Sargon fan Akkad
Sargon | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In ôfbylding fan Sargon op syn oerwinningsstêle. | ||
echte namme | 𒊬𒊒𒄀, Šar-ru-gi | |
nasjonaliteit | Akkadysk | |
bertedatum | ±2355 f.Kr. | |
berteplak | Azûpiranû? | |
stjerdatum | 2279 f.Kr. (of 2284 f.Kr.) | |
stjerplak | Akkad? | |
dynasty | Hûs fan Sargon | |
etnisiteit | Akkadysk | |
kening fan Akkad kening fan Sûmearje | ||
regear | 2334 f.Kr. – 2279 f.Kr. (M.G.) | |
opfolger | Rimûsj |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.
Sargon (Akkadysk: 𒊬𒊒𒄀, sekuere transliteraasje: Šar-ru-gi; ±2355 f.Kr. – 2279 f.Kr. of 2284 f.Kr.), ek bekend as Sargon de Grutte (net te betiizjen mei de lettere keningen Sargon I en Sargon II fan Assyrje), wie yn 'e fjouwerentweintichste en trijeëntweintichste iuw f.Kr. kening fan Akkad en Sûmearje. Hy wie de stifter fan it Akkadyske Ryk, en wurdt soms identifisearre as de earste persoan yn 'e (fêstleine) skiednis dy't oer in ryk regearre. De dynasty dy't Sargon stifte, it Hûs fan Sargon, hearske nei syn dea noch krapoan oardel iuw oer it Akkadyske Ryk, oant dat ûnder fuotten helle waard troch de Gûtyske ferovering fan Sûmearje. Yn 'e literatuer fan it Nijassyryske Ryk, út 'e achtste en sânde iuw f.Kr., komt Sargon foar as in legindarysk figuer.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Primêre boarnen oer Sargon binne mar krap foarhâns; de wichtichste hast-kontemporêne fermelding fan him makket diel út fan 'e ferskate ferzjes fan 'e Sûmearyske Keningslist. Tûzenen jierren nei syn dea waard Sargon it ûnderwerp fan leginden yn 'e literatuer fan it Assyryske Ryk en it Babyloanyske Ryk. Los fan dy sekundêre en foar in part sûnder mis mytyske ferslaggen fan syn libben, binne der in protte ynskripsjes dy't er sels oanbringe litten hat, hoewol't it meastepart dêrfan inkeld bekend is út kopyen fan folle letter. De kolleksje fan it Louvre, yn Parys, omfiemet lykwols fragminten fan twa orizjinele oerwinningsstêles fan Sargon, dy't opdobbe binne by in argeologyske opgraving yn Sûsa, de haadstêd fan Elam, dêr't se, nei't men oannimt, yn 'e tolfde iuw f.Kr. hinne oerbrocht binne út Mesopotaamje wei.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sargon moat omtrint 2355 f.Kr. berne wêze. Neffens in (yn 1850 ûntdutsen) tekst út it Nijassyryske Ryk, datearjend fan 'e sânde iuw f.Kr., soed er de oerwûne soan fan in preesteresse fan Isjtar of Inanna west hawwe, dy't him yn it geheim te wrâld brocht yn 'e stêd Azûpiranû oan 'e Eufraat. Hja sette him yn in koer dy't weve wie fan reid en liet him dêryn as fûnling de rivier opdriuwe; hy waard fûn troch de ienfâldige túnker Akki, dy't him oannaam as yn soan en him grutbrocht om ek túnker te wurden. Ferskate saakkundigen hawwe wiisd op 'e dúdlike oerienkomsten fan dit ferhaal mei it bibelske ferhaal fan Moazes, en ek mei it ferhaal fan kening Oidipoes, út 'e Grykske mytology. It tinken is dat it neamen fan it amt fan syn mem benammen bedoeld wie om oan te jaan dat Sargon fan hege berte wie, om't doedestiden inkeld aadlike froulju preesteresse wurde koene.
Yn in yn it Sûmearysk skreaune tekst dy't yn 1974 yn Nippoer ûntdutsen waard, wurdt min ofte mear itselde ferteld, al wurdt dêr de heit fan Sargon identifisearre as La'ibûm. Nei in missend stik giet deselde tekst fierder mei in ferhaal oer Oer-Zababa, de kening fan Kisj, dy't wekker skrikt út in dream. Wat dy dream krekt wie, mist wer, en it is dêrom net dúdlik wêrom't de kening neitiid Sargon oanstelt as syn skinker, hoewol't dat grif mei de dream te krijen hat. (De funksje fan skinker wie doedestiden eins in tige foaroansteand polityk amt, dat beset waard troch in fertrouling fan 'e kening en dêr't wiidweidige ferantwurdlikheden oan klibben dy't net daliks troch de titel sels suggerearre wurde.)
Koarte tiid letter nûget Oer-Zababa Sargon út yn syn fertrekken om in dream fan Sargon te bepraten, dy't te dwaan hie mei de geunst fan 'e goadinne Inanna en it ferdrinken fan 'e kening troch de goadinne. Oer-Zababa rekket dêrtroch tige benaud fan Sargon en jout Beliš-tikal, it haad fan syn smidden, opdracht om 'e jongeman te fermoardzjen. Hy stjoert Sargon nei Beliš-tikal ta, mar troch yngripen fan Inanna, dy't Sargon by de poarten tsjinhâldt om't er "besmodzge mei bloed" wêze soe, wurdt de moard tsjinkeard. As Sargon weromkomt by Oer-Zababa, beslút dy it nochris te besykjen. Hy stjoert Sargon mei in brief (yn 'e foarm fan in klaaitablet) nei kening Lûgal-zage-si fan Oerûk ta. Sûnder dat Sargon it wit, befettet it brief in fersyk om him te deadzjen. Dat diel fan it ferhaal hat oerienkomsten mei de myte fan Bellerofon út 'e Grykske mytology en it ferhaal fan Oería de Hettyt út it Alde Testamint fan 'e Bibel. De rest fan it ferhaal is net oerlevere, mar út 'e kontekst is dúdlik dat dêryn ferteld wêze moat hoe't Sargon foar de twadde kear oan 'e dea ûntsnapt en dêrnei Oer-Zababa fan 'e troan stjit en sels kening fan Kisj wurdt.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behalven skinker hie Sargon ek it amt fan túnker oerkrigen fan syn heit of pleechheit. Dat hie net inkeld mei it ferbouwen fan gewaaksen te krijen, mar fral mei it ûnderhâld fan 'e wichtige yrrigaasjekanalen. Men soe dêrtroch oannimme kinne dat it him tagong joech ta in dissiplinearre kloft arbeiders, dy't mooglik syn earste soldaten waarden. Nei't er kening fan Kisj wurden wie, fersloech Sargon, neffens in Aldbabyloanyske kopy fan in ynskripsje út Nippoer, Lûgal-zage-si fan Oerûk, dy't er kriichsfinzen naam en "yn in slavehalsbân nei de poarten fan [de god] Enlil" fierde. Hy naam it keningskip fan Lûgal-zage-si oer en ferpleatste it fan Oerûk nei syn eigen stêd Akkad.
It is yn it ferline faak oannommen dat Sargon net inkeld de stifter fan it Akkadyske Ryk wie, mar ek fan 'e stêd Akkad sels. Dy oanname liket no ûntkrêfte te wêzen troch de ûntdekking fan in ynskripsje (beskreaun yn 1999), wêryn't Akkad neamd wurdt en dy't datearret út it earste jier fan it regear fan Ensjakûsjanna. Dyselde moat perfoarst regearre hawwe foarôfgeande oan it bewâld fan Sargon, en, nei't no tocht wurdt, ýn Akkad.
Nei de oerweldiging fan Oerûk ferovere Sargon ek Oer en "ferwoastge" er (neffens in ynskripsje) it gebiet fan Lagasj oant de Perzyske Golf, wêrnei't er ek Oemma oermastere en ferwoastge. Dêrmei brocht er hiel Sûmearje, oftewol it súdlike part fan Mesopotaamje, ûnder syn macht. Yn 'e jierren dêrnei ferovere er noardlik Mesopotaamje. Hy ûnderwurp himsels oan 'e (Levantynske) god Dagon (om dy syn goedkarring ôf te smeekjen) en begûn doe in fjildtocht nei de Levant, wêrby't er it Twadde Marioatyske Keninkryk fan Mari (yn eastlik Syrje) ferovere. Hy foege ek de sederwâlden fan it Libanonberchtme by syn ryk, en krong Anatoalje binnen oant de 'Sulverbergen' ta, sadat er regearre fan 'e "boppesee" (de Middellânske See) oant de "ûndersee" (de Perzyske Golf).
In oare fjildtocht fierde Sargon nei it easten ta, dêr't er Elam en Parachsjûm ferslein en ferovere hawwe soe. Yn 'e Nippoer-ynskripsje wurde ferskate hearskers neamd dy't er fersloech en mooglik deade, ûnder wa "Lûhûhisjan, "de soan fan Hisjibrasini, kening fan Elam" en "Sidga’û, legeroerste fan Parachsjûm". Yn totaal soe Sargon neffens de ferskate ynskripsjes 34 stêden ferovere hawwe. Hy hie dêrta in steand leger fan 5.400 man. Under syn regear kaam de Akkadyske taal ta literêre ûntwikkeling, mei't er oan ynskripsjes yn syn memmetaal de foarkar jûn liket te hawwen boppe ynskripsjes yn it Sûmearysk, dat in folle langere literêre tradysje hie.
Neffens de Weidnerkronyk (Babyloanyske Kroniken 19:51) wie it Sargon dy't "Babylon foar Akkad boude". De Kronyk fan 'e Iere Keningen (Babyloanyske Kroniken 20:18-19) seit ek dat Sargon let yn syn regearperioade "de grûn fan 'e put fan Babylon opgroef, en fan Babylon in wjergader njonken Akkad makke". De saakkundige Marc van de Mieroop makke yn 1999 lykwols de suggestje dat dy beide kroniken wierskynlik ferwize nei Sargon II, in folle lettere kening fan it Nijassyryske Ryk, ynstee fan nei Sargon fan Akkad.
Ek oer de lingte fan Sargon syn regearperioade bestiet ûndúdlikens. Ferskate kopyen fan 'e Sûmearyske Keningslist wolle hawwe dat er 40, 45, 54, 55 of 56 jier oan it bewâld wie. De meast algemien akseptearre jiertallen datearje syn regear (yn 'e Middellange Gronology) fan 2334 f.Kr. oant 2279 f.Kr. (of oars oant 2284 f.Kr.). Benjamin R. Foster hold yn 1982 út dat dy datearring eins berêste op 'e ferbastering fan in oarspronklike ynterpretaasje fan 37 jier, mar foar dy teory hat er net folle oare saakkundigen meikrigen. Yn elts gefal binne der mar fjouwer jiernammen foar it regear fan Sargon oerlevere:
- "it jier dat Sargon nei Simoerrûm gie" (Simoerrûm wie in troch de Hoerriten bewenne krite yn noardlik Mesopotaamje of Transkaukaazje)
- "it jier dat Sargon Oerû'a ferwoastge" (Oerû'a wie wierskynlik in Elamityske stêd)
- "it jier dat Sargon Elam ferwoastge"
- "it jier dat Mari ferwoastge waard"
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sargon wie troud mei Tasjlûltûm, mei wa't er in stikmannich bern hie. Syn dochter Enhedûanna wie in preesteresse en in ferneamd dichteresse, mooglik de earste skriuwer út 'e skiednis fan wa't de namme oerlevere is, en boppedat ien fan 'e earste froulju út 'e skiednis fan wa't de namme bekend is. Ferskaten fan har wurken, lykas de Ferhearliking fan Inanna waarden noch iuwenlang op liturgysk mêd brûkt. Sargon waard opfolge troch syn soan Rimûsj, dy't njoggen of fjirtjin jier regearre foar't er fermoarde waard. Neitiid kaam in oare soan fan Sargon, Manisjtûsjû, op 'e troan. De nammen fan noch twa oare soannen, Sjû-Enlil en Ilaba'is-takal, binne bekend. Sargon wie de stifter fan in dynasty dy't bekendstiet as it Hûs fan Sargon, of ek wol as de Sargoanyske Dynasty of de Aldakkadyske Dynasty. Nei syn dea hearske dy noch krapoan oardel iuw oer it Akkadyske Ryk, ear't dat derûnder strûpte troch de Gûtyske ferovering fan Sûmearje.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sargon fan Akkad wurdt soms oanwiisd as de earste persoan yn 'e (fêstleine) skiednis dy't hearske oer in ryk (yn 'e betsjutting fan in sintraal bewâld oer in multy-etnysk gebiet). Eardere Sûmearyske hearskers, lykas Lûgal-zage-si, soene lykwols ek oanspraak op dat rekôr meitsje kinne. It regear fan Sargon lei fierders de basis foar de oerhearsking fan it Midden-Easten troch Semityske riken, dy't, nei de Nijsûmearyske ûnderbrekking troch de Trêde Dynasty fan Oer yn 'e ienentweintichste en de tweintichste iuw f.Kr., krapoan fyftjin iuwen lang duorje soe, oant de Perzyske ferovering fan it Nijbabyloanyske Ryk nei de Slach by Opis yn 539 f.Kr.
Hast twatûzen jier lang foarme Sargon it model dat de neikommende Mesopotamyske keningen besochten te belykjen. De hearskers fan it Assyryske Ryk en it Babyloanyske Ryk seagen harsels as de erfgenamten fan Sargon. Nabonidus, in kening fan it Nijbabyloanyske Ryk, toande grutte belangstelling foar de skiednis fan it Hûs fan Sargon, en liet sels argeologyske opgravings útfiere fan 'e paleizen fan Sargon en syn opfolgers. In kening fan it Aldassyryske Ryk, Sargon I, waard nei Sargon ferneamd. In kening fan it Nijassyryske Ryk wie Sargon II; it is net dúdlik oft dy direkt nei Sargon ferneamd wie, mar oars wie it grif yndirekt. It is Sargon II dy't ûnder de namme "Sargon" yn Jesaja 20:1 yn 'e Bibel neamd wurdt. De oarspronklike Sargon fan Akkad soe de ynspiraasjeboarne wêze kinne foar de bibelske Nimrod, dy't neamd wurdt yn Genesis 10:8-11 en yn 1 Kroniken 1:10.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|