Readsturtsje
readsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus phoenicurus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel trekfûge wintergast |
It readsturtsje (Phoenicurus phoenicurus) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn Afrika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It readsturtsje is in fûgeltsje fan 13 oant 14,5 sm lang. It mantsje hat in readbrune sturt en stút en in readbrún boarst, dat by de búk oergiet op wyteftich. De kiel en de wangen binne oant krekt boppe it each swart. Dêrboppe rint by it swart oer de foarholle in wyteftige streek, wylst de krún en it boppebealchje fierder griisblau binne. It wyfke dêrfoaroer is ienfâldiger fan kleur. Sy hat ek in readeftige sturt, mar is op it boppebealchje en de kop earder ljochtbrún fan kleur. Ek ûntbrekt by it wyfke it swart en it wyt op it kopke fan it mantsje. It readbrún fan it boarst fan it wyfke is fealer en wurdt mei wat bêzje ôfwiksele. Wyfkes fan it readsturtsje kinne maklik mei de wyfkes fan it swarte readsturtsje betiizge wurde, wêrfan't lytse oantallen yn ús lân oerwinterje. Opfallend is de triljende sturt fan 'e readsturt.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It readsturtsje yn ynsekten, larven en beien. De fûgels mei graach yn beamholtes briede, dy't makke binne troch spjochen. Ek nestkasten wurde faak brûkt.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readsturtsjes lizze fiif oan sân ljochtblauwe aaikes mei readbrune stippen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It biotoop fan readsturtsje bestiet út in healiepen lânskip mei âlde beammen en strewellen, parken en grutte tunen.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- P. a. phoenicurus (Briedt yn grutte dielen fan Europa, yn it suden fan Europa en Noard-Afrika lokaal oant yn Midden-Aazje, oerwinteret yn Midden- en East-Afrika).
- P. a. samamisicus (Briedt yn it súdeast fan Europa oant yn Oezbekistan, Turkmenistan en Iran, oerwinteret yn it noardeasten fan Afrika).
Yn Nederlân komt de fûgel yn it hiele lân as briedfûgel foar. Mar de gruttere konsinstraasjes fan 'e fûgel binne yn it easten fan it lân te finen. Yn 'e jierren 1970 binne de oantallen readsturtsjes ôfnommen troch it ferdwinen fan heechstamhôven. Mei sa'n 14.000-22.000 Nederlânske pearkes is de stân hjoed-de-dei aardich stabyl.
Yn Fryslân binne de measte readsturtsjes yn 'e Noardlike Fryske Wâlden (tusken Drachten en Dokkum) te finen, dêr't de âlde beamwâlen en singels in ideaal briedgebiet foar de fûgels biede.[1][2]
De readsturtsjes yn ús lân fleane fan july oant oktober nei harren oerwinteringsgebiet yn Afrika. Skandinavyske readsturtsjes trekke dan troch Nederlân. Healwei april oant ein maaie komme de fûgels werom om te brieden. Readsturtsjes trekke nachts.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt op 32.000.000-49.999.999 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De fûgel hat fierder in grut ferspriedingsgebiet en wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Readsturtsje
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara