Piet Hendriks
Piet Hendriks | ||
akteur | ||
Piet Hendriks as Hein de Leeuw yn de telefyzjerige Man alleen (1981) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Nieuwendam | |
stjerplak | Swol | |
jierren aktyf | 1954-1995 | |
offisjele webside | ||
Piet Henriks yn de IMDb |
Piet Hendriks (Nieuwendam, 13 desimber 1918 - Swol, 6 april 2000) wie in Nederlânsk akteur en kabaretier.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hendriks soe ynearsten elektrisiên wurde, maar fielde him al gau oanlutsen ta it toaniel. Hy spile by ferskate amateurselskippen, ûnder oaren by de Amsterdamske Komedy.
Hendriks syn telefyzjedebút wie yn 1954 as Willempie yn Saint-Germain-des-Prés, it VARA-programma fan Tom Manders. Hendriks pakte syn kâns en lei him dêrnei folslein ta op telefyzje.
Hy spile yn Ja zuster, nee zuster de rol fan in yngenieur dy't mei syn eksperiminten yn de kelder allegeduerigen foar ontploffingen soarge.
Teffens spile er yn Zeg 'ns Aaa, Komdatzien, Klatergoud, Klaverweide, Ieder zijn deel, Cassata, De Late Late Lien Show en amusemintsprogramma's lykas de De Mountiesshow, Max Tailleurshow en Klassewerk.
Hendriks hearde mei Annet van Heusden en Sien Diels ta de oarspronklike 'bewenners' fan de Nederlânske Sesamstrjitte; hy die mei fan 1976 oant 1984, doe't er de searje om reden fan skeel ferliet. Syn rol fan pake waard oernaam troch Lex Goudsmit.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleren maken de man (1957) - Rol ûnbekend
- Schuld en boete (Telefyzjefilm) (1963) - Skriuwer
- Jan en alleman (Telefyzjefilm) (1963) - Stamgast
- Brigadoon (Telefyzjefilm) (1964) - Angus MacMonies
- Pipo en de Waterlanders (telefyzjerige)- wetterlanner (Ofl.9, 1964)
- Tim Tatoe (televisieserie) - Sheriff omke Jippie (Ofl.8,1966)
- Ja zuster, nee zuster Telefyzjerige - Yngenieur (Ofl. 20, 1966-1968)
- El magnifico Tony Carrera (1968) - Patron
- 't Schaep met de 5 pooten (Tf-rige) - Huipie van Duivenbode (Ofl.8, 1969-1970)
- De baron van Münchhausen (Tf-rige) - Kok (1970)
- De heks van Haarlem (Telefyzjefilm) - rol net bekend (1970)
- Klatergoud - Van Dalen (1971)
- Eva Bonheur - De Behinger (1972)
- Twee onder een klap - Ome Dirk (1973)
- Merijntje Gijzen - Ome Dries (Episoade 1.10, 1974)
- De wolvenman (1974) - Otto Atsma
- Sintraal stasjon Tf-rige - Doarwarder (Ofl., Twee vliegen in één klap, 1974)
- Dat ik dit nog mag meemaken (Tf-rige) - ferskate rollen (Ofl. 8, 1976-1977)
- Ieder zijn deel (TF-rige) - Rinus, de post (1976)
- Vandaag of morgen (1976) - Rol ûnbekend
- The Late Late Lien Show (Tf) - Piet de Leadjitter (1979-1981)
- Cassata (Tf) - Ferkeaper Fopwinkel (Episoade 1.5, 1979)
- Zeg 'ns Aaa (Tf) - Menear van Santen, pasjint yn de wachtkeamer (1981)
- De reünie (Tf-rige) - Walrus Eddy (1980)
- Man alleen (Tf-rige) - Hein de Leeuw (1981)
- Te gek om los te lopen (1981) - Bistekeapman
- Sesamstraat Telefyzjerige - Piet (1976-1984)
- Op dood spoor (Telefyzjefilm, 1984) - Kooiman
- Schoppen Troef (Tf-rige) - Manus (1984)
- Dossier Verhulst (Tf-rige) - Jan Hoogland (1986)
- Familie Ouderijn (Tf-rige) - Pake Ouderijn (1987-1990)
- Rust roest (Tf-rige) - Jan Knars (Ofl. ûnbekend, 1989)
- Dücker en Oudenrijn (Tf-rige) - Pake Ouderijn (1991)
- Medisch Centrum West (Tf-rige) - Cor van Telgen (Ofl, Het Oordeel, De keuze, 1992)
- Coverstory (Tf-rige) - Buorman Henk (Episoade 2.5, 1995)