Sûkelarjeheuvels
De Sûkelarjeheuvels of Chocolate Hills binne de grutste attraksjes op it Filipynske eilân Bohol. Midden op in hast flak plato ferrize yn in gebiet fan mear as 50 km² 1.268 meast likense kegelfoarmige hichten fan ± 30-50 meter heech. Se binne foar it meastepart begroeid mei gers dat yn it drûge diel fan it jier in brune tint krijt. De heuvels dogge dan wat tinken oan kollossale sûkelarjeheuvels.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit bysûndere geologyske ferskynsel is ûntstien troch de ferwaring fan kalkstien en eroazjeferskynsels. De hichten binne in foarm fan tropyske kegelkarst. Hjirby binne de karstferskynsels folle fierder trochgien as yn in lânskip mei skaaimerken as dolines en poljes.
Ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lokale myte seit dat twa reuzen dagen efterinoar tsjin elkoar fochten hawwe mei stiennen en sân. Mear romantysk is it ferhaal fan Arogo, in sterke en jonge reus dy't fereale rekke op it famke Aloya. Doe't Aloya dea gie yn de hânpalm fan de reus, feroaren syn triennen yn de heuvels.
Nasjonaal Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1988 waarden de Sûkelarjeheuvels útroppen ta Nasjonaal- en Geologysk Monumint troch it Filipynske regear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chocolate Hills fan Wikimedia Commons. |