Richard Francis Burton
Richard Francis Burton (Torquay (Devonshire, Ingelân), 19 maart 1821 – Triëst, 19 oktober 1890) wie in Britsk konsul, ûntdekkingsreizger, oersetter, polyglot[1] en oriïntalist. Hy wie ferneamd, lykwols neffens tiidgenoaten 'wreed ferneamd', om syn koppigens en syn nonkonformisme mei de Fiktoriaanske moraal.
Hy fertaalde ûnder oaren Tûzen-en-ien-nacht (The Arabian Nights yn 't Ingelsk), de Kamasûtra en The Perfumed Garden.
Om reden fan grutte talekennis en syn donker úterlik koe Burton sûnder út de toan fallen by ynlanders him bewege yn de foar Jeropeanen eksoatyske wrâlden fan it Midden-Easten en Yndia. Sadwaande wie er ien fan de earste as moslim ferklaaide westerlingen dy't Mekka besocht.
Burton wurdt faak yn ien siken wei neamd mei de Ingelske ûntdekkingreizger John Hanning Speke. Yn 1857 giene sy tegearre út Sansibar wei it East-Afrikaanske ynlân yn mei it doel om de boarnen fan de Nyl te finen. In jier lettter kamen sy by de Tanganjikamar oan. Speke ûntduts de Fiktoriamar. De freonskip tusken de manne bekuolle lykwols, ûnder mear troch skeel oer wat de wiere boarne fan de Nyl wie.
Yn 1861 waard Burton diplomaat, konsul, yn Fernando Po. Hy tsjinne letter ek yn Santos (Brazylje), Damaskus en in Triëst dêr't er yn 1890 stoar.
Burton in de literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sciencefictionboek Riverworld fan Philip José Farmer, dat oer in soarte hjirneimels giet, is Richard Burton ien fan de haadpersoanen; lykwols makke dat persoanaazje hiele oare dingen mei as de wiere Burton. Oare ferneamde figueren yn it boek binne Hermann Göring en Mark Twain. De roman 'De wereldverzamelaar' (Ilija Trojanow, 2006) folget it libben en de reizen fan Burton mear sa't it wie.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sindh and the races that inhabit the valley of the Indus (Londen 1850)
- Goa and the Blue Mountains (Londen 1851)
- Falconry in the Valley of the Indus (1852)
- Personal narrative of a pilgrimage to El Medinah and Meccah (Londen 1855), E-Book by http://www.gutenberg.org/etext/4657, http://www.gutenberg.org/etext/4658
- First footsteps in East Africa; or, An Exploration of Harar (1856), E-Book by http://www.gutenberg.org/etext/6886
- The Kasidah of Haji Abdu El-Yezdi
- The Lake Regions of Central Africa (1860)
- A Mission to Gelele, King of Dahomé (1864)
- Exploration of the Highlands of Brazil (1869)
- Letters from the Battlefields of Paraguay (1870)
- Zanzibar (Londen 1872)
- Unexplored Syria (Londen 1872)
- Ultima Thule (1875)
- Two Trips to Gorilla Land (1876)
- The Land Midian (1877), E-Book by http://www.gutenberg.org/etext/7111, http://www.gutenberg.org/etext/7113
- The Gold-Mines of Midian and the ruined Midianite cities (1878)
- The Land of Midian revisited (1879)
- A Glance at the Passion Play (Londen 1881)
- The Book of the Sword (1883)
- Book of the Sword, Verlag Chattoo and Windus, fan Richard F. Burton, (1884),(scanferzje, (in) )
- Vikram and the Vampire (1893), E-Book by http://www.gutenberg.org/etext/2400
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Richard Francis Burton fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|