as gersiter.

Relaasje mei oare soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare hazzesoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De poalhazze (Lepus arcticus), dy't yn Grienlân en noardlike dielen fan Kanada foarkomt, waard foarhinne beskôge as in ûndersoarte fan 'e sniehazze. Tsjintwurdich is lykwols dúdlik dat it om in selsstannige, sij it nau besibbe, soarte giet. Guon saakkundigen binne fan betinken dat de Ierske hazze (Lepus timidus hibernicus), de westlikste ûndersoarte fan 'e sniehazze, ek as in aparte soarte erkend wurde moat. Anno 2019 besteane der 15 erkende ûndersoarten fan 'e sniehazze.

De Ierske hazze (in ûndersoarte fan 'e sniehazze) op in yllustraasje út British Mammals fan A. Thorburn (1920).

Yn 'e súdlike dielen fan Noarwegen, Sweden en Finlân bekonkurrearje de sniehazze en de gewoane hazze inoar foar habitat. Mei't de gewoane hazze in slachje grutter is, ferdriuwt dy oer it algemien de sniehazze. Yn winterske omstannichheden is de better oanpaste sniehazze lykwols dúdlik yn it foardiel. Soms fine der krusings plak tusken de beide hazzesoarten.

De sniehazze stiet op it menu foar de keningsearn en oare grutte rôffûgels en fierders de oehoe, Jeraziatyske lynks, foks, stienmurd en beamotter. Murden, harmelingen en wezelingen kinne hazzejongen opfrette.

De sniehazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er oer syn hiele ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat wol net sizze dat de sniehazze yn beskate regio's net swierrichheden ûnderfynt.

Yn 'e Alpen hat dit skrutene bist bygelyks te lijen ûnder it tanommen toerisme yn ferbân mei de wintersport. Ut in ûndersyk út 2019 die bliken dat sniehazzen yn gebieten mei in protte wintersport harren hâlden en dragen feroarje op in wize dy't mear enerzjy opbrûkt, mei as gefolch dat se ferlet hawwe fan mear iten as se oars hawwe soene yn in tiid dat fretten krap is.

Yn Skotlân kaam yn 2016 oan it ljocht dat sniehazzen yn 'e Skotske Heechlannen rûtinemjittich ôfsketten waarden troch dielnimmers oan betelle "jachtrûnliedings" en ek troch jachtopsjenners dy't har inkeld bekroadzje om 'e foar de jacht wichtige Skotske sniehin (Lagopus lagopus scotica). Under dy lju hearsket ntl. it net op bewizen stuolke leauwe dat sniehazzen sykten op sniehinnen oerbringe kinne. It ôfsjitten waard fierhinne stilholden, mar natoerbeskermers fan 'e organisaasje OneKind krigen boppe wetter dat it elts jier om tsientûzenen ôfsketten sniehazzen gie. Nei oanlieding fan 'e maatskiplike opskuor dy't dat nijs feroarsake, lei it Skotsk Parlemint by in stimming op 17 maaie 2020 it near op it ûnfergund ôfsjitten fan sniehazzen.

Yn it Peak District, in skildereftich heuvelich gebiet yn it Ingelske greefskip Kumbria, bestiet ek noed oer it fuortbestean fan 'e populaasje sniehazzen, dy't dêr yn 'e 1870-er jierren troch de minske yntrodusearre waard. Yn 2021 waard by in telling troch de People's Trust for Endangered Species fêststeld dat de populaasje omleech gien wie nei likernôch 2.500 bisten. Dat waard net witen oan jacht, mar oan klimaatferoaring, mei't de heuvels fan it Peak District troch de opwaarming fan 'e Ierde eins net kâld genôch mear binne foar sniehazze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 81–83.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.